Robert F. Kennedy

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Robert F. Kennedy
Robert Kennedy tusken syn bruorren John en Ted
Kennedy sprekt bûten it Ministearje fan Justysje yn Washington in groep minsken ta (1963). Hy wie doe minister op dit departemint.

Robert Francis (Bobby) Kennedy (Brookline (Massachusetts), 20 novimber 1925Los Angeles (Kalifornje), 6 juny 1968) wie in Amerikaans jurist en presidintskandidaat. Hy wie de sânde fan de njoggen bern fan Rose Fitzgerald en Joseph P. Kennedy Sr. en in broer fan de Amerikaanse presidint John F. Kennedy. Dy beneamde him jannewaris 1961 ta minister fan Justysje yn syn kabinet dêr't hy beret optrede tsjin de Amerikaanse maffia. Hy wurke nau gear mei syn broer by de de ynvaazje yn de Bargebaai en de Kuba-crisis. Robert Kennedy blykte as neiste adviseur in krêftich en loyaal politikus yn meardere kampanjes fan syn broer.

Op 5 juny 1968 by in kampanjegearkomst yn Hotel Ambassador yn Los Angeles foar de ferkiezing fan 1968 waard Kennedy delsjitten. Hy ferstoar de oare deis op 42-jarige leeftiid.

[bewurkje seksje] Ferskaat

Yn 1998 waard in dollarmunt útjûn mei de byldnis fan Robert Kennedy op de iene kant, en emblemen fan it ministearje fan Justysje en de Senaat op de oare.

Op 20 novimber 2001, syn 76e jierdei, werdoopten de Amerikaanse presidint George W. Bush en Minister fan Justysje John Ashcroft yn in feestlike searemoanje it gebou fan it Ministearje fan Justysje yn Washington yn Robert F. Kennedy Department of Justice Building.

Robert Kennedy wie in foarstanner fan it brûken fan Esperanto: "It is te ferwachtsjen dat in neutrale taal in soad bestjutte kin foar de kommunikaasje tusken de lannen oer de wrâld. Esperanto is al foar lange tiid de foarnaamste kandidaat."

[bewurkje seksje] Bern

By Ethel Skakel, dêr't hy mei boaske yn 1950, krige hy alve bern:

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen