Kommunistyske Partij fan Nederlân

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Kommunistyske Partij fan Nederlân wie in politike partij dy't ûntstie nei skuorring yn de SDAP yn 1909.

De organisaasje is sintraal-demokratysk, dêr't in grutte partijdissipline út fuortkomt. De CPN hie al by de Steateferkiezings yn 1954 in grut part fan har tige grutte nei-oarlochske oanhing ferlern. Dy ûntwikkeling sette troch ûnder ynfloed fan ynminging fan Ruslân yn Hongarije en Tsjecho-Slowakije en, nasjonaal it ûntstean fan in lofts pasifistysk alternatyf yn de foarm fan de Pasifistysk Sosjalistyske Partij.

Op provinsjaal en gemeentlik nivo ferdigene de CPN it bot stipelearjen fan de wurkgelegenheid, wylst se har fersette tsjin lêstenferswierring fan de wurkjende befolking. De eardere kommunistyske bolwurken yn Súdeast-Fryslân (Opsterlân en It Hearrenfean) gienen foar in grut part foar de partij ferlern.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: