Foenysje
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Foenysje (Latyn: Phoenicia), wie yn âldheid de namme fan de fruchtbere kuststripe tusken de berchte fan Libanon en de Midlânske See. Foenysje omfieme in oantal selsstannige steden, wêrûnder Byblus, Beiroet, Tyrus, Sidon en Akko, dy't tusken 1200 en 800 f. Kr. harren tiidrek fan grutste bloei belibben. Yn 63 f.Kr. waard it gebiet tegearre mei Syrje by it Imperium Romanum ynliifd en makke diel út fan de provinsje Syria.
De bewenners fan Foenysje rekken harren ta de Kanaänieten en wienen besibbe mei de Semityske bewenners fan Palestina. Troch de ieuwen hinne wienen de Foenysjers de wichtichste frachtferfierders en hannelers fan it Midlânske Seegebiet. Harren betsjutting foar de wrâldskiednis leit yn it feit dat sy oeral by de kust lâns (oant Cádiz) koloanjes stiften dy't stadichoan selsstannige steaten foarme gongen. De wichtichste koloanje hjirfan wie Kartago.