Springe nei ynhâld

Schalkwijk

Ut Wikipedy
Schalkwijk
Sint-Michaeltsjerke
Sint-Michaeltsjerke
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Houten
Sifers
Ynwennertal 2.080 (2021)[1]
Oar
Postkoade 3998
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 0′ 8" NB, 5° 13′ 22" EL
Lokaasje gemeente Houten
Lokaasje fan Schalkwijk yn de gemeente Houten

Schalkwijk is in doarp yn de gemeente Houten yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp leit in pear kilometer súdlik fan it plak Houten, dy't súdlik fan de stêd Utert leit. Fan 1812 oant 1962 wie Schalkwijk in selstannige gemeente doe't er opgie yn de gemeente Houten. It doarp hat 2.080 ynwenners (2021).

Om 1130 hinne ûntstie Schalkwijk doe't it lân dêre oanmakke waard ûnder de lieding fan de famylje Van Schalkwijk. Gebieten dy't oanmakke waarden wiene gebieten lykas Vuijlcop, Waalseveld, Bieshaar, Tetwijk, Goyerveld, Kanenbroek en Blokhoven. De famylje Van Schalkwijk wenne yn it kastiel Schalkwijk. Wêr dat kastiel stien hat, is net dúdlik. Yn 1304 waard dat kastiel Jan van Beusichem, hear fan Culemborg sloopt, nei't er Bertold van schalkwijk ferslein hei by de slach by de Lek. Letter waard der in twadde kastiel boud.

Om 1300 hinne waard kastiel Vuijlcop westlik fan Schalkwijk boud. Dy stins is it âldste hûs fan de gemeente Houten. Vuijlcop hearde doe lykwols ta de njonkenlizzende polder Schonauwen.

It gerjocht Schalkwijk waard yn 1330 útwreide mei it gerjocht Pothuizen.

By de reformaasje bleau Schalkwijk roomsk-katolyk. Doe't de frijheid fan religy weromkaam, waard der in grutte katolike tsjerke yn it doarp boud. De katolike eftergrûn draacht der oan by dat it doarp sûnt 1968 in warber karnavalslibben hat.

Tusken 1812 en 1962 wie Schalkwijk in selsstannige gemeente. Fan 1850 ôf hiene Schalkwijk en Tull en 't Waal deselde boargemaster. Fan 1943 ôf dielden dy twa gemeenten de boargemaster mei Houten, dêr't dy gemeenten op 1 jannewaris 1962 dan ek yn opgiene.

It doarp hat ek in eigen stasjon hân; it Stasjon Schalkwijk oan Steatsline H. Dat stasjon waard yn 1868 iepene en yn 1935 wer sletten. It stasjonsgebou waard yn 1964 sloopt.

Schalkwijk leit súdlik fan Houten yn in agrarysk poldergea. It doarp eit yn it saneamde "Eilân fan Schalkwijk" dy't omjûn wurdt troch de Lek, Amsterdam-Rynkanaal en it Lekkanaal. It doarp is in lintdoarp by de Schalkwijkse Wetering del. It spoar fan Utert nei De Bosk rint dwers troch it doarp hinne. Dêr leit ek de brink fan it doarp. De eastlike útein fan it doarp leit oan de Lek by buorskip De Heul, dêr't in fearpont wei nei Culemborg fart.

It doarp hat in herfoarme tsjerke en in roomsk-katolike tsjerke.

Sjonger André Hazes hat yn de 1970-er jierren it kafee fan Schalkwijk oan de 'Jonkheer Ramweg hierd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons Commons: Schalkwijk – foto, fideo en harktriemmen
Houten
Doarpen:
Houten't GoySchalkwijkTull en 't Waal
Buorskippen:
HonswijkOud-Wulven
· · Berjocht bewurkje