Springe nei ynhâld

Walt Disney Studios (Burbank)

Ut Wikipedy
Walt Disney Studios
De haadyngong fan 'e Walt Disney Studios yn Burbank.
De haadyngong fan 'e Walt Disney Studios yn Burbank.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1940
oprjochter Walt Disney
Roy O. Disney
mem Walt Disney Studios Operations
offisjele webside
studioservices.go.com/disneystudios
kaart
Walt Disney Studios (Hollywood)
Walt Disney Studios
Lokaasje op in plattegrûn fan Hollywood en omkriten.

De Walt Disney Studios binne in studiokompleks yn Burbank, in foarstêd fan Los Angeles, dat eigendom is fan it mediabedriuw The Walt Disney Company. It waard yn 1940 iepene troch de oprjochters fan it bedriuw, de bruorren Walt Disney en Roy O. Disney. Behalven dat it it wichtichste studiokompeks fan Disney is, tsjinje de Walt Disney Studios ek as it haadkantoar fan it hiele bedriuw. Yn it kompleks binne troch de jierren hinne in tige grut tal films en tillefyzjesearjes makke.

De bou fan 'e Walt Disney Studios oan 500 South Buena Vista Street yn Burbank waard mooglik makke troch de winst dy't Disney fertsjinne mei de earste lange tekenfilm, Snow White and the Seven Dwarfs, út 1937. De ferhuzing, fan wat doe noch útslutend in tekenfilmstudio wie, fan it âlde studiokompleks oan Hyperion Avenue yn Los Angeles nei de nije Walt Disney Studios fûn plak fan desimber 1939 oant jannewaris 1940.

It Team Disney – The Michael D. Eisner Building.

It nije gebouwekompleks wie yn haadsaak ûntwurpen troch arsjitekt Kem Weber, mar ûnder tafersjoch fan 'e bruorren Walt Disney en Roy O. Disney. It wie it earste studiokompleks dat spesifyk boud wie foar it meitsjen fan tekenfilms. Ien fan 'e djoerste oanpassings datoangeande wie de oanlis fan tunnels dy't de wichtichste gebouwen mei-inoar ferbûnen, om it oerbringen fan animaasjetekenings mooglik te meitsjen sûnder dat dy bleatsteld hoegden te wurden oan it waar.

Op 8 desimber 1941, de deis nei't de Feriene Steaten troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor aktyf by de Twadde Wrâldoarloch belutsen rekken, waarden de Walt Disney Studios opfoardere troch it Amerikaanske Leger, dat der út eangst foar in Japanske ynvaazje fan 'e Amerikaanske westkust in ôfdieling fan 500 soldaten legere fan 'e 121e Loftdoelgeskutsbatterij. Dy bleaune acht moannen lang yn it kompleks. Yn 'e oarloch produsearre Disney geregeldwei propagandafilms foar de Amerikaanske Striidkrêften.

Yn 'e jierren nei de Twadde Wrâldoarloch sette Disney njonken de produksje fan tekenfilms ek útein mei it meitsjen fan live-actionfilms. Dêrfoar hie men ferlet fan soundstages. Om't dy der net wiene, waarden de earste live-actionfilms fan Disney yn Ingelân opnommen. Dat wie lykwols in djoere grap, dat dat koe sa net bliuwe. It probleem wie dat de bou fan soundstages sa djoer wie, dat Disney it sels net finansiere koe. Dêrom waard der in oerienkomst sletten mei regisseur en produsint Jack Webb, wêrby't hy in oansjenlik diel bydroech yn 'e kosten yn ruil foar it rjocht op it gebrûk fan 'e soundstages nei't dy klear wiene.

Fan 'e 1950-er jierren ôf waard it studiokompleks mei tuskenskoften útwreide en/of ferboud. Sa waarden yn 1984, nei't der in nije direksje kommen wie, de fêste filmsets op it backlot fan it kompleks ôfbrutsen. Yn 1986 fûn der in grutte ferbouwing plak om mear romte foar sawol soundstages as kantoaren te krijen. Yn 1990 liet algemien direkteur Michael Eisner it Team Disney Building sette, en yn 1992 waard it Riverside Building boud nei't de gemeente Burbank dêr tastimming foar jûn hie.

Yn april 2013, nei't Disney de Marvel Studios oernommen hie, ferhuze de lieding fan dy filmstudio syn kantoaren fan 'e MBS Media Campus yn Manhattan Beach nei de twadde ferdjipping fan it Frank G. Wells Building fan 'e Walt Disney Studios.

It Frank G. Wells Building.

De Walt Disney Studios falle ûnder Walt Disney Studios Operations (foarhinne en no noch wol bekend as Disney Studio Services), in ôfdieling fan 'e difyzje Walt Disney Studios dy't oer it behear fan studiokompleksen giet. Behalven de Walt Disney Studios yn Burbank hat deselde ôfdieling ek de Golden Oak Ranch, de Prospect Studios, KABC7 Studio B en Disney Studios Australia op 'e noed.

De Walt Disney Studios beslane in oerflak fan 21 ha, dat yn it noarden begrinzge wurdt troch West Alameda Street, yn it westen troch South Buena Vista Street, yn it suden troch West Riverside Drive en yn it easten troch South Keystone Street. It wichtichste kantoargebou fan it kompleks is Team Disney – The Michael D. Eisner Building, út 1990, dêr't de direksje fan The Walt Disney Company syn sit hat. It gebou is ferneamd nei Michael D. Eisner, dy't fan 1984 oant 2005 algemien direkteur wie. Oare kant de Disney Legends Plaza (in plein) stiet it Frank G. Wells Building út 1998, ferneamd nei Frank G. Wells, dy't fan 1984 oant 1994 foarsitter fan 'e ried fan bestjoer wie. Dat is in gebou fan fiif ferdjippings mei dêrûnder in parkeargaraazje fan trije ferdjippings en in brûkber wurkoerflak fan 22.345 . Yn it Frank G. Wells Building binne û.m. de argiven fan The Walt Disney Company húsfêste en teffens de Marvel Studios en de Disney Music Group.

It Animation Building.

It Animation Building is it oarspronklike studiogebou dat yn 1940 boud waard en dêr't de Walt Disney Animation Studios noch altyd sitte. It hat de foarm fan in dûbele H mei acht ûnderskate fleugels. It Roy O. Disney Building stiet njonken it Animation Building en is ek ien fan 'e âldste gebouwen fan it kompleks. It ûntliend syn namme oan it feit dat Roy O. Disney, de broer fan Walt Disney, der foarhinne syn kantoar hie. Tsjintwurdich is de juridyske ôfdieling fan Disney der fêstige. It Digital Studio Center, dat wijd is oan fasiliteiten foar postproduksjewurk, kaam yn 2012 ree en húsfêstet de ôfdieling Disney Digital Studio Services.

De Hyperion Bungalow is gebou fan ien ferdjipping (dêrfandinne de oantsjutting bungalow) dat oarspronklik yn 1935 op 'e eardere lokaasje fan Disney oan Hyperion Avenue yn Los Angeles boud waard foar de ôfdielings strips en public relations. By de bou fan it nije studiokompleks yn Burbank waard dit gebou ôfbrutsen en op 'e nije lokaasje wer opboud. Tsjintwurdich sit de postkeamer fan Disney yn dit gebou. It twa ferdjippings tellende Shorts Building waard by de ferhuzing fan Hyperion Avenue nei Burbank ek ôfbrutsen en wer op 'e nij opboud en datearret oarspronklik út 1934. Foarôfgeande oan 'e ferhuzing waarden der ferskate koarte films makke (dêrfandinne de namme shorts), mar neitiid fungearre it as kantoarromte foar de ôfdieling Studios Operations.

It Roy E. Disney Animation Building.

De Walt Disney Studios omfetsje ek in eigen wettertoer, de Walt Disney Studios Water Tower, dy't yn 1939 boud waard tsjin in priis fan $300.000. De toer hat in hichte fan 41.30 m en hoewol't er no leech stiet, koe der foarhinne 39.578 liter wetter yn. It Main Theater is in eigen lytse bioskoop mei 419 sitplakken, dêr't nije films foarôfgeande oan 'e premiêre oan 'e wurknimmers fan Disney toand wurde kinne. It Main Theater is ien fan 'e oarspronklike gebouwen út 1940. Datselde jildt ek foar it Original Commissary, dêr't in (inkeld foar wurknimmers fan Disney tagonklike) kafetaria en grill yn kaam dy't no it Buena Vista Café hjit.

It Ink and Paint Building út 1940 wie wêr't foarhinne de tekenings fan 'e animators op transparante sellen set en ynkleure waarden. Dat wurk waard dien troch mear as hûndert jonge froulju, dy't net mei harren manlike kollega's omgean mochten. It Ink and Paint Building stie dêrom in ein út 'e reek en waard by túltsjes ek wol "it Nonnekleaster" neamd. Tsjintwurdich is it in kantoargebou, mei't kompjûtertechniken de âlde hântekene animaasje ferfongen hawwe. It Camera Building, ek út 1940, wie wêr't de ynkleure sellen op film fotografearre waarden. Sûnt 1990 sit dêr Disney-dochter Buena Vista Imaging. It Cutting Building, ek út 1940, is wêr't de ôfdieling filmmontaazje sit, hoewol't der no net mear fysyk "snijd" (cut) wurdt, mei't soks tsjintwurdich digitaal giet.

It ABC Studios Builing oan 'e súdkant fan West Riverside Drive mei de fuotgongersbrêge dy't it mei de rest fan 'e Walt Disney Studios ferbynt.

It Roy E. Disney Animation Building stiet bûten it eigentlike studiokompleks, oarekant West Riverside Drive. It kaam ree yn 1994 en sûnt is it it haadkertier fan 'e Walt Disney Animation Studios. It is ferneamd nei Roy E. Disney, dy't lang oan it haad fan 'e tekenfilmstudio stie. It Roy E. Disney Animation Building is in apart gebou, dat in likernôch 10 m hege ferzje fan 'e tsjoendersmûtse út 'e tekenfilm Fantasia omfettet. Oan 'e fierste kant fan West Riverside Drive stiet ek it ABC Studios Building, it nije haadkertier fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC, dat yn 1996 boud waard nei't it bedriuw troch Disney oernommen wie. It stiet njonken it Roy E. Disney Animation Building en wurdt troch in blauwe fuotgongersbrêge oer West Riverside Drive mei it eigentlike studiokompleks fan 'e Walt Disney Studios ferbûn. Behalven ABC húsfêstet it gebou ek Walt Disney Studios Motion Pictures, de filmdistribúsjepoat fan Disney.

It Annette Funicello Stage, oftewol Stage 1, is de âldste soundstage fan it kompleks, dat boud is yn 19391940. It hat in oerflak fan 3.343  en is yn 2013 ferneamd nei de dat jiers oan multiple skleroaze ferstoarne aktrise en sjongster Annette Funicello. Hja hie yn Stage 1 jierrenlang belutsen west by The Mickey Mouse Club. It Julie Andrews Stage, oftewol Stage 2, datearret fan 1947-1949 en is mei 9.400 m² ien fan 'e grutse soundstages yn 'e stêdekloft fan Los Angeles. It waard yn 2001 ferneamd nei aktrise Julie Andrews om't har film Mary Poppins der foar in part opnommen wie. Stage 3, út 1953, waard oarspronklik boud foar de film 20,000 Leagues Under the Sea. It beslacht in oerflak fan 5.775 m² en befettet in wettertank fan 1.094 m².

Stage 4 kaam yn 1958 ree en waard foar it earst brûkt foar de film Darby O'Gill and the Little People. Nei tritich jier tsjinst waard it yn 1998 yn twaen spjalten, sadat der twa lytsere soundstages ûntstiene dy't gaadliker wiene foar tillefyzje-opnamen. Sa kaam yn itselde gebou as Stage 4 ek Stage 5 te sitten. Yn 1997 waarden de beide nijste soundstages fan 'e Walt Disney Studios boud, Stage 6 en 7, beide mei in oerflak fan 1.400 m². Dy binne tarist mei de nijste snufkes om opnamen makliker te meitsjen.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Walt Disney Studios makke of opnommen binne:


In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Walt Disney Studios opnommen binne:


Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.