Mongoloïde ras

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

It mongoloïde ras (of it "giele" ras) is ien fan 'e trije haadrassen fan 'e minsklike soarte, neffens in no fierhinne efterhelle klassifikaasjesysteem op grûn fan lichaamlike skaaimerken dat fral yn 'e njoggentjinde en de iere tweintichste ieu frij algemien yn gebrûk wie. It wurd "mongoloïde" kombinearret de stam "Mongoalen", mei de útgong "-oïde", dy't "lykjend op" betsjut. Hoewol't it ûnderwilens folslein dúdlik wurden is dat der binnen de minske as biologyske soarte gjin wiere taksonomyske ûnderskieden besteane, en dat alle libbene minsken ta deselde soarte en itselde ras hearre, wurdt de term "ras" as ûnderskie fan hûdskleur bûten wittenskiplike fermiddens noch gauris brûkt, al wurde termen as "ras" en "mongoloïde" dêrby oer it algemien ferfongen troch eufemismen, lykas "rasiale eftergrûn" en "Aziaten". Ien wittenskiplik mêd dat noch wol gebrûk makket fan 'e âlde oantsjuttings fan ras, is dat fan gerjochtlike lykskôgings, om't it no ienris sa is dat de minsklike "rassen" justjes faninoar ferskillende fysike trekken hawwe, dy't fral ta utering komme yn it gesicht. Sa hawwe leden fan it mongoloïde ras oer it algemien in wat rûner antlit, mei mangelfoarmige eagen.

Tradysjonele yndieling[bewurkje seksje | edit source]

Ta it mongoloïde ras waarden behalven de befolking fan East- en Súdeast-Aazje en Sibearje ek de Turkske folken fan Sintraal-Aazje, it Heine Easten, de Kaukasus, de Balkan en East-Jeropa rekkene; de Oeralyske folken fan West-Sibearje, Noard-Ruslân, it Eastseegebiet en East-Jeropa (bgl. de Finnen, Esten en Hongaren); de Austronezyske folken fan 'e Yndyske Arsjipel (Maleiers en besibbe folken); de Polyneziërs en Mikroneziërs fan 'e Stille Oseaan; en de Eskimo's en Yndianen fan 'e Amearika's. De yndieling fan it mongoloïde ras wie sadwaande rûchwei sa:

Galery fan it mongoloïde ras neffens de âlde klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.