Historia ecclesiastica gentis Anglorum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Folium 3v út de Codex Beda Petersburgiensis

De Historia ecclesiastica gentis Anglorum( Frysk: ‘Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk’), is in Latynsk wurk fan de Earbiedwurdige Beda oer de skiednis fan it Angelsaksisch Ingelân, meast oer it kristenjen fan Ingelân, benammen oer it skeel yn de Katolike tsjerke tusken de Romeinske dogmatisy en it Keltyske kristendom. It boek wurdt as ien fan de wichtichste histoaryske boarnen fan de Angelsaksyske skiednis beskôge; ek foar de Fryske skiednis is it fan belang. Troch Beda witte wy dat Aldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan it Frankyske ryk. Teffens skriuwt Beda yn de Historia ecclesiastica Anglorum (yn diel 1,15) oer de Angelsaksyske ynvaazje en Hengist en Horsa.
Yn it generaal wurdt tocht dat it yn 731 dien wie, doe’t Beda sa’n 60 jier wie.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Beskriuwing

De Historia (fiif boeken, 400 siden) beskriuwt de politike en tsjerkeskiednis fan Ingelân fan de tiid fan Julius Caesar ôf oant 731, it jier fan syn foltôging. De earste twaëntweintich haadstikken, oant de sinding fan Augustinus fan Canterbury, binne basearre op eardere skriuwers: Plinius, Solinus, Eutropius, Orosius, de Britske histoarikus Gildas, Prosper fan Akwitaanje, de brieven fan Paus Gregorius I, en oaren. It ferhaal oer Germanus fan Auxerre en Lupus fan Troyes is grûnfêste op It libben fan Germanus (480), in hilligelibben skreaun troch Konstantinus fan Lyon.[1] Beda hat ek legindes en oerleveringen ynlaske.
Foar it barren nei 596 hat Beda, dy’t net al te krekt wie wat de oarspronklikheid oanbelanget, skriftlike en mûnling oerdroegen (oral history) boarnen brûkt, dy’t er yn Ingelân en Rome sammele.
De Historia hat, lykas ek it gefal is by oare midsieuske geskriften, in legere objektiviteitsgraad as de skiedskriuwing fan no. It is in mjuks fan feiten, leauwe, legindes en literatuer.

[bewurkje seksje] Yn it sintrum fan geleardens

Ruïne fan it kleaster te Jarrow, mei de noch besteande tsjerke dêrefter.

De Historia is skreaun yn it twillingkleaster fan Wearmouth-Jarrow Abbey dêr’t Beda, doe’t er sân jier wie, troch syn famylje oan tabetroud wie. Hjir krige er syn ûnderrjocht en hat er syn hiele libben wenne en arbeide.

Yn de tiid dat de abdij stifte waard stie it bekend as it iennige sintrum fan erudysje yn Jeropa benoarden Rome. De bibleteek, dy’t oprjochter en earste abt Benediktus Biskop opboud hie mei boeken dy’t er út Rome meinaam hie, makke dat yn it kleaster de widze stie fan de Ingelske keunst en literatuer en dêrmei de toan oanjoech yn noardwest Europa. De bibleteek waard troch Ceolfried, Benediktus' opfolger en learmaster fan Beda, fierder útwreide. Mei’t Beda dizze bibleteek ta syn foldwaan hie, koe er yn Midsieusk Ingelân ta de teolooch en histoarikus mei it measte gesach wurde. It soe bliken dwaan dat de ynfloed nei syn dea, foaral troch syn Historia, fan fitaal belang foar de foarspoed fan it kleaster wie. De muontsen wiene allegeduerigen dwaande mei it kopiearjen fan it wurk fan Beda, dy’t sels nei it bûtenlân stjoerd waard .[2]
Om de produksje fan boeken te ferheegjen waard in apart skrift ûntwikkele út it Iersk insulinêr skrift; mei ynfloeden fan it kontinint ûntstie sadwaande in eigen Minuskel. Boppedat foarme him hjirút in eigen keunststyl yn de Angelsaksyske kleasters: de Hiberno-Saxon styl, dy’t ek werom te finen is yn de fersierde inysjalen fan de manuskripten, sa as yn de Beda Petersburgiensis.
Yn 735 is Beda stoarn en begroeven yn it kleaster fan Sint Paulus te Jarrow doe’t er 67 jier âld wie.[2]

[bewurkje seksje] Ynhâld

De Historia hat in polemysk en didaktysk doel. De opset fan Beda is net allinne it ferheljen fan de skiednis fan de Ingelsken, mar ek wol er syn opfettings oer polityk en godstsjinst kwyt.
Op polityk mêd wie er in patriot fan syn bertelân Northumbrje, dat er in rol takind dy't fier útstekt boppe dy fan de grutte rivaal yn it suden, Mercia. Hy docht mear war om it barren yn de 7e ieu, doe't Northumbria de dominante Angelsaksyske machtsfaktor wie, te beskriuwen as dy fan de 8e ieu doe't har macht yn it degean wie. De iennichste krityk dy't Beda op Northumbria hat giet oer de dea fan kening Ecgfrith yn de slach fan Nechtansmere tsjin de Pikten yn 685.
Beda sjocht dy nederlaach as ferjilding fan God foar de Northumbryske oanfal op de Ieren yn it jier dêrfoar. Alhoewol't Beda loyaal oan Northumbrje bliuwt, hat dúdlik mear sympaty foar de Ieren.[3]

[bewurkje seksje] Edysjes

  • De Beda Petersburgiensis yn de Russyske Nasjonale Bibleteek yn Sint-Petersburch, Ruslân, is in ier eksimplaar fan de Historia, dat yn de tiid fan de Frânske Revolúsje yn Ruslân bedarre is. It hânskrift wurdt datearre tusken 731/732 en 746.
  • The Moore Bede (Cambridge University Library, Kk. 5. 16) is in manuskript út deselde tiid as de Beda Petersburgiensis. Wie earder it besit fan biskop John Moore (1646–1714), waans hiele samling boeken en manuskripten oankocht is troch kening George I, dy't it dêrnei oan de Universiteit fan Cambridge skonken hat.
  • 1475: Incunabel printe yn Dútslân.
  • 1563: Unfolsleine "basis ferzje".
  • 1643: Earste útjefte yn Ingelân printe.
  • 1688: "Cologne edysje".
  • 1742: Smith.
  • 1884: Giles, werprinte yn Patrologia Latina
  • 1896 C. Plummer ed., Oxford
  • 1969: Bertram Colgrave en R. A. B. Mynors ed., Oxford, Clarendon Press, yn 1992 ferbettere werprintinge.
  • 2005: Michael Lapidge ed., Parys

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [ http://www.ccel.org/ccel/bede/history.html] Bede's Ecclesiastical History of England, Christian Classics Ethereal Library(in)
  2. 2,0 2,1 [ http://www.british-history.ac.uk/report.aspx?compid=39877#s102] Titel: British History Online, Saxon Houses]
  3. [1] Titel: en.wikisource.org Ecclesiastical History of the English People; Book 4, chapter 26, oers. L.C. Jane (1903)(in)
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen