Springe nei ynhâld

Kaitlyn Dever

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 mrt 2022 om 00.47 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (+ filmografy)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kaitlyn Dever
akteur
Dever yn 2019 op South by Southwest.
Dever yn 2019 op South by Southwest.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kaitlyn Dever
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 desimber 1996
berteplak Phoenix (Arizona)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 2009 – no
offisjele webside
Kaitlyn Dever yn 'e IMDb

Kaitlyn Dever (útspr.: ['ke:tlɪn 'di:vəɹ], likernôch: "keetlin diivr"; Phoenix (Arizona), 21 desimber 1996) is in Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise, dy't benammen bekend wurden is mei har rollen yn 'e tillefyzjesearjes Justified, Last Man Standing en Unbelievable.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dever waard yn 1996 berne yn 'e stêd Phoenix, yn 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona as de dochter fan Tim Dever, in stimakteur, en dy syn frou Kathy. Har belangstelling foar de poadiumkeunsten begûn doe't se noch mar fiif jier wie, en har âldelju har ynskreaune oan in toanielskoalle. Njonken aktearjen die hja as bern ek oan turnjen, ballet en skeelerjen, mar dy leafhawwerijen joech hja meitiid op om har mear ta te lizzen op har aktearjen.

Kaitlyn Dever yn 2012, by de presintaasje fan 'e cast fan 'e komeedzjesearje Last Man Standing.

Dever ferhuze mei har âlden nei it Teksaanske Dallas, dêr't se in oplieding folge by de Dallas Young Actors Studio. Neitiid wurke se mei oan ferskate reklamespotsjes, foar't it gesin, besteande út Dever sels, har âlden en twa jongere suskes, úteinlik ferfear nei Los Angeles, yn Kalifornje.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Har earste rol fan namme hie Dever yn 'e tillefyzjefilm An American Girl: Chrissa Stands Strong, út 2009, dêr't se in narre dakleas famke yn spile. Oare films dêr't se lytse roltsjes yn hie, wiene û.m. Bad Teacher (2011), mei Cameron Diaz yn 'e haadrol, en it troch Clint Eastwood regisearre J. Edgar (2011), in biografyske film oer de direkteur fan 'e FBI J. Edgar Hoover. Yn 2013 wie Dever te sjen yn 'e romantyske jeugddramafilm The Spectacular Now, mei Miles Teller en Shailene Woodley yn 'e haadrollen. Dever spile dêryn de bêste freondinne fan it personaazje fan Woodley. Fierders aktearre Dever ek yn 'e swarte komeedzje Laggies (2014), mei as tsjinspilers û.o. Chloë Grace Moretz en Keira Knightley. Itselde jier fertolke se ien fan 'e haadrollen yn 'e film Men, Women & Children.

Kaitlyn Dever yn 2014 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Toronto.

Op 'e tillefyzje hie Dever û.o. gastrollen yn tillefyzjesearjes as Modern Family, Private Practice en The Mentalist. Fan 2011 oant 2015 fertolke se de weromkearende rol fan Loretta McCready yn 'e dramasearje Justified. Har oare grutte rol wie dy fan Eve Baxter, de jongste dochter fan 'e personaazjes fan Tim Allen en Nancy Travis yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Dy sette útein yn 2011, wêrnei't Dever seis seizoenen lang in fêste rol hie. Fan it sânde seizoen yn 2018 ôf gie Eve yn 'e searje út 'e hûs en hie Dever inkeld noch yn in weromkearende rol oant Last Man Standing yn 2021 stopset waard. Dever waard yn 2012 nominearre foar trije Young Artist Awards, foar har rollen yn Bad Teacher, Justified en Last Man Standing.

Yn 2018 hie Dever in lytse rol yn 'e politike dramafilm The Front Runner, dêr't se yn gearwurke mei Molly Ephraim, har "suster" út Last Man Standing. Datselde jiers wie se ek te sjen yn it biografysk drama Beautiful Boy, mei Timothée Chalamet. Begjin 2019 spile se yn 'e skrillerfilm Them That Follow, dy't foar it earst fertoand waard op it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films. Letter dat jier fertolke Dever mei Beanie Feldstein de haadrollen yn 'e jeugdkomeedzje Booksmart, ûnder rezjy fan Olivia Wilde, dy't yn premiêre gie op it filmfestival South by Southwest yn Austin (Teksas). Yn 2019 hie se ek ien fan 'e haadrollen yn Unbelievable, in minysearje fan Netflix. Foar dy rol waard se nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm en de BAFTA foar opkommende stjer. Yn 2020 wurke Dever mei oan it harkspuldrama When You Finish Saving the World. Yn 2021 waard se cast yn 'e titelrol fan 'e oankommende film Rosaline.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
2009 An American Girl: Chrissa Stands Strong    Gwen Thompson tillefyzjefilm
2009 Make It or Break It skattich famke gastrol; ôfl. Pilot
2009 Modern Family Bianca Douglas gastrol; ôfl. Fizbo
2010 Private Practice Paige gastrol; ôfl. Love Bites
2010 Party Down Escapade Dunfree gastrol; ôfl. Party Down Company Picnic
2011 Cinema Verite Michelle Loud tillefyzjefilm
2011 The Mentalist Trina gastrol; ôfl. Blood for Blood
2011 Curb Your Enthusiasm Kyra O'Donnell gastrol; ôfl. The Divorce
2011–2015 Justified Loretta McCready weromkearende rol; 17 ôfl.
2011–2021 Last Man Standing Eve Baxter fêste rol yn seizoen 1–6; weromkearende rol yn seizoen 7–9
2019 Unbelievable Marie Adler minysearje
2020 Home Movie: The Princess Bride Westley gastrol; ôfl. Battle of the Wits
2020 Coastal Elites Sharynn Tarrows tillefyzjefilm
2020 Monsterland Toni / Jennifer weromkearende rol; 3 ôfl.
2021 The Premise Abbi Miller gastrol; ôfl. The Ballad of Jesse Wheeler
2021 Dopesick Betsy Mallum minysearje
films
2011 Bad Teacher Sasha Abernathy
2011 J. Edgar dochter fan Palmer   
2013 The Spectacular Now Krystal
2013 Short Term 12 Jayden Cole
2014 Laggies Misty
2014 Men, Women & Children Brandy Beltmeyer
2017 All Summers End Grace Turner
2017 We Don't Belong Here Lily Green
2017 Detroit Karen Malloy
2017 Outside In Hildy Beasley
2018 The Front Runner Andrea Hart
2018 Beautiful Boy Lauren
2019 Them That Follow Dilly Picket
2019 Booksmart Amy Antsler
2021 Dear Evan Hansen Zoe Murphy
2022 Ticket to Paradise ?
202? Rosaline Rosaline
fideospultsjes
2016 Uncharted 4: A Thief's End Cassie Drake as stimaktrise; en motion capture
2021 Open Roads Tess Devine
fideoklips
2019 Graduation Decker nûmer fan Benny Blanco en Juice Wrld
2020 Raleigh harsels nûmer fan Beulahbelle; ek regisseur en produsint

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.