Ferskil tusken ferzjes fan "Oprah Winfrey"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L (fl)
==Libben en karriêre==
===Komôf===
Winfrey waard yn [[1954]] berne yn [[Kosciusko (Mississippy)|Kosciusko]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Mississippy (steat)|Mississippy]], yn it [[Amerikaanske Suden|Suden]] fan 'e [[Feriene Steaten]], dêr't doe noch [[rasseskieding]] hearske. Hja waard Orpah neamd, nei it [[bibel]]ske figuer [[Orpa]], út it boek ''[[Ruth (bibelboek)|Ruth]]'', mar har namme waard sa faak ferkeard útsprutsen as "Oprah", dat dy útspraak úteinlik de noarm waard. Har mem wie Vernita Lee ([[1935]]), in net troud tinerfamke dat as [[faam (berop)|faam]] wurke. As har biologyske heit wurdt ornaris beskôge Vernon Winfrey ([[1933]]), in [[mynwurker]] en letter [[hierknipper]] en noch letter [[gemeenteriedslid]], dy't yn it [[Amerikaanske Leger]] tsjinne doe't Winfrey berne waard. In oare man dy't úthâldt Winfrey har heit te wêzen, is lykwols de [[boer]] en feteraan út 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] Noah Robinson sr. ([[1925]]).
[[File:Oprah Winfrey in Strøget, Denmark on 30 September 2009.jpg|left|thumb|250px|Winfrey by opnamen yn [[Denemark]], yn [[2009]].]]
 
Yn [[2006]] kaam troch [[desoksyribonukleïnesoer|DNA]]-ûndersyk oan it ljocht dat Winfrey yn 'e [[frou]]like line ôfstammet fan 'e [[Kpelle (folk)|Kpelle]], in [[etnyske groep]] út it [[West-Afrika|Westafrikaanske]] lân [[Libearia]]. Teffens die út datselde ûndersyk bliken dat Winfrey har [[foarâlden]] foar 89% [[negroïde ras|swarten]] út [[Afrika]] besuden de [[Sahara]] wiene; foar 8% [[Yndianen]]; en foar 3% [[mongoloïde ras|Aziaten]] (hoewol't it skoan kin, de ûnsekuerheden fan sok [[genetika|genetysk]] ûndersyk yn acht nommen, dat it by dy Aziaten eins ek om Yndianen giet, mei't de Yndianen oarspronklik út [[Aazje]] oerkamen nei [[Amearika]]).
 
===Jonkheid en oplieding===
14.302

bewurkings

Navigaasjemenu