Bier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Bier wie yn de 18e ieu noch folksdrank, al kamen kofje, tee, jenever en brandewyn al op. Fryslân hie in soad ferneamd brouwerijen en biersoarten, Dokkumer kofje of Maartebier, Knypster- en Biltbier. Fierders waard it swiere Grinzer bier en Dimter bier noch nei 1800 mei skipsladingen ynfierd. Nei it Grinzer Bier (of Klúnbier) hiet in frachtskip fan Grins nei Ljouwert noch lang Klúnkof. Jûns waard ek waarm bier mei sjerp (of huning dronken, letter mei sûker) en in snjit brandewyn.

Al yn de 18e ieu ferfong de boerekofje it waarme bier. De lêste Fryske brouwers wienen Yde van der Meulen fan Ljouwert en Ivo Hansma fan Dokkum.

Taal[bewurkje seksje | edit source]

Byienkomsten dêr't bier skonken waard wienen:

  • Leedbier, by begraffenissen
  • Pannebier, by de bou fan in hûs
  • Flotbier, as in skip fan steapel rûn
  • Hynstebier, by ôfrekkenjen mei de hynstehâlder
  • Te bier gean, feestfiere yn de herberch

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: