De Feniks en de Toartel
De Feniks en de Toartel | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Phoenix and the Turtle | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | allegoarysk gedicht | |
skreaun | 1590-er jierren | |
1e publikaasje | 1601, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
publikaasje | 1976, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
De Feniks en de Toartel, yn it oarspronklike Ingelsk: The Phoenix and the Turtle (fan turtledove, "toarteldo", net it reptyl de turtle, "skylpodde"), is in allegoarysk gedicht oer de dea fan 'e ideälisearre leafde, fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It wurdt algemien beskôge as ien fan syn meast obskuere wurken en is op ferskillende manearen ynterpretearre. De titel is tradisjoneel, mar net orizjineel: it gedicht waard publisearre sûnder titel. It waard foar it earst útjûn yn 1601, as in soarte fan epilooch ta it lange gedicht Love's Martyr ("Martelder fan 'e Leafde"), fan Robert Chester. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.
Ynhâld en ynterpretaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gedicht beskriuwt de begraffenis dy't beävensearre wurdt foar de ferstoarne feniks en toartel (dy lêste fûgel is it tradisjonele symboal foar tawijde leafde). Guon fûgels wurde útnûge, mar oaren wurde bûtensletten. Neffens it gedicht skoep de leafde fan 'e beide stoarne fûgels in folsleine ienheid dy't alle logika en rede te boppe gie. It beslút mei in gebed foar de deade minners.
Dizze allegory op it perfekte houlik wurdt wol beskôge as in oade oan 'e Welske steatsman sir John Salusbury en dy syn frou Ursula Stanley, mar inkeld om't Robert Chester syn Love's Martyr oan harren opdroech. Oare ynterpretaasjes wolle hawwe dat De Feniks en de Toartel oer keninginne Elizabeth I giet, of oer har en har minner Robert Devereux, de greve fan Esseks, of oer har erfgenamt Jakobus VI fan Skotlân (de lettere Jakobus I fan Ingelân). Wer in oare útlis, dy't ferbân hâldt mei de bewearing dat Shakespeare sympatisearre mei de Roomsk-Katolike Tsjerke, is dat it eins in temûk lofliet op it (doedestiden yn Ingelân ferbeane) roomske leauwe wie.
Tekst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Feniks en de Toartel
Let the bird of loudest lay, But thou, shriking harbinger, From this session interdict Let the priest in surplice white, And thou, treble-dated crow, Here the anthem doth commence: |
So they lov'd, as love in twain Hearts remote, yet not asunder; So between them love did shine, Property was thus appall'd, Reason, in itself confounded, That it cried how true a twain |
Whereupon it made this threne THRENOS. Beauty, truth, and rarity. Death is now the phoenix' nest; Leaving no posterity:— Truth may seem, but cannot be: To this urn let those repair
|
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Phoenix and the Turtle waard yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan 'e oare Shakespeariaanske poëzij en fan guon Shakespeariaanske trageedzjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |