Syria

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Syria yn it jier 116
Nei 135 n. Kr. is it hjir apart tekene Judaea ek part fan Syria.

Syria wie in Romeinske provinsje yn de Levant fan 64 f. Kr. oant 634 n.Kr. Haadplak fan de provinsje wie Antiochje (Antiochia ad Orontem). De provinsje besloech it Syrië en Libanon fan no en in stikje fan Turkije (de provinsje Hatay)

De krite Syria waard yn 64 f. Kr. troch Pompejus by it Romeinske Ryk brocht, nei syn oerwinning yn de Tredde Mytridatyske Kriich. Nei de Joadsk-Romeinske krigen, waard Syria yn 135 mei Judaea de gruttere provinsje Syria Palaestina, dy't ieuwen ûnder Romeinsk en letter Byzantynsk bewâld bliuwe soe, oant de Islamityske ferôverings dêr in ein oan makken.