Shazam! (film)

Ut Wikipedy
Shazam!
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur David F. Sandberg
produsint Peter Safran
útfierend
   produsint
Dwayne Johnson
senario Henry Gayden
basearre op it stripfiguer fan DC Comics
kamerarezjy Maxime Alexandre
muzyk Benjamin Wallfisch
filmstudio New Line Cinema
DC Films
The Safran Company
Seven Bucks Productions
distribúsje Warner Bros.
spilers
haadrollen Asher Angel
Zachary Levi
Mark Strong
byrollen Jack Dylan Grazer
Faithe Herman
Grace Fulton
Marta Milans
Cooper Andrews
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 28 maart 2019
foarm langspylfilm
sjenre superheldekomeedzjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 132 minuten
budget en resultaten
budget $100 miljoen
opbringst $366,1 miljoen
filmsearje
filmsearje DC Extended Universe
● foarich diel Aquaman
● folgjend diel Birds of Prey (and the
   Fantabulous Emancipation
   of One Harley Quinn)

Shazam! (útspr.: [ʃəˈæːm], likernôch: "sjuh-zêm") is in Amerikaanske superheldekomeedzjefilm út 2019 ûnder rezjy fan David F. Sandberg, mei yn 'e haadrollen Asher Angel, Zachary Levi en Mark Strong. It ferhaal giet oer de teenager Billy Batson, dy't troch de oerâlde tsjoender Shazam útkard wurdt om syn nije foarfjochter te wurden yn 'e striid tsjin 'e krêften fan it kwea, spesifyk de demoanen dy't de Sân Haadsûnden fertsjintwurdigje. Tenei kin Billy himsels feroarje yn in folwoeksen superheld troch de namme "Shazam!" út te roppen. Shazam! makket diel út fan 'e filmsearje fan it DC Extended Universe. It folget as sadanich op Aquaman en giet foarôf oan Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn). De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De ferhaalline út Shazam! gie fierder yn 'e spin-off-film Black Adam (2022) en de ferfolchfilm Shazam! Fury of the Gods (2023).

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1974 wurdt de tsienjierrige Thaddeus Sivana, wylst er op it plattelân fan noardlik New York mei syn heit en âldere broer Sid by nacht en glêde diken yn 'e auto ûnderweis is nei syn pake en beppe, hommels transportearre nei de Rots der Ivichheid, in mystike timpel yn in oare diminsje. Dêr is de oerâlde tsjoender Shazam al iuwenlang op 'e siik nei immen dy't "suver fan hert" is om syn nije foarfjochter te wurden, oan wa't er foar syn dea syn boppenatuerlike krêften oerdrage kin. In eardere foarfjochter hat de demoanen dy't de Sân Haadsûnden fertsjintwurdigje (heechmoed, ynklauwerigens, gleiens, oergeunstigens, roppigens, grime en loaiens), loslitten op 'e Ierde, en dy binne inkeld mei de grutste muoite lytsman makke troch Shazam en syn al earder ferstoarne bruorren en susters fan 'e Ried fan Tsjoenders. Trochdat it libben fan Shazam op 'e ein rint en syn krêften swakker wurde, driigje de Sân Haadsûnden fannijs los te brekken.

De jonge Thaddeus moat in test ûndergean om himsels weardich te bewizen foar it foarfjochterskip, mar de jonge lit him yn ferlieding bringe troch de Haadsûnden, dy't him ûnbeheinde macht ûnthjitte as er harren befrijt. De tsjoender beslút dêrom dat Thaddeus ûnweardich is en stjoert him mei magy werom nei syn heite auto. Dêr komt er oan op itselde stuit dat er ferdwûn is, sadat it liket as hat er nea fuort west. Yn syn betizing en frustraasje liedt Thaddeus syn heit op in krúsjaal momint ôf fan it ferkear, wêrmei't er in ferkearsûngemak feroarsaket. Syn heit, dy't it dochs al net op him stean hie, rekket dêrby fan 'e mul ôf ferlamme en kriget in noch gruttere hekel oan it jonkje. Itselde jildt foar Sid. Mar de Haadsûnden stjoere Thaddeus in berjocht om harren te finen fia syn Magic 8 Ball, in stik boartersguod.

Yn 'e hjoeddeistige tiid groeit de fjirtjinjierrige Billy Batson yn Philadelphia yn it wyld op nei't er tsien jier earder yn it gedrang op in merke syn mem kwytrekke is. Hja is nea weromfûn, mar Billy wegeret de moed op te jaan. Hoewol't er yn it iene nei it oare pleechgesin pleatst wurdt, is er al 23 kear fuortrûn om syn syktocht nei syn biologyske mem fuort te setten. Nei't in safolste besykjen op in teloarstelling útdraaid is, wurdt er yn 'e húshâlding pleatst fan Victor en Rosa Vásquez, dy't sels ek as pleechbern grutbrocht binne. Hja hawwe al fjouwer oare pleechbern: de boekige blanke Mary fan 16 jier, de noartske Latino Pedro fan 15, de blanke superheldefan Freddy fan 14, de Aziatyske kompjûternerd Eugene fan 9 en de praatske swarte Darla fan 6. Billy nimt it allegear foar kennisjouwing oan, mei't er fan doel is sa gau mooglik wer út te naaien.

Underwilens hat de no 55-jierrige Thaddeus Sivana syn libben wijd oan syn syktocht om 'e Rots der Ivichheid wer te berikken. Hy is opgroeid ta in ferbittere man, sawol om't er troch Shazam ûnweardich befûn waard as fanwegen de folslein fersykte relaasje mei syn heit en âldere broer. Lang om let wit er in poarte nei de Rots der Ivichheid te iepenjen, dêr't er de ferswakte Shazam oermasteret en de Haadsûnden befrijt. Hy wurdt harren drager as de bol dêr't se mei ferbûn binne, it "Each", him yn it plak fan ien fan syn eigen eagen yn 'e holle plante wurdt. Werom op 'e Ierde brûkt Sivana syn nij wûne boppenatuerlike krêften om wraak op syn heit en Sid te nimmen troch in gearkomste fan 'e ried fan bestjoer fan syn heite bedriuw Sivana Industries binnen te gean en alle oanwêzigen oan 'e Haadsûnden op te fuorjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op 'e earste dei dat Billy mei syn nije pleechbruorren en -susters nei skoalle giet, wurdt Freddy bûtendoar narre en mishannele troch in pear klasgenoaten fan him en Billy, de bruorren Brett en Burke Breyer. Tsjin betterwitten yn ferdigenet Billy syn nije pleechbroer, wêrnei't Brett en Burke efter him oan geane. Hy ûntkomt troch de metro te nimmen, en wylst er ûnderweis is nei it folgjende metrostasjon wurdt er, krekt lykas Thaddeus Sivana en oaren foar him, op magyske wize transportearre nei de Rots der Ivichheid. Dêr oankommen wurdt him troch de stjerrende Shazam oansein dat Billy syn nije foarfjochter is. Hy hjit Billy syn toverstêf fêst te pakken, wêrnei't er him bejeftiget mei "de wiisheid fan Salomo, de krêft fan Hearakles, it úthâldingsfermogen fan Atlas, de macht fan Seus, de moed fan Achilles en de faasje fan Hermes". Troch de namme "Shazam!" út te roppen, kin Billy himsels fan no ôf oan transformearje ta in folwoeksen superheld. Dêrnei stjert de tsjoender en lit inkeld syn toverstêf efter. Billy yn syn nije foarm as superheld wurdt weromtransportearre nei de metro, dêr't de oare passazjiers de gek hawwe mei syn reade pak mei mullange wite cape.

Billy wit frijwol neat oer syn nije krêften en kin himsels net weromferoarje yn syn fjirtjinjierrige sels. Hy makket temûk kontakt mei Freddy en freget him om help. Nei't er Freddy derfan oertsjûge hat dat er echt Billy is, fynt dy it geweldich om in echte superheld te moetsjen. Tegearre fiere se in rige eksperiminten út om te ûntdekken hokker superkrêften Billy no oer beskikt. It docht bliken dat er elektrisiteit manipulearje en wjerljochtslaggen smite kin, en dat er boppenatuerlike sterk en fluch is, en dat er frijwol ûnkwetsber is foar alles, kûgels en fjoer ynbegrepen. Neitiid glûpe se it hûs fan Victor en Rosa binnen, dêr't se trappearre wurde troch de lytse Darla. Se binne sadwaande twongen om it famke yn fertrouwen te nimmen, mar drukke har op it hert dat se hjir nimmen eat oer fertelle moat, om't "goede susters harren bruorren net ferriede". Aldergeloks ûntdekt Billy dat er himsels weromferoarje kin troch op 'e nij "Shazam!" te sizzen foar't syn superhelde-alter ego sjoen wurdt troch Victor of Rosa.

De dagen dêrnei geane Billy en Freddy troch mei harren eksperiminten, dy't Freddy mei syn mobile tillefoan opnimt om 'e fideo's op it ynternet te uploaden, dêr't se viral geane. De ynwenners fan Philadelphia binne der bot mei ynnommen dat harren stêd no in eigen superheld hat. Op in stuit beseft Billy dat er him as folwoeksene net mear hoecht te hâlden oan 'e regels wêroan't er as minderjierrige bûn is. Dat, hy begjint te skoaltsjeskûljen, keapet bier en besiket in stripklub. Ek tsjocht er ûnder skoaltiid de stêd yn om yn ruil foar jild op te treden en mei frjemden foar foto's te posearjen. Dat soarget foar ferwidering yn syn begjinnende freonskip mei Freddy, dy't him noch wol oan alle regels hâlde moat en dy't boppedat jaloersk op Billy is. Troch syn pronksucht elektrokutearret Billy op in stuit by fersin in bus fan it iepenbier ferfier, dy't dêrtroch ûnbestjoerber wurdt. Fan gefolgen stoart de bus, dy't fol passazjiers sit, fan in fiadukt ôf. Billy wit him op te fangen en it libben fan alle ynsittenden te rêden, dêr't er bot optein oer is, mar Freddy wiist him der fyntsjes op dat er it ûngemak sels feroarsake hat.

Underwilens hawwe de Haadsûnden oan Sivana ferteld dat de tsjoender Shazam einlings en te'n lêsten in nije foarfjochter fûn hat. Se fiterje him oan om dyselde te ferneatigjen ear't er it folle potinsjeel fan syn nije krêften beseft. Dêrom spoart Sivana Billy op, dy't op dat stuit syn superheldefoarm hat, en easket dat dy syn krêften oan him ôfstiet. Ien en oar liedt ta slaanderij tusken de beide boppenatuerlik bejeftige mannen. Dêrby wurdt Sivana Billy oermânsk om't er syn nije krêften noch mar amper behearsket. Pas as er út alle macht foar Sivana besiket út te naaien, ûntdekt Billy dat er ek fleane kin. Mar dat blykt Sivana ek te kinnen. Uteinlik ûntkomt Billy troch himsels werom te feroarjen yn in fjirtjinjierrige jonge en mei de rest fan 'e yn panyk rekke omstanners fuort te flechtsjen.

As Billy letter thúskomt, hat Pedro syn notysjeboek fûn (dat er earder yn 'e foddekoer smiten hie) mei alle Batsons deryn dy't mooglik syn mem wêze koene. Eugene hat dêrop in database fan it Amerikaanske regear hackt en Billy syn biologyske mem foar him opspoard. Hja hjit Marilyn en Billy koe har al dy jierren net fine om't se nei de skieding fan Billy syn heit har famkesnamme wer begûn is te brûken. Se blykt mar inkele stedsblokken fierderop te wenjen. Billy set fuortendaliks ôf, mar as er by Marilyn oan 'e doar komt, docht bliken dat sy him as lyts jonkje mei opsetsin op 'e merke efterlitten hat, om't syn opfieding har as santjinjierrige allinnichsteande mem tefolle waard. Ek no noch is der gjin romte foar him yn har libben. It is in ûntdekking dy't Billy syn hert brekt, mar hy hâldt him grut en jout him mei ophefte holle wer ôf nei wat er no syn "wiere famylje" neamt.

Yn 'e tuskentiid sjogge Mary, Pedro en Eugene op bylden dy't útstjoerd wurde troch in pleatslik tillefyzjestasjon Billy as folwoeksen superheld redendielen mei Freddy, krekt sa't Billy de teenager oan 'e itenstafel altyd mei Freddy redendielt. Se beseffe dat ferskate riedseleftige foarfallen út 'e lêste dagen ynienen logysk wurde as de superheld en Billy ien en deselde persoan binne. Darla is ekstatysk dat de oaren dat hielendal sels ûntdutsen hawwe, mei't se no sawol in goede suster is as oer Billy syn geheim prate kin. Fuort letter wurdt it hûs lykwols binnenfallen troch Sivana, dy't ta deselde konklúzje kommen is en Freddy finzen nommen hat. Hy skillet Billy op en dielt him mei dat er syn pleechbruorren en -susters deameitsje sil as Billy syn krêften net oan him oerdraacht.

Billy hastiget him nei hûs ta en stimt yn mei Sivana syn easken yn ruil foar de feilichheid fan Freddy, Mary, Pedro, Eugene en Darla. Sivana nimt Billy mei nei de Rots der Ivichheid, dêr't er de efterbleaune toverstêf fan Shazam brûke wol om 'e oerdracht fan 'e magyske krêften fan Billy nei himsels te beävensearjen. Freddy, Mary, Pedro, Eugene en Darla komme harren lykwols efternei en falle Sivana oan. Billy sjocht dan dat Sivana kwetsber wurdt as alle Sân Haadsûnden syn Each ferlitten hawwe om fêste foarm oan te nimmen. Mei syn seizen ûntkomme se út 'e Rots der Ivichheid en bedarje se yn Philadelphia op in wintermerke. Sivana komt harren efternei en lit de Haadsûnden los op it publyk. Mar Billy komt, troch Sivana syn gebrûk fan 'e toverstêf en de earder ûnbeächte bleaune wurden dy't Shazam tsjin him sprutsen hie, ta it besef dat er in diel fan syn krêften oan oaren ôfstean kin. Shazam wie ommers net altyd allinnich, mar hie earder bruorren en susters dy't syn gelikensen as tsjoenders wiene. Dat, troch de toverstêf te brûken, dielt Billy syn krêften mei Freddy, Mary, Pedro, Eugene en Darla. Dêrnei tebrekt er de stêf oer syn knibbel, om fierdere oerdrachten ûnmooglik te meitsjen.

Wylst Billy sels as superheld de konfrontaasje mei Sivana oangiet, nimme syn bruorren en susters as superhelden it op tsjin seis fan 'e sân Haadsûnden, wylst se tagelyk de ûnskuldige besikers fan 'e wintermerke besykje te beskermjen. Billy manipulearret Oergeunstigens, de lêste Haadsûnde dy't yn it Each fan Sivana oerbleaun is, om te foarskyn te kommen troch him oergeunstich te meitsjen op 'e oare Haadsûnden. Sadree't Oergeunstigens it Each ferlit, rekket Sivana al syn krêften kwyt. Dêrnei is it foar Billy in kâld keunstke om Sivana it Each út 'e holle te skuorren en alle Haadsûnden der op 'e nij yn finzen te setten. It Each en de Haadsûnden wurde wer sekuer opburgen yn 'e Rots der Ivichheid, dat Billy en syn bruorren en susters tenei brûke kinne as superheldehaadkertier.

Billy akseptearret no syn plak yn it pleechgesin fan Victor en Rosa (dy't noch altyd yn loksillige ûnwittendheid ferkeare oer de krêften fan harren pleechbern). Freddy wurdt op skoalle noch altyd narre troch Brett en Burke Breyer, mar Billy-as-superheld makket dêr in ein oan troch yn 'e middeispauze de kantine fan 'e skoalle te besykjen en dêr oan alle oanwêzigen buorkundich te meitsjen dat Freddy syn freon is. Om dat punt beklibje te litten (en om Freddy te ferrassen), hat er ek in oare freon meinommen; dêrop stapt Superman de kantine binnen.

Yn in sêne dy't healwei de ôftiteling folget, wurde Thaddeus Sivana yn it tichthûs besocht troch in pratende rûp*, dy't foarsteld om in ferbûn te foarmjen.
*) Yn in fraachpetear mei de makkers fan 'e film waard dizze rûp identifisearre as de bûtenierdske libbensfoarm Mister Mind

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Asher Angel.
Zachary Levi.
Mark Strong.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise     
Billy Batson Asher Angel
it folwoeksen superhelde-alter ego fan Billy Batson Zachary Levi
dr. Thaddeus Sivana Mark Strong


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Freddy Freeman Jack Dylan Grazer
Darla Dudley Faithe Herman
Mary Bromfield Grace Fulton
Rosa Vásquez Marta Milans
Victor Vásquez Cooper Andrews
Eugene Choi Ian Chen
Pedro Peña Jovan Armand
it folwoeksen superhelde-alter ego fan Freddy Freeman Adam Brody
it folwoeksen superhelde-alter ego fan Darly Dudley Meagan Good
it folwoeksen superhelde-alter ego fan Mary Bromfield Michelle Borth
it folwoeksen superhelde-alter ego fan Eugene Choi Ross Butler
it folwoeksen superhelde-alter ego fan Pedro Peña D.J. Cotrona
Marilyn Batson Caroline Palmer
de tsjoender Shazam Djimon Hounsou
sosjaal wurkster Emma Glover Andi Osho
Brett Breyer Carson MacCormac
Burke Breyer Evan Marsh
dr. Lynn Crosby Lotta Losten
heit fan Thaddeus Sivana John Glover
Thaddeus Sivana as lyts jonkje Ethan Pugiotto
Sid Sivana as teenager Wayne Ward
Sid Sivana as folwoeksene Landon Doak
Billy Batson as lyts jonkje David Kohlsmith
Superman Ryan Hadley (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shazam! giet eins oer de superheld Captain Marvel fan 'e stripútjouwerij DC Comics, hoewol't dy namme yn 'e hiele film net neamd wurdt om't it om in oarsprongsferhaal giet. De ûntwikkeling fan in live-actionfilm oer dit personaazje begûn yn 'e earste helte fan 'e 2000-er jierren by filmstudio New Line Cinema, mar rûn suver fuort al jierren fertraging op. Yn 2009 waard de film einlings yn preproduksje nommen mei Peter Segal as regisseur. Hollywoodstjer Dwayne Johnson rekke yn dy snuorje by it projekt behelle om't er de rol fan 'e supersmjunt Black Adam spylje soe. It spul rûn lykwols op 'e non en Black Adam helle letter de úteinlike ferzje fan 'e film net, hoewol't der yn 2022 al in spin-off-film oer him makke waard mei Johnson yn 'e titelrol.

John August, William Goldman, Alec Sokolow, Joel Cohen, Bill Birch en Geoff Johns wiene allegearre op in stuit as senarioskriuwer by Shazam! belutsen, mar it úteinlike skript waard skreaun troch Henry Gayden op basis fan in ferhaal dat er mei Darren Lemke betocht hie. De produksje fan Shazam! waard yn 2014 oankundige. Yn febrewaris 2017 waard David F. Sandberg oanlutsen as regisseur. As produsint wie Peter Safran by it projekt belutsen foar de filmstudio's New Line Cinema, DC Films, The Safran Company en Seven Bucks Productions. Dwayne Johnson, de eigner fan dy lêste studio, spile net yn 'e film, mar hie wol as útfierend produsint it tafersjoch oer de hiele produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Maxime Alexandre, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Benjamin Wallfisch.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Shazam! setten op 29 jannewaris 2018 útein en duorren oant en mei 11 maaie fan dat jier. It meastepart fan 'e film waard opnommen yn 'e Pinewood Toronto Studios yn it Kanadeeske Toronto, mar in diel fan 'e sênes waard filme op lokaasje yn en om Toronto hinne. Dêrfoar waarden û.m. de Universiteit fan Toronto, it winkelsintrum Woodbine Shopping Centre, de enerzjysintrale Hearn Generating Station en it Nasjonaal Histoarysk Plak Fort York brûkt. Behalven yn Toronto waarden ek inkele sênes opnommen yn Hamilton (Ontario). Yn Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, dêr't Shazam! eins spilet, waard de sêne fan Billy-as-superheld en Freddy by it Keunstmuseum fan Philadelphia opnommen en teffens loftbylden en bylden fan 'e skyline fan 'e stêd.

F.l.n.rj.: Zachary Levi, Asher Angel, Jack Dylan Grazer en regisseur David F. Sandberg by it promoatsjen fan Shazam! op 'e San Diego Comic-Con fan 2018.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Shazam! waard fersoarge troch Warner Bros. De film gie op 28 maart 2019 yn Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 5 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij WaterTower Music. Shazam! kaam op 2 july 2019 beskikber as digitale download en waard op 16 july útbrocht op dvd en blu-ray.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Shazam! oer it algemien positive resinsjes. Se wiene benammen goed te sprekken oer de toansetting fan 'e film, dy't folle minder serieus en nearzich wie as by eardere films út it DC Extended Universe it gefal wie. Sa skreau Alonso Duralde yn TheWrap: "As Wonder Woman en Aquaman de earste stappen op it wite doek fertsjintwurdigen dy't DC Comics by it sombere kleurepalet fan 'e films fan Zack Snyder wei set, dan nimt Shazam! ús yn ien sprong mei djip de primêre kleuren yn. […] Dizze nije DC-film hat in leaflike lichthertigens, sawol wat byld as toan oanbelanget."

Yn 'e Britske krante The Guardian parte Benjamin Lee de film 31/2 fan 5 stjerren ta. Hy wie lykwols kritysk oer de ein, dy't er kwalifisearre as "bewûnderensweardige selsbeheinend en lytsskalich", mar dêr't er ek oer skreau: "[it] sleept him fierstente lang fuort, in ferfeelsume eskalaasje fan antyklimaksen dy't mei-inoar de bedoelde emosjonele impact ôfstompe. It is in film mei ferlet fan in strakkere montaazje, mei in senario mei ferlet fan in skerpere redigearring, koartom in ymperfekte franchiselansearring dy't likegoed in oansjenlike foarútgong foar DC Comics fertsjintwurdiget."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Shazam! in tige heech goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 415 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in muoiteleas fermaaklik mingsel fan humor en moed is Shazam! in superheldefilm dy't nea de wiere krêft fan it sjenre ferjit: bliere winskeferfolling." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Shazam! in goedkarringspersintaazje fan 71%, basearre op 53 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shazam! brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $140,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $225,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $366,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $261,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. It tydskrift Forbes hold it derop dat Shazam! in winst fan $235 oant 250 miljoen nedich wie om kyt te spyljen. Neffens Deadline Hollywood levere de film úteinlik in skjinne winst fan $74 miljoen op.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Shazam! waard nominearre foar de Saturn Awards foar bêste stripferfilming, bêste aktearprestaasje fan in jongere akteur (sawol Asher Angel as Jack Dylan Grazer) en bêste kostúmûntwerp. De film waard ek nominearre foar de MTV Movie Awards foar bêste komyske aktearprestaasje en bêste held (beide foar Zachary Levi), de People's Choice Award foar favorite aksjefilm en de Teen Choice Awards foar favorite science fiction- of fantasyfilm, favorite akteur yn in science fiction- of fantasyfilm (Zachary Levi) en favorite filmsmjunt (Mark Strong).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


DC Extended Universe (filmsearje)
Man of Steel (2013) • Batman v Superman: Dawn of Justice (2016) • Suicide Squad (2016) • Wonder Woman (2017) • Justice League (2017) • Aquaman (2018) • Shazam! (2019) • Birds of Prey (and the Fantabulous Emancipation of One Harley Quinn) (2020) • Wonder Woman 1984 (2020) • Zack Snyder's Justice League (2021) • The Suicide Squad (2021) • Black Adam (2022) • The Flash (2022) • Aquaman 2 (2022) • Shazam! Fury of the Gods (2023)