Springe nei ynhâld

Noard-Fryslân

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer it histoaryske wengebiet fan 'e Noardfriezen. Foar it bestjoerlike distrikt Noard-Fryslân, sjoch: Noard-Fryslân (distrikt).
Noardfryslân.
Flagge fan de regio Noard-Fryslân

Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland, Deensk: Nordfrisland) is in regio (Kreis) yn Dútslân. It is it wengebiet fan de Noard-Friezen en leit rûchwei tusken de rivieren de Eider en de Vidå. Noardfryslân hearde oant 1864 ta Denemarken.

De Deenske namme fan de regio is Nordfrisland, de Dútske namme is Nordfriesland, en de Nederdútske is No(o)rdfreesland.

Elts Noardfryske dialekt hat syn eigen skriuwwize. Yn it Noardfryske dialekt fan de fêstewâl, it Mooring, is de namme foar it gebiet Nordfraschlönj of koartsein Fraschlönj. As neutrale skriuwwize wurdt Nordfriislon of Friislon skreaun.

Noard-Fryslân, regio en distrikt.

Yn it suden wurdt Noard-Fryslân begrinzge troch de rivier de Eider en yn it noarden fan de rivier de Vidå. De eastlike grins fan it oarspronklike wengebiet fan de Friezen yn Noard-Fryslân is minder goed oan te jaan.

Foar de kust lizze de waadeilannen Sylt (Nfr.: Söl), Amrum (Nfr.: Öömrang), Föhr (Nfr.: Feer) en Pellworm (Nfr.: Pälweerm), en de tsien Halligen. Dêrneist binne der de twa skiereilannen Noardstrân (Nfr.: Strönj) en Eiderstedt (Nfr.: Ääderstää).

Hilgelân is kultureel ûnderdiel fan Noard-Fryslân, mar is gjin ûnderdiel fan it distrikt Noardfryslân. De heechste punten binne de Pinneberch op Hilgelân (61,3 meter), by Ostenfeld (53,3 meter), de Uwe-dún op Sylt (52,5 meter), en de Rantzauhichte súdlik fan Leck (45 meter).

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Noard-Fryslân.
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

Noard-Fryslân is hjoed de dei noch altyd in meartalich gebiet mei fjouwer offisjele talen: Dútsk, Noardfrysk (Friisk of Frasch), Deensk en Nederdútsk. It Nederdútsk jildt as streektaal, it Noardfrysk en Deensk binne as minderheidstalen erkend. It oant yn de 19e iuw dominante Noardfrysk wurdt no noch troch sa'n 10.000 minsken sprutsen, yn njoggen ferskate dialekten. Fierders wurdt der yn Noard-Fryslân ek noch Jutsk praat.

Fryske Beweging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Noard-Fryslân is der lykas yn Westerlauwersk Fryslân in libbene Fryske beweging. Der is in dakorganisaasje, Friesenrat sektion Nord mei derûnder ferskate oansletten organisaasjes. De twa wichtichste binne:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]