Romeinske oermastering fan Brittanje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oermastering fan Brittanje

Neidat yn 40 keizer Kaligula ôfseach fan syn ynvaazjeplannen, beslút keizer Klaudius yn it jier 43 wol ta in ynvaazje fan Brittanje.

Neffens guon boarnen is dat beslút it gefolch fan de flecht troch de Keltyske, pro-Romeinske kening Ferika, neidat dizze troch de Britske kening Kunobelin ôfsetten is. Fierders is Brittanje ryk oan lead, tin en leauwe de Romeinen - net terjocht - dat it ek ryk wie oan goud.

Mar wat lykwols de wichtichste redenen wienen foar de oermastering wie de stipe dy't kening Kunobelin joech oan de Gallyske druïden dy't hieltyd foar reboelje soargen yn Galje. Om syn greep op de Gallyske provinsje te fergrutsjen stelde Klaudius alle druïden bûten de wet en sûnder de oermastering fan Brittanje hie dy wet gjin sin.

Aulus Plautius, de kommandant fan Germaanje wie befelhawwer fan de ekspedysje dy't op it eilân Wight lane , de Teems oerstuts en in fersterking boude yn Kamelodunum (Colchester). It Romeinske leger wie tige súksesfol en Klaudius besocht syn troepen ûnder 16 dagen en kearde doe triomfantlik werom nei Rome.

Fjildslaggen[bewurkje seksje | edit source]