Fré Meis

Ut Wikipedy
Fré Meis
Fré Meis yn 1969
Fré Meis yn 1969
Algemien
Folsleine namme Frederik Meis
Berne 17 novimber 1921
Berteplak Oude Pekela
Stoarn 15 desimber 1992
Plak fan ferstjerren Grins
Partij CPN (1946-1990)
GrienLinks (1990-1992)
Politike funksjes
1946-1949 gemeenteriedslid Wynskoat
1949-1958 gemeenteriedslid Grins
1960-1978 gemeenteriedslid Grins
1962-1978 lid Provinsjale Steaten fan Grinslân
1971-1977 lid Twadde Keamer

Frederik (Fré) Meis (Oude Pekela, 17 novimber 1921 - Grins, 15 desimber 1992 wie in Nederlânsk politikus fan de CPN en in fakbûnslieder. Hy tsjinne fan1949 oant 1958 en 1960 oant 1978 as gemeenteriedslid yn Grins, fan 1962 oant 1978 as lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân en fan 1971 oant 1978 as lid fan de Twadde Keamer. Meis waard nasjonaal bekend as lieder fan de stakings yn 1969 yn Oude Pekela en yn 1970 yn de Haven fan Rotterdam.

Jonkheid en iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fré Meis waard op 17 novimber 1921 yn Oude Pekela berne yn in kommunistysk gesin as soan fan Michiel Meis, in arbeider yn in striekartonfabryk en Trientje Bruintjes. Doe't er 9 jier âld wie, waard er troch syn heit behelle by stakingsaktiviteiten en moast er de fabrykspoarte beweitsje. Nei de legere skoalle wurke er as lânbou- en fabryksarbeider. Yn 1943, yn de Twadde Wrâldkriich, waard er yn it ramt fan de wurkferskaffing twongen ynset yn Delfsyl en letter by de bunkerbou op it Eastfryske eilân Boarkum.

Fuortendaliks nei de befrijing fan Nederlân, waard er lid fan de Kommunistyske Partij (CPN) út bewûndering foar de warberens yn it ferset fan dy partij, en ek skeau er yn it kommunistyske krantsje De Waarheid. Yn july fan 1946 wie er kandidaat foar de Provinsjale Ferkiezings yn Grinslân, mar waard net keazen. Deselde moanne waard er kandidaat foar gemeenteriedslid fan Wynskoat dêr't er al foar keazen waard.

Yn 1948 krige er dien fan syn wurk en dêrnei hie er it dreech om wurk te finen omreden dat er kommunist wie. Doe ferhuze er nei Grins, dêr't er op 22 juny 1949 as lid fan de gemeenterie keazen waard. Hy tsjinne as gemeenteriedslid oant 28 maaie 1958 en waard op 31 oktober 1960 fannijs keazen as gemeenteriedslid yn dy gemeente. Op 6 juny 1962 waard er as lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân keazen.

Fakbûnslieder[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de polityk wie er yn de 1950-er en 1960-er jierren warber yn de Ienheids Faksintrale (Eenheids Vakcentrale, EVC) en as fakbûnsbestjoerder. Hy late ferskate stakings yn de havens fan Rotterdam en Amsterdam. Yn 1968 lei er him ta op eastlik Grinslân en late er stakings by striekartonfabriken De Vrijheid yn Feandam en De Union yn Oude Pekela. Op moandei 22 septimber 1969 staakten arbeiders fan De Union en easken se itselde salaris as harren kollega's yn it westen fan Nederlân. Meis ferfear nei Oude Pekela en organisearre de staking dêre. De staking fersprate him ek nei oare fabriken yn de omkriten en fan 27 oktober ôf staakten der alle moandeis 23.000 wurklju. De parse ferwiisde nei dy stakings as "reade moandeis".

Op 15 desimber dat jiers, ropten 30 froulju fan de sigarefabryk Champ Clark yn Nieuwe Pekela op ta de earste frouljusstaking yn Nederlân foar likense leanen as harren manlike kollega's. Champ Clark drige de froulju dien te jaan, mar de froulju ropten de help fan Meis yn dy't de fakbûnen derby behelle. De stakings hiene súkses. Regionale ferskillen yn beleanings wiene net langer akseptabel en manlju en froulju krigen deselde leanen.

By de Provinsjale ferkiezings fan 1970 helle de CPN 14% fan de stimmen yn Grinslân. De kranten neamden it it "Meis-effekt". Yn augustus 1970 waard der in staking oankundige yn de Haven fan Rotterdam. Meis late ek dy staking en oan alle easken waarden tajûn.

Lettere libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 11 maaie 1971 waard Meis keazen ta lid fan de Twadde Keamer en tsjinne dêr oant 8 juny 1978. Op 1 novimber hold er, omreden fan sûnensklachten, op mei de polityk. Yn 1987 brocht er syn autobiografy 40 jaar actie út.

Oan de ein fan de 1980-er jierren fersmiet de CPN syn marksistysk-leninistyske grûnslach en doe sleat Meis him oan by it Horizontaal Oerlis fan Kommunisten (VCN, Partij van Communisten in Nederland), dochs bleau er noch wol lid fan de CPN. Doe't de CPN yn 1990 opgie yn de nije partij GrienLinks wie er listlûker fan dy partij by de provinsjale ferkiezings fan 1991 yn Grinslân. Hy koe him dochs net fine by dy partij en stapte it jier dêrnei út de partij.

Sûnt 1969 sleat er houliken as gemeentefunksjonaris by de gemeente Grins. Op oantrunen fan syn dokter sleat er syn lêste houlik op 14 desimber 1992.

Meis ferstoar oan in hertstilstân op 15 desimber 1992 yn Grins, yn de âldens fan 71 jier.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meis boaske yn 1943 mei Christina Bakker. Hja krigen ien soan.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2002 waard in stânbyld fan Fré Meis, makke troch Christine Chiffrun, yn Oude Pekela ûntbleate.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stolk, C. Meis, Frederik in: Vierhonderd jaar Groninger Veenkoloniën in biografische schetsen uitg. REGIO-PRojekt, Grins, 1994, ISBN 90-5028-041-2
  • Meis, Fré, Veertig jaar actie, útjouwerij Xeno, Grins, 1987, ISBN 9789062081011
  • Gerrit Voerman, Leo Siepe, Fré Meis. Handelsreizger in revoluties, Walburg Pers, Sutfen, 2002, ISBN 9789057302206