Springe nei ynhâld

Honswijk (Houten)

Ut Wikipedy
Buorskip Honswijk oan de Lekdyk

Honswijk is in buorskip dat ta de gemeente Houten yn de provinsje Utert. It leit oan de rivier de Lek foar Goilberdingen oer. Tichtby Honswijk leit Fort Honswijk dat ûnderdiel is fan de Nije Hollânske Wetterliny.

Tusken it jier 1150 en 1844 hie it doarp in tsjerke. Dy tsjerke stie sa ticht op de Lekdyk, dat by in dykferswierring yn de 15e iuw de tsjerketoer yn de dyk kaam te lizzen. By swier waar yn 1674 rekke de tsjerke slim skeind. Yn 1844 waarden de lêste stikken ôfbrutsen.

Oarspronklik stie Honswijk bekend ûnder de namme Tull. De namme kaam fan de fersterke pleats Tull dy't njonken de tsjerke stie. Nei ferwoastging fan it hûs Tull ferdwûn de namme. Yn 1393 waard de namme Honswijk foar it earst brûkt.

De komst fan Fort Honswijk en de byhearrende Kringewet betsjutte de ein fan Honswijk. Yn 2010 steane der noch twa húskes út it eardere doarpke. It fort wie yn de mobilisaasje yn de Earste Wrâldoarloch beset. De besetting liet letter in Reünistekrús Fort Honswijk 1914-1934 mei in ôfbyld fan it fort meitsje.

Houten
Doarpen:
Houten't GoySchalkwijkTull en 't Waal
Buorskippen:
HonswijkOud-Wulven
· · Berjocht bewurkje