Springe nei ynhâld

Buismans Einekoai Piaam en Dyksfearten

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 okt 2020 om 11.45 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Buismans Einekoai Piaam en Dyksfearten
Einekoai Piaam
Einekoai Piaam
lokaasje
neiste plak Piaam
oare ynformaasje
oerflak 18 ha
stifting 1963
behear It Fryske Gea
webside It Fryske Gea
Dyksfeart Piaam

Buismans Einekoai en stikjes fan de Dyksfeart binne natoergebieten oan de Iselmar by Piaam. Se wurde beheard troch It Fryske Gea. De stikken feart lizze by Piaam, Sotterum, Gaast en Doniabuorren. Ek de Lytse Feart en de Lange Fliet hearre ta de natoerstripen.

De natoergebieten mei in oerflak fan 18 hektare binne wichtich as ekologyske ferbiningssônes. erreineis de einekoai fan Piaam. De stikjes Dyksfeart binne fan de Iselmardyk of te sjen, de einekoai kin op oanfraach besjoen wurde. Benammen wylde ein en merkel sitte yn de reidkragen. Yn it ferline binne troch dongjen in soad planten ferdwûn. De einekoai leit middenyn de lannen en kaam yn 1963 oan It Fryske Gea, as legaat fan Hein Buisman. Foar de ôfsluting fan de Sudersee waarden yn de koai in soad fûgels fong. Hoewol’t der gjin einen mear fongen wurde, wurdt de koai noch fangree hâlden om it Rjocht fan Ofpealling te hâlden, dy regeling garandearret de rêst yn it gebiet deromhinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
It Fryske Gea

Aeltsje- en WarkumermarDe Alde FeanenBancopolderBekhofskânsDe BjirmenBlauhúster PuollenBocht fan MolkwarBotmarBuismans EinekoaiIt BûtenfjildVan CoehoornboskDellebuorsterheideIt DiakonyfeanDyksfeartenDobben HurdegarypsterwarrenDunegeasterpolderEanjumer KolkenEasterskarEinekoaien Lytse GeastDe FluezenFollegeasterpolderGrikelân en TurkijeGrutte WielenHeanmarHeide HulstreedDe HonHopHuitebuersterbûtenpolderYchtenerfeanpolderJoadetsjerkhôf NoardwâldeJoadsk Begraafplak TeakesylJongemastateKapellepôleKetelermarKetliker SkarKoarnwerterpolderKobbelânLindeboskLindefalleiLiphústerheideMakkumersúdmarpolderMakkumerwaardenMandefjild BakkefeanMartenastateMeulereed en MeuleboskMokkebankMûntsebuorsterpolderNoard-Fryslân Bûtendyks't OerdPark Huzinge OlterterpPark MartenastatePeazemerlannenPetgatten De FeanhoopRingwielRengerspôleDe RypRysterboskSyp SetSkiedingsboskjeSkieppedobbeSlachteSodumermarSteile BankStokersdobbeSudermarpolderTaconisboskTeroelster SipenTsjongerwâlenUnlân fan JelsmaWarkumerwaard't WestWikelerboskWilhelmina-oard