Nancy Travis
Nancy Travis | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Nancy Ann Travis | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 21 septimber 1961 | |
berteplak | New York (New York) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1980 – no | |
offisjele webside | ||
Nancy Travis yn 'e IMDb |
Nancy Travis (folút: Nancy Ann Travis; New York, 21 septimber 1961) is in Amerikaansk aktrise dy't op it wite doek benammen bekend wurden is mei har rollen yn 'e film Three Men and a Baby, yn it ferfolch dêrop, Three Men and a Little Lady. Op 'e tillefyzje is se bekend fan 'e komeedzjesearjes Becker en Last Man Standing.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Travis waard yn 1961 berne yn New York, as de dochter fan Gordon Travis, in ferkeapmeiwurker, en dy syn frou Theresa, in maatskiplik wurkster. Hja groeide lykwols op yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts, en letter yn Baltimore, yn Marylân. Se waard roomsk grutbrocht.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, sette Travis útein mei aktearjen. Har earste rol hie se yn it toanielstik It's Hard to Be a Jew, yn it American Jewish Theatre yn New York. Letter rjochte se mei oaren it toanielselskip Naked Angels op. Yn 1984 makke hja har debút op Broadway yn it stik I'm Not Rappaport. Fan 1985 ôf spile Travis ek yn in grut tal films, wêrûnder de komeedzje Three Men and a Baby (1987), mei Tom Selleck, Ted Danson en Steve Guttenberg, en it ferfolch dêrop, Three Men and a Little Lady (1990). Op it wite doek wie Travis fierders te sjen yn fillms as Air America (1990), Internal Affairs (1990), Greedy (1994), Fluke (1995) en it komeedzjedrama The Sisterhood of the Traveling Pants (2005).
Dêrnjonken wie Travis ek op 'e tillefyzje te sjen, mei gastrollen yn û.m. de dramasearje Desperate Housewives, de sikehûssearje Grey's Anatomy en de komeedzjesearje How I Met Your Mother. Yn 1986 spile se mei Omar Sharif yn 'e minysearje Harem. Yn 1999 hie se in haadrol yn 'e komeedzjesearje Work with Me, wêrfoar't se ek produsinte wie, mar fanwegen minne sjochsifers waard dy rige al nei fjouwer ôfleverings stopset. Yn 2002 fertolke Travis de haadrol fan perfester Joyce Reardon yn 'e minysearje Rose Red, nei in ferhaal fan horrorskriuwer Stephen King. Datselde jiers bemachtige hja in fêste rol yn 'e lêste beide seizoenen fan 'e komeedzjesearje Becker, as de tsjinspylster fan Ted Danson, wêrby't hja de oarspronklike froulike haadpersoan, spile troch Terry Farrell, ferfong. Fan 2007 oant 2009 hie Travis in fêste rol yn The Bill Engvall Show. Fierders hat se ek geregeldwei wurke as stimaktrise, bygelyks fan 1994 oant 1997 foar de Disney-tekenfilmsearje Duckman.
Yn 2011 krige se ien fan 'e haadrollen yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Dêryn spile se Vanessa Baxter, de wynsûpende, sosjaal knoffelige mem fan trije dochters, en de frou fan it personaazje fan Tim Allen. Travis waard ek cast as Emmeline Hattenbarger yn 'e sikehûssearje Heart of Dixie, mar doe't de opnamen dêrfoar net te kombinearjen blieken mei har ferplichtings oangeande Last Man Standing, ferliet se dy searje al nei twa ôfleverings. Nei seis seizoenen sette tillefyzjenetwurk ABC Last Man Standing yn 2017 stop, mar de rige waard yn it neijier fan 2018 troch Fox nij libben ynblaasd. Travis behold har haadrol oant de searje úteinlik yn 2021 foargoed ophold.
Yn 2017 en 2018 spile Travis in weromkearende rol yn 'e searje Mr. Mercedes. Yn 2018 en 2019 hie se in fêste rol yn 'e komeedzjesearje The Kominsky Method, fan tillefyzjeprodusint Chuck Lorre. Dêryn hie se Michael Douglas en Alan Arkin as tsjinspilers.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Travis troude yn 1994 mei Robert N. Fried, de eardere algemien direkteur fan filmstudio Savoy Pictures en oprjochter fan SpiritClips.com. Mei him hat hja twa soannen: Benjamin (1998) en Jeremy (2001). Yn 2007 spile Travis mei har soan Benjamin yn 'e koarte film Sally, dy't skreaun wie troch har man.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1985 | Malice in Wonderland | Ann | tillefyzjefilm |
1986 | Harem | Jessica Gray | minysearje |
1986 | Spenser: For Hire | Maggie Ellis | gastrol; ôfl. The Hopes and Fears |
1993 | Fallen Angels | Bette Allison | gastrol; ôfl. The Frightening Frammis |
1994–1997 | Duckman | Bernice Beverly Beatrice beppe |
as stimaktrise; fêste rollen; 67 ôfl. |
1995–1997 | Almost Perfect | Kim Cooper | fêste rol; 34 ôfl. |
1996 | The Real Adventures of Jonny Quest | Spencer | as stimaktrise; gastrol |
1998 | Superman: The Animated Series | Darci Mason | as stimaktrise; gastrol; 1 ôfl. |
1999 | Work with Me | Julie Better | fêste rol; 9 ôfl.; ek produsinte |
2000 | Running Mates | Jenny Pryce | tillefyzjefilm |
2002 | Rose Red | prof. Joyce Reardon | minysearje |
2002–2004 | Becker | Chris Connor | fêste rol; 39 ôfl. |
2007–2009 | The Bill Engvall Show | Susan Pearson | fêste rol; 30 ôfl. |
2007 | The Party Never Stops: Diary of a Binge Drinker | April Brenner | tillefyzjefilm |
2008 | Medium | Laura Swenson | gastrol; ôfl. Do You Hear What I Hear? |
2009 | Numb3rs | dr. Jane Karellen | gastrol; ôfl. First Law |
2009 | Safe Harbor | Robbie | tillefyzjefilm |
2010 | The Pregnancy Pact | Lorraine Dougan | tillefyzjefilm |
2010 | A Walk In My Shoes | Cindy / Trish | tillefyzjefilm |
2010 | Desperate Housewives | dr. Mary Wagner | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2011 | Grey's Anatomy | Alison | gastrol; ôfl. Not Responsible |
2011 | How I Met Your Mother | Cheryl Whittaker | gastrol; ôfl. Legendaddy |
2011 | Hart of Dixie | Emmeline "Mrs. H" Hattenbarger | fêste rol; 2 ôfl.; ôfsein omreden fan oare ferplichtings |
2011–2021 | Last Man Standing | Vanessa Baxter | fêste rol; 194 ôfl. |
2017–2018 | Mr. Mercedes | Donna Hodges | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2018 | The Ranch | Karen | gastrol; ôfl. Telling Me Lies |
2018–2019 | The Kominsky Method | Lisa | fêste rol; 16 ôfl. |
films | |||
1987 | Three Men and a Baby | Sylvia Bennington | |
1988 | Married to the Mob | Karen Lutnick | |
1988 | Eight Men Out | Lyria Williams | |
1988 | I'll Be Home for Christmas | Leah Bundy | |
1989 | How Much Is Really True? | ? | koarte film |
1990 | Loose Cannons | Riva | |
1990 | Internal Affairs | Kathy Avilla | |
1990 | Air America | Corinne Landreaux | |
1990 | Three Men and a Little Lady | Sylvia Bennington | |
1992 | Passed Away | Cassie Slocombe | |
1992 | Chaplin | Joan Barry | |
1993 | The Vanishing | Rita Baker | |
1993 | So I Married an Axe Murderer | Harriet Michaels | |
1994 | Greedy | Robin | |
1995 | Fluke | Carol Johnson | |
1995 | Lieberman in Love | Kate | koarte film |
1995 | Destiny Turns on the Radio | Lucille | |
1995 | Body Language | T.J. Harlow | |
1996 | Bogus | Lorraine Franklin | |
1999 | My Last Love | Susan Morton | ek filmprodusinte |
2000 | Beyond Suspicion | Carol | |
2005 | The Sisterhood of the Traveling Pants | Lydia Rodman | |
2007 | The Jane Austen Book Club | Cat Harris | |
2007 | Sally | Sally | koarte film |
2014 | Squatters | Carol | |
2014 | Dissonance | Bobbi | koarte film |
2015 | The Submarine Kid | frou Koll | |
2017 | Bernard and Huey | Mona | |
2018 | Married Young | Rachel |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|