Springe nei ynhâld

Stasjon Schalkwijk

Ut Wikipedy
Stasjon Schalkwijk
station Schalkwijk
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Houten
plak Schalkwijk
adres Spoorlaan
arsjitektuer
stasjonskoade Skw
type Trochgongsstasjon
iepening 1 novimber 1868
sluting 15 maaie 1935
boujier 1867
sloopjier 1964
arsjitekt Karel Hendrik van Brederode
oare ynformaasje
spoarline Steatsline H
kaart
Stasjon Schalkwijk (Utert)
Stasjon Schalkwijk

Stasjon Schalkwijk (Skw) wie in stasjon oan de Steatsline H yn it doarp Schalkwijk yn de gemeente Houten yn de provinsje Utert. It stasjon wie in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type Houten en is ien fan de seis stasjons dy 't ea yn dy klasse boud waard.

It stasjonsgebou kaam yn 1867 ree, en waard op 1 novimber 1868 foar treinreizgers iepene doe't ek Steatsline H oanlein wie. Yn 1914 krige it middelste part der in ferdjipping by. It stasjon waard yn 1935 sletten en it stasjonsgebou waard yn 1964 ôfbrútsen. It stasjon hie in swiere fundearring. By de bou yn 1867 bliek dat it oanbrochte sânlichem oan it fersakjen wie. Dêrtroch koe gjin gebrûk makke wurde fan in sânfundearring lykas by stasjon Houten. Ut tekeningen yn It Utertsk Argyf blykt dat yn de grûn bôgen fan 3 meter heech mitsele binne. Dy bôgen stiene wer op houten peallen. It stasjon waard dêrtroch mei wat fertraging yn de planning oplevere, mar al op 'e tiid foar it yn tsjinst stellen fan de spoarline. Der is hjoed-de-dei hast neat mear fan it stasjon en stasjonsgebou werom te finen. It stasjon stie oan de Spoorlaan.

Der wiene twa ûngelokken by stasjon Schalkwijk. Op 25 maaie 1871 bedarre de flugge trein út Utert fanwegen in ferkearde wikselstân op in ferkeard spoar en ramde in lading mei fee en in loads. In meiwurker fan de spoarweimaatskippij kaam dêrby om it libben. Yn 1946 botste op 'e hichte fan it eardere stasjon in trein op de efterkant fan in frachttrein, wêrtroch't in wagon ferbrizele waard. By dat foarfal rekke net ien ferwûne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: