Springe nei ynhâld

Súdhorn (gemeente)

Ut Wikipedy
Gemeente Súdhorn
Flagge fan de gemeente Súdhorn        Wapen fan de gemeente Súdhorn
(Flagge fan Súdhorn) (Wapen fan Súdhorn)
Lokaasje fan de gemeente Súdhorn
Provinsje Grinslân
Boargemaster B. Fennema
Haadplak Súdhorn
Oerflak
- wetter
128,37 km²
-  2,75 km²
Ynwenners 18.374 (2008)
Ferkearsieren N355
Netnûmer 050, 0594
Postkoades 9800-9809, 9830-9849,
9880-9889
Offisjeel webstee www.zuidhorn.nl
Herfoarme tsjerke Súdhorn

De gemeente Súdhorn (Zuidhorn) wie in gemeente yn it westen fan Grinslân. Sûnt 1 jannewaris 2019 makket de eardere gemeente Súdhorn tegearre mei de eardere gemeenten Gruttegast, De Like en Mearum diel út fan de gemeente Westerkertier. It gemeentehûs fan de gemeente Westerkertier stiet yn Súdhorn.

Algemien

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1990 troch it gearfoegjen fan fjouwer gemeenten, nammentlik: Adewert, Gryptsjerk, Oldehove en Súdhorn.

De gemeente bestie út 15 doarpen: Adewert, Briltil, Den Ham, Den Horn, Fiskflyt, Gryptsjerk, Kommersyl, Lauwerssyl, Niehove, Niesyl, Noardhorn, Oldehove, Pietersyl, Saaksum en Súdhorn.

Plakken

Namme Ynwenners[1]
Aduard 2.360
Briltil 442
Den Ham 263
Den Horn 425
Gryptsjerk 2.809
Kommersyl 592
Lauwerssyl 224
Niehove 294
Niezijl 475
Noardhorn 1.584
Oldehove 1.648
Pietersyl 224
Saaksum 107
Fiskflyt 367
Súdhorn 6.559

Buorskippen

Aalsum, Balmahuzen, Barnwert, De Kampen, De Poffert, Djipswâl, Electra, Englum, Frânsum, Frytum, Gaaikemadyk, Gaaikemawear, Gearkeuken, Heerebuorren, 't Hoekje, Hegemieden, Ikum, Kenwert, Kievitsburen, Korhorn, Legemieden, Lammerbuorren, Nijklap, Noarderbuorren, Noardhornerga, Noardhornertolhikke, Okswert, Pama, Rûgewaard, Rûgesân, Selwert, Spanjertssdyk, Steentil en Wierumerskou (gedieltlik).

Iepenbier ferfier

De gemeente Súdhorn leit sûnt 1866 oan it spoar Grins-Ljouwert, en hat in stasjon. Buslinen yn de gemeente binne:

  • line 11: Grins-Grins Zernike-Súdhorn
  • line 30: Súdhorn-Noardhorn-Nijsyl-Gryptsjerk-Fiskflyt-Boerum-Muntsjesyl
  • line 32: Súdhorn-Noardhorn-Niezijl-Kommersyl-Muntsjesyl-Kollum
  • line 35: Grins-Aduard-Den Ham-Oldehove-Winsum
  • line 39: Grins-Súdhorn-Gruttegast-Sebaldebuorren
  • line 637: Grins-Súdhorn-Noardhorn-Nijsyl-Gryptsjerk-Kommersyl-Muntsjesyl (skoalbernline)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynwenners per 1 jannewaris 2008. (boarne: gemeente Zuidhorn)