Springe nei ynhâld

Tull en 't Waal

Ut Wikipedy
Tull en 't Waal
Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan Tull en 't Waal
Nederlânsk-herfoarme tsjerke fan Tull en 't Waal
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Houten
Sifers
Ynwennertal 670 (2021)[1]
Oar
Postkoade 3999
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 0′ 0" NB, 5° 8′ 0" EL
Lokaasje gemeente Houten
Lokaasje fan Tull en 't Waal yn de gemeente Houten

Tull en 't Waal is in lyts doarp yn de gemeente Houten yn de Nederlânske provinsje Utert. It doarp leit in pear kilometer súdlik fan it plak Houten, dy't súdlik fan de stêd Utert leit, en oan de Lek himelsbreed tusken Vreeswijk yn it westen en Schalkwijk yn it easten. Fan 1812 oant 1962 wie Tull en 't Waal in selstannige gemeente doe't er tegearre mei Schalkwijk opgie yn de gemeente Houten. It doarp hat 670 ynwenners (2021).

Tull en 't Waal leit op in streamrêch noardlik fan de Lek en ûntstie mooglik by it oanmeitsjen fan lân yn de tsiende en alfde iuw yn dy omkriten. De kavels op de streamrêch binne net regelmjittich en binne net allegear like lang. De Tullske en Waalske wjittering waarden doe groeven foar de ôfwettering. It doarp foarme tsjerklik en bestjoerlik ien hiel mei it eastlik lizzende Honswijk en it oan oare kant de Lek lizzende Gasperden, hjoed-de-dei Hagestein. De Utertske kapittels fan de Dom en Ald-Múnster hie in state yn eigendom dêre. It doarp bestie ynearsten út twa parten. 't Waal lei op it plak fan it hjoeddeistige doarp en Tull justjes súdlik. It doarp 't Waal, it karspel, grinzge yn it westen oan it gerjocht Vreeswijk en eastlik oan it lângoed Blasenburg. Tull hie in nôtmûne en fjouwer grutte pleatsen lei oan de wjerskanten fan de Uitweg en oan it kanaal Snel dat de grins mei Honswijk foarme. Nei in skeel tusken de greve fan Culemborg en de hear fan Asperen waard dy grins yn 1338 fêstlein, dêr't Honswijk by Culemborg en Tull en 't Waal by Asperen by hearren bleaune.

De famylje Fan Asperen bleau oant yn de fyftjinde iuw de besitter fan it gerjocht. Dêrnei wikselet it eigendom gauris fan eigener oant jonkhear Adriaan Ram, ambachtshear fan Schalkwijk, it hearlikheid yn de santjinde iuw kocht. Hy bleau lykwols katolyk yn de snuorje fan de reformaasje en de Steaten fan Utert joegen him fan alle funksjes yn 1651 dien en waard er foar tsien jier ferballe. Twongen troch skulden, liet de famylje it gerjocht Tull en 't Waal feile, dêr't de Utertske regint Gaspar Cornelis Schade de besitter by waard. Dy syn famylje hold it yn besit oant 1795. Yn 1812 waard it eardere gerjocht in gemeente.

Yn 1815 waard it fort Werk aan de Waalse Wetering as part fan de Nije Hollânske Wetterliny boud.

It doarp leit in pear kilometer súdlik fan it plak Houten en justjes noardlik fan de rivier de Lek en leit yn in poldergea. It doarp leit justjes eastlik fan de Rykswei 27. Oan oare kant de rykswei en it Lekkanaal leit Vreeswijk dat hjoed-de-dei in wyk fan Nieuwegein is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Commons Commons: Tull en 't Waal – foto, fideo en harktriemmen
Houten
Doarpen:
Houten't GoySchalkwijkTull en 't Waal
Buorskippen:
HonswijkOud-Wulven
· · Berjocht bewurkje