Kaitlyn Dever
| Kaitlyn Dever | ||
| Kaitlyn Dever yn 2026 op it Sundance Filmfestival. | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Kaitlyn Dever | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 21 desimber 1996 | |
| berteplak | Phoenix (Arizona) | |
| etnisiteit | ||
| jierren aktyf | 2009 – no | |
| offisjele webside | ||
| Kaitlyn Dever yn 'e IMDb | ||
Kaitlyn Dever (útspr.: ['ke:tlɪn 'di:vəɹ], likernôch: "keetlin diivr"; Phoenix (Arizona), 21 desimber 1996) is in Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise, dy't benammen bekend wurden is mei har rollen yn 'e tillefyzjesearjes Justified, Last Man Standing en Unbelievable.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dever waard yn 1996 berne yn 'e stêd Phoenix, yn 'e súdwestlike Amerikaanske steat Arizona as de dochter fan Tim Dever, in stimakteur, en dy syn frou Kathy. Har belangstelling foar de poadiumkeunsten begûn doe't se noch mar fiif jier wie, en har âldelju har ynskreaune oan in toanielskoalle. Njonken aktearjen die hja as bern ek oan turnjen, ballet en skeelerjen, mar dy leafhawwerijen joech hja meitiid op om har mear ta te lizzen op har aktearjen.

Dever ferhuze mei har âlden nei it Teksaanske Dallas, dêr't se in oplieding folge by de Dallas Young Actors Studio. Neitiid wurke se mei oan ferskate reklamespotsjes, foar't it gesin, besteande út Dever sels, har âlden en twa jongere suskes, úteinlik ferfear nei Los Angeles, yn Kalifornje.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Har earste rol fan namme hie Dever yn 'e tillefyzjefilm An American Girl: Chrissa Stands Strong, út 2009, dêr't se in narre dakleas famke yn spile. Oare films dêr't se lytse roltsjes yn hie, wiene û.m. Bad Teacher (2011), mei Cameron Diaz yn 'e haadrol, en it troch Clint Eastwood regisearre J. Edgar (2011), in biografyske film oer de direkteur fan 'e FBI J. Edgar Hoover. Yn 2013 wie Dever te sjen yn 'e romantyske jeugddramafilm The Spectacular Now, mei Miles Teller en Shailene Woodley yn 'e haadrollen. Dever spile dêryn de bêste freondinne fan it personaazje fan Woodley. Fierders aktearre Dever ek yn 'e swarte komeedzje Laggies (2014), mei as tsjinspilers û.o. Chloë Grace Moretz en Keira Knightley. Itselde jier fertolke se ien fan 'e haadrollen yn 'e film Men, Women & Children.

Op 'e tillefyzje hie Dever û.o. gastrollen yn tillefyzjesearjes as Modern Family, Private Practice en The Mentalist. Fan 2011 oant 2015 fertolke se de weromkearende rol fan Loretta McCready yn 'e dramasearje Justified. Har oare grutte rol wie dy fan Eve Baxter, de jongste dochter fan 'e personaazjes fan Tim Allen en Nancy Travis yn 'e komeedzjesearje Last Man Standing. Dy sette útein yn 2011, wêrnei't Dever seis seizoenen lang in fêste rol hie. Fan it sânde seizoen yn 2018 ôf gie Eve yn 'e searje út 'e hûs en hie Dever inkeld noch yn in weromkearende rol oant Last Man Standing yn 2021 stopset waard. Dever waard yn 2012 nominearre foar trije Young Artist Awards, foar har rollen yn Bad Teacher, Justified en Last Man Standing.
Yn 2018 hie Dever in lytse rol yn 'e politike dramafilm The Front Runner, dêr't se yn gearwurke mei Molly Ephraim, har "suster" út Last Man Standing. Datselde jiers wie se ek te sjen yn it biografysk drama Beautiful Boy, mei Timothée Chalamet. Begjin 2019 spile se yn 'e skrillerfilm Them That Follow, dy't foar it earst fertoand waard op it Sundance Filmfestival foar ûnôfhinklike films. Letter dat jier fertolke Dever mei Beanie Feldstein de haadrollen yn 'e jeugdkomeedzje Booksmart, ûnder rezjy fan Olivia Wilde, dy't yn premiêre gie op it filmfestival South by Southwest yn Austin (Teksas). Yn 2019 hie se ek ien fan 'e haadrollen yn Unbelievable, in minysearje fan Netflix. Foar dy rol waard se nominearre foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in minysearje of tillefyzjefilm en de BAFTA foar opkommende stjer. Yn 2020 wurke Dever mei oan it harkspuldrama When You Finish Saving the World.
Dever spile yn 2021 de rol fan Betsy Mallum yn 'e minysearje Dopesick, dêr't se in Emmy-nominaasje foar krige. Yn 2022 wie se te sjen yn 'e titelrol yn 'e film Rosaline, oer in personaazje dat inkeld neamd wurdt yn it toanielstik Romeo en Julia fan William Shakespeare, as in jonge frou mei wa't Romeo earder ferkearing hân hat. Datselde jiers spile Dever ek de wichtichste byrol yn 'e romantyske komeedzje Ticket to Paradise, mei George Clooney en Julia Roberts. Yn 2023 wie se te sjen yn 'e science fiction-skriller No One Will Save You, dêr't suver gjin dialooch yn sit. Dever waard troch de filmkritisy priizge foar har fermogen om hast allinnich mei gesichtsútdrukkings en lichemstaal it ferhaal oer te bringen. Yn 2025 fertolke Dever de rol fan 'e Australyske oplichtster Belle Gibson yn 'e biografyske minysearje Apple Cider Vinegar. Dat jiers krige se ek in weromkearende rol yn it twadde seizoen fan 'e post-apokalyptyske dramasearje The Last of Us, dy't yn it trêde seizoen omset waard yn in fêste rol.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Filmografy as aktrise | |||
| jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
|---|---|---|---|
| tillefyzje | |||
| 2009 | An American Girl: Chrissa Stands Strong | Gwen Thompson | tillefyzjefilm |
| 2009 | Make It or Break It | skattich famke | gastrol; ôfl. Pilot |
| 2009 | Modern Family | Bianca Douglas | gastrol; ôfl. Fizbo |
| 2010 | Private Practice | Paige | gastrol; ôfl. Love Bites |
| 2010 | Party Down | Escapade Dunfree | gastrol; ôfl. Party Down Company Picnic |
| 2011 | Cinema Verite | Michelle Loud | tillefyzjefilm |
| 2011 | The Mentalist | Trina | gastrol; ôfl. Blood for Blood |
| 2011 | Curb Your Enthusiasm | Kyra O'Donnell | gastrol; ôfl. The Divorce |
| 2011–2015 | Justified | Loretta McCready | weromkearende rol; 17 ôfl. |
| 2011–2021 | Last Man Standing | Eve Baxter | fêste rol yn seizoen 1–6; weromkearende rol yn seizoen 7–9 |
| 2019 | Unbelievable | Marie Adler | minysearje |
| 2020 | Home Movie: The Princess Bride | Westley | gastrol; ôfl. Battle of the Wits |
| 2020 | Coastal Elites | Sharynn Tarrows | tillefyzjefilm |
| 2020 | Monsterland | Toni / Jennifer | weromkearende rol; 3 ôfl. |
| 2021 | The Premise | Abbi Miller | gastrol; ôfl. The Ballad of Jesse Wheeler |
| 2021 | Dopesick | Betsy Mallum | minysearje |
| 2025 | Apple Cider Vinegar | Belle Gibson | minysearje; ek útfierend produsinte |
| 2025–no | The Last of Us | Abby | searje; weromkearende rol yn seizoen 2, fêste rol yn seizoen 3 |
| films | |||
| 2011 | Bad Teacher | Sasha Abernathy | |
| 2011 | J. Edgar | dochter fan Palmer | |
| 2013 | The Spectacular Now | Krystal | |
| 2013 | Short Term 12 | Jayden Cole | |
| 2014 | Laggies | Misty | |
| 2014 | Men, Women & Children | Brandy Beltmeyer | |
| 2017 | All Summers End | Grace Turner | |
| 2017 | We Don't Belong Here | Lily Green | |
| 2017 | Detroit | Karen Malloy | |
| 2017 | Outside In | Hildy Beasley | |
| 2018 | The Front Runner | Andrea Hart | |
| 2018 | Beautiful Boy | Lauren | |
| 2019 | Them That Follow | Dilly Picket | |
| 2019 | Booksmart | Amy Antsler | |
| 2021 | Dear Evan Hansen | Zoe Murphy | |
| 2022 | Ticket to Paradise | Lily Cotton | |
| 2022 | Rosaline | Rosaline | ek útfierend produsinte |
| 2023 | Next Goal Wins | Nicole Megaloudis | cameo |
| 2023 | No One Will Save You | Brynn Adams | ek útfierend produsinte |
| 2023 | Good Grief | Lily Kayne | cameo |
| 2025 | A House of Dynamite | Caroline Baker | cameo |
| 2026 | See You When I See You | Leah Whistler | |
| 2027 | Godzilla x Kong: Supernova | <noch net bekend> | |
| fideospultsjes | |||
| 2016 | Uncharted 4: A Thief's End | Cassie Drake | as stimaktrise; en motion capture |
| 2021 | Open Roads | Tess Devine | |
| fideoklips | |||
| 2019 | Graduation | Decker | nûmer fan Benny Blanco en Juice Wrld |
| 2020 | Raleigh | harsels | nûmer fan Beulahbelle; ek regisseur en produsint |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
