Klaudius

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Keizer Klaudius I

Klaudius Caesar Augustus Germanikus, koartsein keizer Klaudius I (10 f. Kr - 54 n. Kr. wie nei Augustus de tredde keizer ("princeps") fan it Romeinske Ryk. Syn foargonger wie keizer Kaligula, dy't yn 41 fermoarde waard. Klaudius wie in omke fan Kaligula, en al goed fyftich jier doe't er it keizerskip krige.

Foarskiednis[bewurkje seksje | edit source]

Klaudius syn mem wie Antonia Augusta en hy beppesizzer fan Livia Drusilla, de lêste frou fan keizer Augustus. Hy wie behept mei wat lichaamlike ûngemakken. Hy rûn wat mank, stammere en wie nei alle gedachten ek licht spastysk, wêrtroch in soad fan syn tiidgenoaten him as achterlik beskôgen, hoewol't him geastlik neat mankearre. Troch syn neiste famylje waard er links lizzen litten; hoewol't syn âldomke keizer Augustus wol in soad wille oan him belibbe om't er tige yntelligint wie. Hy wie dan ek faak by de keizer. Syn mem woe yn alle gefallen neat mei him te krijen hawwe.

Doe't er folwoeksen waard mocht er gjin iepenbiere amten beklaaie, wat yn dy tiid gewoan wie foar in jonge út syn miljeu. Nei alle gedachten hat er letter dêroan te tankjen dat er noch yn libben wie, doe't it meastepart fan syn famylje útroege wie. Troch de omjouwing waard er nea sjoen as in serieuze rivaal foar de macht. De mear ambisjeuze leden fan syn famylje sneuvelen faak al op jonge leeftyd ûnder frjemde omstannigens, lykas syn populêre broer Germanikus. Klaudius sels fûn it net slim dat er net belutsen waard yn de protte yntriges dy't yn de famylje spilen en troch it ûntbrekken fan ferantwurdlikens koe hy him wije oan syn leafhawwerijen lykas skiednis, literatuer en it studearjen yn it generaal.

Mei keizer Augustus koe Klaudius it goed fine, mar mei syn omke Tiberius dy't keizer Augustus yn 9 opfolge hied er amper kontakt.

Keizer[bewurkje seksje | edit source]

Nei de dea fan keizer Kaligula drige de praetorjaanske garde opheft te wurden, wylst de senaat mei inoar yn debat wienen oer de mooglikheden de Romeinske Republyk te werstellen. It pretorjaanske kamp makke brûk fan de situaasje troch Klaudius, as ienich oerbleaun manlike familylid, gau as nije keizer yn it poarper te hysjen. De senaat lei har nei in oantal dagen del by de kar foar Klaudius. Under it bewâld fan Klaudius hawwe ferskate senatoaren fergees besocht in steatsgreep te pligen. Om dizze reden waarden tidens syn regear mear as 35 senatoaren terjochtsteld.

Klaudius stiet yn de skiednis bekend as in kundige bestjoerder. Meastentiids hie der gau in oplossing foar de bestjoerlike problemen dêr't er mei konfrontearre waard en dat te krijen hie mei syn geleardens. Hy fergrutte en ferbettere de organisaasje fan it amtnersapparaat. Tige wichtich foar Rome wie it fergrutsjen fan de haven yn Ostia, dêr't it nôt foar de haadstêd út de provinsjes wei binnenkaam sadat de nôtfoarsjenning better waarboarge wie.

In grut wapenfeit fan Klaudius wie de Romeinske ynvaazje fan Brittanje yn 43. Yn de tiid fan Julius Caesar hienen de Romeinen in earste ferkenning dien fan it eilân, mar de tachtich dêrnei wie gjin Romein mear west. Klaudius woe graach in ferovering op syn namme hawwe en besluet it eilân, dêr't geregeldwei piraten fanôf lêst feroarsaken oan de Romeinske kuststreken, te 'pasifisearjen' en yn te liivjen. Under syn regear waard it suden ferovere en de opfolgers hawwe it dêrnei foltôge, útsein de Skotske Heechlannen dêr't de Pikten te sterk blykten te wêzen.

As leafhawwer fan wittenskip, stúdzje en boeken oer it generaal joech Klaudius geregeld grutte sommen jild fuort oan bibleteken, û.o. de ferneamde bibleteek fan Aleksandrje.

Houliken en dea[bewurkje seksje | edit source]

Klaudius hie gjin gelokkig houlikslibben. Hy troude yn totaal fjouwer kear. Benammen syn houlik mei de tredde frou Messalina wie striemin. Sy wie in wyld minsk dat Klaudius graach foar skut sette mocht mei har seksuele útspattings. Omdat syn posysje dêr ûnder te lijen hie, liet hy har úteinlik eksekutearje.

Nei har dea troude Klaudius mei Julia Agrippina, de dochter fan syn broer Germanikus. Agrippina hellet him oer om har soan út in earder houlik te adoptearjen. Dizze soan wie de letter berucht wurden keizer Nearo, dy't op syn sechtjinde as opfolger oanwiisd waard. Klaudius passearde hjirmei syn eigen soan Britannikus. Dizze kar soe Klaudius needlottich wurde, want al nei in jier waard er troch Nearo fergiftige.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]