Ferskil tusken ferzjes fan "Minderjierrige"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L
 
Yn 'e measte lannen (wêrûnder Nederlân) is 18 jier de [[minimumleeftyd om te stimmen]], en kriget men dan it [[stimrjocht]], wêrnei't men dielnimme kin oan [[ferkiezing]]s. Der wurdt al jierrenlang oer diskusjearre om dy leeftydsgrins omleech te bringen nei 16 jier, mar dat is oant no (2017) ta noch net bard. Yn 'e measte lannen (wêrûnder Nederlân) is 18 jier ek de [[minimumleeftyd om te autoriden]], en mei men dan pas selsstannich in [[auto]] bestjoere op 'e [[iepenbiere wei]] (as men teminsten yn it besit is fan in [[rydbewiis]]). Yn 'e [[Feriene Steaten]] mei dat lykwols al mei 16 jier. De [[minimumleeftyd om te trouwen]] is yn Nederlân fêststeld op 18 jier, mar leit yn guon [[ûntwikkelingslân|ûntwikkelingslannen]] in stik leger en is dêr faak ferskillend per [[geslacht (sekse)|geslacht]] (yn sokke gefallen foar [[famke]]s leger as foar [[jonge]]s, en net selden mar 15 jier).
 
Ek is yn Nederlân 18 jier de [[minimumleeftyd om alkohol te drinken]] en de [[minimumleeftyd om te smoken]], en mei men dan dus pas [[alkoholetanol|alkoholyske dranken]] keapje en drinke en [[smokersguod]] keapje en [[smoken|opsmoke]]. Dy leeftydsgrins is per [[1 jannewaris]] [[2014]] omheechhelle fan 16 jier om [[komasûpen]] tsjin te gean, mei desastreuze gefolgen, om't minderjierrigen no temûk en sûnder lykfol hokker tafersjoch drinke (en smoke). Yn 'e Feriene Steaten leit de leeftydsgrins foar it drinken fan alkohol frjemd genôch op 21 jier (eat dêr't trouwens nimmen him dêr oan hâldt).
 
Fierders kenne in protte lannen in [[minimumleeftyd foar seksueel kontakt]]. Yn Nederlân leit dy leeftydsgrins op 16 jier. In folwoeksene dy't [[seks|seksueel kontakt]] hat mei in minderjierrige fan ûnder de sechstjin hat, is strafber om't in bern fan dy âldens noch net achte wurdt dêr op eigen manneboet tastimming foar jaan te kinnen. As de seksuële partner lykwols fan deselde âldens is (bgl. de iene 14 jier en de oare 15 jier), dan lit men soks wol faak gewurde. Yn 'e Feriene Steaten sprekt men fan ''[[statutory rape]]'' (in foarm fan [[ferkrêfting]]) by seksueel kontakt tusken in folwoeksene en in minderjierrige, ek al giet it dêrby om in jonge fan achttjin en in famke fan santjin dy't [[ferkearing]] hawwe. Yn [[Angoala]] en in grut tal [[dielsteat]]en fan [[Meksiko]] is minimumleeftyd foar seksueel kontakt 12 jier. Yn [[Jeropa]] is it sa regele:
14.188

bewurkings

Navigaasjemenu