Alternative Alvestêdetocht
De Alternative Alvestêdetocht is in reedrydtocht fan 200 kilometer dy't alle jierren holden wurdt as alternatyf foar de Alvestêdetocht. De organisaasje fan de oarspronklike tocht is útelkoar gongen sadat der no twa tochten holden wurde, op de Kallavesi Mar by Kuopio yn Finlân en op de Weissensee yn Eastenryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't de Alvestêdetocht net alle jierren riden wurde kin wurdt der sûnt 1974 in alternative tocht holden yn in lân dêr't se al natueriis hawwe. It earste jier wie dat op it Mjøsa by Lillehammer, yn Noarwegen. Yn 1975 wie der dêr gjin goed iis, dat de grutte tocht gong net troch en de organisaasje socht nei in oar plak. Yn 1976 waard dat de Vesijärvi Mar by Lahti yn Finlân, dat in sukses waard.
Foar 1976 hie it KNSB him ôfsidich holden wat dy tocht oanbelange, lykas de measte sportbûnen dogge as der lju mei in nij idee oankomme. Doe't de tocht in sukses wie, woe it bûn ynienen ek part hawwe oan de organisaasje. It bûn en de organisaasje koenen beide de diplomatike oanpak net fine, wat it gefolch hie dat it noch jierren duorje soe eart de gearwurking yn oarder wie.
In probleem yn Lahti wie al dat der wetter op it iis kaam wie, dat der waard fierder socht. Fan 1977 oant en mei 1980 waard de tocht holden by Oulu yn Finlân, op it iis fan de Botnyske Golf. Yn 1981 waard dochs wer yn Lathi riden. Yn 1983 gong de alternative alvestêdetocht nei Newport, yn Fermont yn de Feriene Steaten fan Amearika, en in jier letter nei Ottawa yn Kanada.
Nei dizze alternative lokaasjes kaam der in ferskil yn ynsicht yn de organisaasje. Guon woenen werom nei Finlân, wylst oaren dêr perfoarst net mear hinne woenen. Krekt yn it jier dat der wer in echte Alvestêdetocht hâlden waard foel de organisaasje dy't it alternatyf fersoarge hie útelkoar. De iene helte organisearret sûnt 1985 de alternative alvestêdetocht yn Finlân, yn Kuopio of Oulu. De oare helte gong yn 1985 en 1986 nei de Mazuryske Marren yn Poalen. Nei't in tredde Poalske tocht yn 1987 mislearre, gong de organisaasje yn 1989 nei de Weissensee yn Eastenryk.
De Finske tocht waard al in skoftke ûnder auspysjes fan de KNSB organisearre, mar sûnt 2000 waard de tocht yn gearwurking mei de KNSB organisearre. Ein 2005 luts de Stifting Alternative Alvestêdetocht Finlân him tebek út de Finske organisaasje, nei't it Finske organisaasjekomitee mear gearwurking mei de KNSB socht hie.
Hjoeddeiske situaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde op it stuit alle jierren twa Alternative Alvestêdetochten organisearre, troch twa organisaasjes, yn twa lannen. Mannich kranteman dy't it net mear folgje koe hat al skreaun oer De Weissensee yn Finlân, mar de organisaasjes liken net fan doel de nuvere situaasje te ferbetterjen.
Stifting Alternative Alvestêdetocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tocht yn Finlân wurdt sûnt ein 2005 organisearre troch in Finsk organisaasjekomitee yn gearwurking mei de KNSB. Hy wurdt holden as in kombinearre toertocht en wedstriid. De tocht wurdt riden yn meardere omgongen, mei in totale langte fan 200 kilometer.
Der wurdt ek in tocht oer 100 kilometer organisearre. By de froulju is net altiten genôch oanmelding foar in wedstriid oer 200 kilometer, dat somtiden ride dy ek de 100 kilometer. De tocht wurdt holden oan de ein fan it wedstrydseizoen, yn de lêste wike fan febrewaris of de earste wike fan maart. Om de tocht hinne binne ferskate oare wedstriden en oare iissporten, dy't tegearre in wike fan wintersport foarmje.
Yn 2001 wie de tocht bysûnder. Fanwege min iis wienen de omgongen koarter as oars, 10 kilometer yn stee fan 25, wêrtroch de riders tichter opelkoar kamen. Om't de organisaasje dan net mear sjen koe wa yn hokfoar omgang ride, moasten de dielnimmers echt stimpelje, wat oars by de alternatyve alvestêdetocht net dien wurdt.
Stifting Wintermaraton
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tocht yn Eastenryk wurdt organisearre troch de Stifting Wintermaraton. De datum is altiten yn de lêste wike fan jannewaris of de earste wike fan febrewaris. De tocht wurdt riden yn meardere omgongen, mei in totale langte fan 200 kilometer. Der wurde apart in wedstriid foar wedstriidriders, toertochten en in iepen wedstriid organisearre. Tegearre mei oare reedrydeveneminten foarmje dizze tochten in wike reedriden op de Weissensee.
Utslaggen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ûnfolsleine list fan útslaggen:
Mienskiplike organisaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1980 | Jan Roelof Kruithof | Havelte |
1979 | Jan Roelof Kruithof | Havelte |
1978 | Jan Roelof Kruithof | Havelte |
1977 | Jan Roelof Kruithof | Havelte |
1976 | Jan Roelof Kruithof | Havelte |
1974 | Jan Roelof Kruithof | Havelte |
Finlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Froulju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2005 | Belinda Hirsh | Grut-Brittanje | 112,5 |
2004 | Miranda van der Haring | Seewâld | 100 |
2003 | Nauta Nynke | Amsterdam | 200 |
2002 | Daniëlle Bekkering | De Ham | 100 |
2001 | Petra de Boer | Amsterdam | 100 |
2000 | Kathalijne Oudhoff | Heiloo | 200 |
1999 | Kathalijne Oudhoff | Heiloo | 200 |
1998 | Baukje Bron | Aldeberkeap | 200 |
Manlju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2006 | Tristan Loy | Frankryk | 120 |
2005 | Yoeri Takken | Amsterdam | |
2004 | Casper Helling | Wageningen | |
2003 | Jan Maarten Heideman | Aldebroek | |
2002 | Bas van Hest | Alfen | |
2001 | Jan Maarten Heideman | Aldebroek | |
2000 | Ruud Borst | Sint Nyk | |
1999 | Bert Verduin | Hiemtsjerkerdun | |
1998 | Rob van Meggelen | Amsterdam | |
1987 | Jan Kooiman | Ammerstol |
Eastenryk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Froulju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2006 | Elma de Vries | De Haule |
2005 | Petra Grimbergen | Nij Beets |
2004 | Petra Grimbergen | Nij Beets |
2003 | Petra Grimbergen | It Hearrenfean |
2002 | Petra Grimbergen | It Hearrenfean |
2001 | Gretha Smit | Warmenhuzen |
2000 | Gretha Smit | Warmenhuzen |
1999 | Klasina Seinstra | Sint Jansgea |
1998 | Gretha Smit | Warmenhuzen |
1997 | Klasina Seinstra | Sint Jansgea |
1996 | Klasina Seinstra | Sint Jansgea |
1995 | Klasina Seinstra | Sint Jansgea |
1994 | Dukke Zijlstra | Baarlo |
1993 | Neeke Smit | Skylge |
1992 | Jopie van Wegen | Eemnes |
1991 | Neeke Smit | Skylge |
1990 | Alida Pasveer | Grins |
1989 | Alida Pasveer | Grins |
Manlju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]2006 | Bertjan van der Veen | De Jouwer |
2005 | Jeroen de Vries | Sint Nyk |
2004 | Henk Angenent | Woubrêge |
2003 | Ruud Borst | Sint Nyk |
2002 | Miel Roozendaal | Warmenhuzen |
2001 | Erik Hulzebosch | Loazen |
2000 | Arjan Schreuder | Den Ilp |
1999 | Peter Baars | Nij-Fennep |
1998 | Peter de Vries | It Hearrenfean |
1997 | Ruud Borst | Sint Nyk |
1996 | Peter de Vries | It Hearrenfean |
1995 | Lammert Huitema | Roaden |
1994 | Erik Hulzebosch | Gramsbergen |
1993 | Jan Kooiman | Ammerstol |
1992 | Egbert Vossebelt | Ermelo |
1991 | Hylke Boerstra | Bremen |
1990 | Jan Oliemans | Amsterdam |
1989 | Dries van Wijhe | Easterwâlde |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee fan de Finske Iismaraton
- Webstee fan de Stifting Wintermaraton (Nederlânsk)
- Webstee foar it maratonreedriden (Nederlânsk)
Alvestêdetocht | |
---|---|
alvestêdetochten foàr 1909 • Earste Alvestêdetocht (1909) • Twadde Alvestêdetocht (1912) • Tredde Alvestêdetocht (1917) • Fjirde Alvestêdetocht (1929) • Tolhúster Alvestêdetocht (1929) • Fyfde Alvestêdetocht (1933) • Sechsde Alvestêdetocht (1940) • Sânde Alvestêdetocht (1941) • Achtste Alvestêdetocht (1942) • Njoggende Alvestêdetocht (1947) • Tsiende Alvestêdetocht (1954) • Alfde Alvestêdetocht (1956) • Tolfde Alvestêdetocht (1963) • Trettjinde Alvestêdetocht (1985) • Fjirtjinde Alvestêdetocht (1986) • Fyftjinde Alvestêdetocht (1997) • Alternative Alvestêdetocht |