Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum
Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum | ||
Folium 3v út 'e Codex Beda Petersburgiensis. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Beda | |
taal | Latyn | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | skiedkundige kronyk | |
skreaun | ±700-731 |
De Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum (Frysk: "Tsjerklike Skiednis fan it Ingelske Folk"), is in Latynsk wurk fan 'e Earwearde Beda (673-735), in learde kleasterling út 'e Iere Midsiuwen, oer de skiednis fan it Angelsaksyske Ingelân (hjoeddeiske histoarisy en taalkundigen hawwe it foar de moade en koartsje de namme derfan ôf ta HEGA). Yn dit wurk is Beda it meast op 'e tekst oer it kristenjen fan lân en folk en oer it skeel yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke tusken de Romeinske dogmatisy en it Keltyske kristendom doedestiden. It boek wurdt beskôge as ien fan 'e wichtichste skiedkundige boarnen oangeande it Angelsaksyske tiidrek en is ek foar de Fryske skiednis fan belang. Troch Beda witte wy bgl. dat Aldgillis in kening wie en net ûnderhearrich oan it Frankyske Ryk. Teffens skriuwt Beda yn 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum (yn boek 1, haadstik 15) oer de Angelsaksyske ynfaazje fan 'e Britske Eilannen ûnder lieding fan Hengist en Horsa. Oer it generaal is men fan tinken dat Beda it wurk ôf hie yn 731, doe’t er hast 60 jier âld wie. Yn 2013 ferskynde in Fryske oersetting fan guon fragminten dy't foar Friezen nijsgjirrich binne, fan 'e hân fan oersetter Klaas Bruinsma.
Eftergrûn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De HEGA is skreaun yn it kleaster fan Jarrow, dêr’t Beda úteinlik yntrede, nei't er op 'e âldens fan sân jier al, troch syn famylje oan it kleaster te Wearmouth tabetroud wie. Fan dy tiid ôf hat er syn hiele libben yn it kleaster wenne en wurke.
Yn 'e tiid dat de abdij fan Jarrow stifte waard, stie dy bekend as it iennichste sintrum fan erudysje yn Europa benoarden Rome. De librije, dy’t oprjochter en earste abt Benediktus Biskop opboude mei boeken dy’t er út Rome meinommen hie, makke dat it kleaster de widze fan 'e Ingelske keunst en literatuer waard en dêrmei de toan oanjoech yn noardwestlik Juropa.
De librije waard troch Ceolfried, Benediktus syn opfolger en de learmaster fan Beda, fierder útwreide. Mei’t Beda dy librije ta syn foldwaan hie, koed er yn Midsiuwsk Ingelân ta de teolooch en histoarikus mei it measte gesach útgroeie. It soe bliken dwaan dat de ynfloed nei syn dea, fral troch syn HEGA, fan krúsjaal belang foar de woltier fan it kleaster wie. De muontsen wiene allegeduerigen dwaande mei it kopiëarjen fan it Beda syn wurk, dat sels in eksportprodukt waard.[1] Om 'e produksje fan boeken te ferheegjen waard in apart skrift ûntwikkele út it Ierske ynsulinêr skrift; mei ynfloeden fan it kontinint ôf ûntstie op dy manear in eigen minuskúl. Boppedat foarme him hjirút in eigen keunststyl yn 'e Angelsaksyske kleasters: de "Hiberno-Saksyske styl", dy’t ek werom te finen is yn 'e fersierde inisjalen fan de manuskripten, lykas yn 'e Beda Petersburgiensis.
Yn 735 is Beda stoarn en begroeven yn it kleaster fan Sint Paulus te Jarrow, doe’t er 62 jier âld wie.[1]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De HEGA beskriuwt yn fiif ûnderskate boeken fan mei-inoar sa'n fjouwerhûndert siden, de politike en tsjerklike skiednis fan Ingelân fan 'e tiid fan Julius Caesar ôf oant 731, it jier fan 'e foltôging fan it wurk. De earste twaentweintich haadstikken, oant de sinding fan Augustinus fan Canterbury, binne basearre op eardere skriuwers: Plinius, Solinus, Eutropius, Orosius, de Britske histoarikus Gildas, Prosper fan Akwitaanje, de brieven fan paus Gregoarius I, en oaren.
It ferhaal oer Germanus fan Auxerre en Lupus fan Troyes is basearre op It Libben fan Germanus (480), in hilligelibben skreaun troch Konstantinus fan Lyon.[2] Foar alle foarfallen nei 596 hat Beda, dy’t net al te krekt wie wat de oarspronklikheid oanbelanget, skriftlike en mûnling oerdroegen boarnen brûkt, dy’t er yn Ingelân en Rome sammele. Beda hat ek leginden en oerleverings ynlaske; de HEGA hat, krekt sa't dat ek it gefal is by oare Midsiuwske geskriften, in legere objektiviteitsgraad as de skiedskriuwing fan hjoed de dei. It is in ferminging fan feiten, leauwe, legindes en literatuer.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De HEGA hat sawol in polemysk as in didaktysk doel. De opset fan Beda wie net inkeld it ferheljen fan 'e skiednis fan 'e Angelsaksen, mar ek om syn eigen opfettings oer polityk en godstsjinst te oppenearjen. Op polityk mêd wied er in patriot fan syn bertelân Northumbria, dat er in rol takent dy't fier útstekt boppe dy fan 'e grutte rivaal yn it suden, Mercia. Hy docht mear war om it barren yn 'e 7e iuw, doe't Northumbria de dominante Angelsaksyske machtsfaktor wie, te beskriuwen as dy fan 'e 8e iuw doe't har macht yn it neigean rekke. De iennichste krityk dy't Beda op Northumbria hat giet oer de dea fan kening Edgfrith yn 'e Slach by Nechtansmere tsjin 'e Pikten, yn 685. Beda sjocht dy nederlaach as in ferjilding fan God foar de Northumbryske oanfal op 'e Ieren yn it foargeande jier. Hoewol't Beda Northumbrje trou bliuwt, leit syn sympaty yn dit gefal dúdlik by de Ieren.[3]
Edysjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Beda Petersburgiensis yn 'e Russyske Nasjonale Bibleteek yn Sint-Petersburch, yn Ruslân, is in ier eksimplaar fan 'e HEGA, dy't yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje yn Ruslân bedarre is. It hânskrift wurdt datearre tusken 731/732 en 746.
- The Moore Bede (Cambridge University Library, Kk. 5. 16) is in manuskript út deselde tiid as de Beda Petersburgiensis. Dit eksimplaar wie foarhinne yn eigendom fan biskop John Moore (1646–1714), waans hiele samling boeken en manuskripten opkocht waard troch kening George I, dy't him dêrnei oan 'e Universiteit fan Cambridge skonken hat.
- 1475: Incunabel, printe yn Dútslân.
- 1563: Unfolsleine "basisferzje".
- 1643: Earste útjefte yn Ingelân printe.
- 1688: "Keulske Edysje".
- 1742: Smith.
- 1884: Giles, werprinte yn Patrologia Latina.
- 1896: C. Plummer ed., Oxford.
- 1969: Bertram Colgrave en R.A.B. Mynors ed., Oxford, Clarendon Press; yn 1992 ferbettere werprintinge.
- 2005: Michael Lapidge ed., Parys.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2013 ferskynde der by Utjouwerij Elikser te Ljouwert in Fryske oersetting fan guon fragminten út 'e Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum dy't nijsgjirrich binne foar in Frysk publyk, ûnder de titel Ut Beda syn HEGA. De fertaling is fan 'e hân Klaas Bruinsma en it boekje telt 78 siden. De oersette fragminten binne:
- Boek 1, haadstik 1: Algemiene beskriuwing fan Brittanje en Ierlân;
- Boek 1, haadstik 2: Oer Caesar syn beide ynfaazjes yn Brittanje;
- Boek 1, haadstik 3: Oer Klaudius syn ferovering fan Brittanje;
- Boek 1, haadstik 15: De ferovering fan Brittanje troch de Angelen, Saksen en Jutten;
- Boek 2, haadstik 1: Oer paus Gregoarius I syn plan om Brittanje te kristenjen;
- Boek 2, haadstik 3: Oer Augustinus fan Canterbury;
- Boek 2, haadstik 13: Oer de bekearing fan kening Edwin fan Northumbria;
- Boek 4, haadstik 22: In Angelsaksysk ealman bedarret yn Fryslân;
- Boek 4, haadstik 24: Oer de berte fan 'e sjongkeunst;
- Boek 5, haadstik 9: De preker Wigbert preket omdôch ûnder de Friezen;
- Boek 5, haadstik 10: Willibrord preket yn Fryslân;
- Boek 5, haadstik 11: Willibrord ta biskop fan Utert wijd;
- Boek 5, haadstik 19: Biskop Wilfryd fan York rekket by fersin yn Fryslân fersyld;
- Boek 5, haadstik 23: Oer de hjoeddeiske tastân fan it Ingelske folk en harren eilân;
- Boek 5, haadstik 24: Gearfetting en (eigenskreaune) biografy en bibliografy fan Beda.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en Bibliography, op dizze side. |