Macht

Ut Wikipedy

Macht kin omskreaun wurde as it fermogen om eat tsjin wjerstân yn plakfine te litten.

Fan dit fermogen foarmet ûngelikens úteinliks de grûnslach. Minsken dy't folslein gelyk oan elkoar binne, kinne de oar net twinge. De dúdlikste boarnen fan macht binne jild en geweld. Immen dy't mear jild of mear geweld brûke kin as in oar, kin al aardich gau macht útoefenje.

Immen dy't goed mei taal oerwei kin en oaren oertsjûgje kin, kin ek macht útoefenje. Yn 'e sosjology en politikology wurdt sein dat sa'n persoan oer kultureel kapitaal beskikt. Immen dy't kunde hat oan minsken op ynfloedryke plakken en sadwaande saken regelje kin, kin ek macht útoefenje. Sa'n persoan wurdt fan sein dat er sosjaal kapitaal hat. Dizze beide foarbylden toane de subtylere boarnen fan macht sa't dy faak yn komplekse mienskippen foarkomme. De teoryen oer kultureel en sosjaal kapitaal meitsje it mooglik om dizze foarmen fan macht te bestudearjen.

In oare omskriuwing fan macht is it fermogen ta beynfloeding fan de werklikens.

Werklikens kin hjir de deistige wrâld betsjutte, mar it kin ek lêzen wurde as de werklikens sa't dy troch minsken sjoen wurdt. Koart sein is de betsjutting fan it lêste: minsken hannelje nei harren ideeën oer de wrâld; at jo de ideeën beynfloedzje kinne, kinne jo it hanneljen fan 'e minsken beynfloedzje. Dizze opfetting wurdt binnen de politikology bestudearre mei de politike discours-analyze, sa't dy troch it wurk fan mei namme Michel Foucault en Jürgen Habermas stal krigen hat. Ek Vaclav Havel skriuwt oer dit soarte fan beynfloeding yn syn essays oer de ferdrukking troch it kommunistysk rezjym yn Tsjecho-Slowakije. Yn 'e psychology wurdt beynfloeding bestudearre binnen de kognitive psychology en de sosjale psychology. Hjir giet it ûnder oaren oer de stúdzje nei propaganda en de hearrigens-eksperiminten fan Milgram.