Elma de Vries

Ut Wikipedy
Elma de Vries
Elma de Vries op de Olympyske Winterspullen 2010 - 5000 m froulju
Elma de Vries op de Olympyske Winterspullen 2010 - 5000 m froulju
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 20 maart 1983
berteplak De Haule
sportive ynformaasje
sport reedriden
ûnderdiel maraton

Elma de Vries (De Haule, 20 maart 1983) is in Fryske langebaanrydster, skeelerster en maratonrydster. Se hat it vwo ôfmakke en docht op dit stuit (2007) ek in stúdzje sosjale geografy.

Yn it seizoen 2001/2002 ried Elma de Vries ( bynamme Elmie of Elmo) yn Jong Oranje. Nei 2 WK's foar junioaren en 2 seizoenen stoppe se lykwols mei it langebaanriden. Hjirnei gie se troch mei maratonriden. Har rentree yn it langebaanriden makke se yn seizoen 2006/2007 by it NK ôfstannen. It seizoen dêrnei helle se ûnder mear in fjirde plak op de 5000 meter. Har karriêre yn it maratonriden is in stik ymposanter. Yn seizoen 2005/2006 wûn se 7 kear op keunstiis wêrûnder 3 etappes fan the Greenery en de iepeningswedstriid fan it seizoen. Boppedat waard se winner fan de greenery 4-deiske en tredde yn it einklassemint.

Persoanlike rekords[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Resultaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

jier NK
Ofstannen
NK
Sprint
WK
Junioaren
2001 Brûns
2002 Goud
Goud efterfolging
2003 5e 1500m
4e 3000m
4e
2004 8e 1500m
7e 3000m
6e 5000m
2007 7e 3000m
6e 5000m
2008 7e 3000m
4e 5000m

List fan wrâldrekords langebaan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nr. Ofstân Tiid Datum Baan
jr1 1500 m 1.58,93 21 maart 2002 Calgary
jr2 3000 m 4.09,66 22 maart 2002 Calgary
jr3 mini fjouwerkamp 159,938 22 maart 2002 Calgary

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]