Springe nei ynhâld

Walt Disney Animation Studios

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Walt Disney Feature Animation)
Walt Disney Animation Studios
algemien
hist. namme Disney Brothers Cartoon Studios
   (1923-1926)
Walt Disney Studio (1926-1929)
Walt Disney Productions (1929-1985)
Walt Disney Feature Animation
   (1985-2007)
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor filmstudio (tekenfilms)
haadkertier Burbank (Kalifornje)
oprjochte 1923
oprjochter Walt Disney
Roy O. Disney
eigner The Walt Disney Company
mem The Walt Disney Studios
sifers
aktyf yn de Feriene Steaten
wurknimmers >800
offisjele webside
www.disneyanimation.com

De Walt Disney Animation Studios, soms ôfkoarte ta WDAS en ek wol oantsjut as Disney Animation, is in Amerikaanske filmstudio dy't fêstige is yn Burbank, ûnder de reek fan Los Angeles, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It bedriuw, dat troch de jierren hinne ferskate nammen hân hat, waard yn 1923 oprjochte troch de bruorren Walt Disney en Roy O. Disney. It lei him al fan it begjin ôf oan ta op it meitsjen fan tekenfilms, en waard oant fier yn 'e 1980-er jierren rûnom erkend as de meast foaroansteande Amerikaanske tekenfilmstudio, dêr't withoefolle techniken, ideeën en prinsipes ûntwikkele binne dy't letter standertprosedueres foar alle hântekene animaasje wurden binne. Hoewol't de Walt Disney Animation Studios ek koarte tekenfilms en tekenfilmproduksjes foar de tillefyzje meitsje, stiet de studio benammen bekend om 'e produksje fan jûnfoljende tekenfilms fan spylfilmlingte. Ferskaten fan 'e bekendste tekenfilmfigueren fan 'e wrâld binne yn 'e Disney Animation Studios ûntstien, lykas Mickey Mouse, Donald Duck, Goofy en Pluto. Sûnt de 2000-er jierren makket de studio behalven fan hântekene animaasje ek gebrûk fan kompjûteranimaasje.

In dreech begjin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 16 oktober 1923 rjochte de bruorren Walt Disney en Roy O. Disney, dy't ôfkomstich wiene út Kansas City yn Missoery, yn Los Angeles in filmstudio op dy't se de namme Disney Brothers Cartoon Studios joegen. Harren earste produksjes wiene in rige stomme koarte films, de saneamde Alice Comedies, oer in live-action-aktrise yn in animearre wrâld. Dat waard gjin grut súkses, en likemin súksesfol wie it earste selsbetochte tekenfilmfiguer fan Disney, Oswald the Lucky Rabbit. Dy wie boppedat auteursrjochtlik eigendom fan Winkler Pictures fan Margaret J. Winkler, dat de distribúsje die. Doe't konkurrint Charles Mintz yn febrewaris 1928 Winkler Pictures oernaam fia in mêsk yn it kontrakt, kaapte er dêropta fjouwer fan 'e fiif wichtichste tekeners fan Disney (de útsûndering wie Ub Iwerks) en begûn syn eigen tekenfilmstudio, Snappy Comedies.

It gebou oan Kingswell Avenue yn 'e wyk Los Feliz, dêr't de Disney-studio fan 1923 oant 1926 fêstige wie.

Nei't er op dy sneue wize Oswald the Lucky Rabbit kwytrekke wie, betocht Walt Disney in nij tekenfilmfiguer, Mortimer Mouse, dy't er op oanrieden fan syn frou al rillegau omneamde ta Mickey Mouse. Underwilens wie de studio yn 1926 ferhuze fan Los Feliz nei in oare Los Angelynske wyk, Silver Lake. Tagelyk mei dy ferhuzing waard ek de namme fan 'e studio feroare yn Walt Disney Studio. Nei twa stomme filmkes fan Mickey Mouse dy't net folle diene, ferskynde yn novimber 1928 it earste tekenfilmke mei lûd dat Mickey Mouse yn 'e haadrol hie, mei as titel Steamboat Willie, en dat waard in grut súkses. Neitiid waarden de beide stomme filmkes, Plane Crazy en The Gallopin' Gaucho, ek fan lûd foarsjoen en yn 1929 op 'e nij útbrocht, mei folle grutter súkses as earst. Datselde jiers waard de namme fan 'e studio op 'e nij feroare, diskear yn Walt Disney Productions.

Iere súksessen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e folgjende jierren gie Disney troch mei it meitsjen fan filmkes mei Mickey Mouse yn 'e haadrol, wylst de studio dêrnjonken yn gearwurking mei Columbia Pictures ek de rige Silly Symphonies makke. Yn 1932 tekene Disney in eksklusyf kontrakt mei Technicolor om foar it earst tekenfilms yn kleur te produsearjen. De Disney-filmkes waarden publisearre fia Powers' Celebrity Pictures (1928-1930), Columbia Pictures (1930-1932) en United Artists (1932-1937). Behalven Mickey Mouse waarden yn dy snuorje ek oare wrâldferneamd rekke tekenfilmfigueren betocht, lykas Minnie Mouse, Donald Duck, Daisy Duck (yn Nederlân bekend as Katrien Duck), Goofy en Pluto.

It súkses fan 'e koarte films stelde Walt Disney by steat en meitsje plannen foar syn earste jûnfoljende tekenfilm. Dat waard de klassiker Snow White and the Seven Dwarfs, basearre op it bekende mearke Sniewytsje, dêr't yn 1934 mei úteinset waard en dêr't trije jier oan wurke waard. Dy film waard úteinlik yn 1937 fia RKO Radio Pictures útbrocht en wie tsjin 1939 de meast winstmeitsjende film fan 'e tritiger jierren wurden. Mei it jild dat op dy wize fertsjinne wie, finansierde Disney de bou fan in nij studiokompleks fan 210.000  yn Burbank, dêr't it haadkantoar fan it bedriuw oant op 'e dei fan hjoed yn fêstige is.

Walt Disney yn 1938.

Neitiid gie Disney troch mei it meitsjen fan koarte tekenfilms, mar ek mei de produksje fan lange films, dy't allegear klassikers waarden: Pinocchio (1940), Fantasia (1940), Dumbo (1941) en Bambi (1942). Doe't de Feriene Steaten nei de oanfal op Pearl Harbor yn 'e Twadde Wrâldoarloch behelle rekken, waarden in protte wurknimmers fan Disney oproppen foar militêre tsjinst, wêrûnder in grut part fan 'e tekeners. De Amerikaanske en Kanadeeske regearings lieten sokken lykwols har tsjinsttiid by Disney úttsjinje mei de produksje fan trenings- en propagandafilmkes. Tsjin 1942 wie sadwaande 90% fan 'e 550 wurknimmers fan Disney mei soksoarte filmkes oan 'e gong, wêrfan't de bekendste it komyske propagandafilmke Der Fuehrer's Face, út 1943 is, wêryn't Donald Duck it tsjin Adolf Hitler opnimt.

De fyftiger en sechstiger jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei mar in stikmannich wurknimmers dy't beskikber wiene foar sokke projekten, en likemin folle jild, hiene de "gewoane" films dy't Disney yn 'e fjirtiger jierren makke, net folle om 'e hakken, of it wiene samlings koarte filmkes, lykas The Three Caballeros (1944) en Melody Time (1948), dy't it net goed diene yn de bioskopen. Underwilens waard wol úteinset mei de produksje fan natoerdokumintêres en fan live-action-films mei animearre eleminten. Nije lange tekenfilms waarden yn 'e fyftiger jierren útbrocht: Cinderella (1950), basearre op it mearke Jiskepûster; Alice in Wonderland (1951), basearre op Lewis Carroll syn Alice's Adventures in Wonderland; Peter Pan (1953); Lady and the Tramp (1955); Sleeping Beauty (1959), basearre op it mearke Toarnroaske; en One Hundred and One Dalmatians (1961).

It haadkantoar fan 'e Walt Disney Animation Studios (it Roy E. Disney Animation Building) yn it Walt Disney Studios-kompleks yn Burbank.

De earste spylfilm fan Disney dêr't gjin inkeld tekenfilmelemint oan te pas kaam, wie Treasure Island (1950). Yn 1953 beëinige Disney de gearwurking mei RKO, en foarme it ynstee syn eigen distribúsje-ûndernimming: Buena Vista Distribution. Underwilens wie yn desimber 1950 foar it earst in Disney-produksje (mei as titel An Hour in Wonderland) te sjen west op 'e Amerikaanske tillefyzje. Fan oktober 1954 ôf waard de earste Disney-tillefyzjesearje útstjoerd op ABC. Dat wie de rige Disneyland, dat de langstrinnende jûnstillefyzjesearje út 'e Amerikaanske skiednis wurde soe.

Nei Walt Disney's dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein 1966 kaam Walt Disney oan 'e gefolgen fan longkanker te ferstjerren en naam syn broer Roy O. Disney de lieding oer it bedriuw oer, oant ek hy stoar, yn 1971. De lêste lange tekenfilm dêr't Walt Disney aktyf it tafersjoch oer hie, wie The Jungle Book, út 1967, mar ek nei syn ferstjerren gie de studio troch mei it útbringen fan sokke klassikers, lykas The Aristocats (1970), Robin Hood (1973), The Rescuers (1977) en The Fox and the Hound (1981). Teffens gie yn 1968 de spylfilmrige oer de libbene Folkswein Kever Herbie fan start mei The Love Bug. Mids jierren tachtich waard The Walt Disney Company, sa't it hiele concern ûnderwilens kommen wie te hjitten, yngeand reorganisearre. Dêrby waard yn 1983 de produksje fan live-actionfilms ôfspjalte fan 'e tekenfilmstudio en ûnderbrocht yn in eigen bedriuw dat Walt Disney Pictures hiet. Walt Disney Productions, dat de tekenfilms makke, waard yn 1985 omneamd ta Walt Disney Feature Animation.

Yn 'e twadde helte fan de tachtiger jierren brocht Disney de jûnfoljende tekenfilm The Little Mermaid (1989) út, dy't hiel loskes basearre wie op it mearke De Lytse Wetterfaam fan Hans Christian Andersen. Ek ferskynde yn dy snuorje de heal út live-action besteande film Who Framed Roger Rabbit? (1988), mei de Britske akteur Bob Hoskins yn 'e haadrol. Dy beide films soargen foar in weroplibbing fan 'e Disney-tekenfilms. Yn 'e njoggentiger jierren folge in hiele rige súksesfolle jûnfoljende tekenfilms: Beauty and the Beast (1991), Aladdin (1992), The Lion King (1994), Pocahontas (1995), The Hunchback of Notre Dame (1996), Hercules (1997), Mulan (1998), Tarzan (1999) en The Emperor's New Groove (2000). Dêropta ferskynden nije tekenfilmsearjes as Adventures of the Gummi Bears, Duck Tales en Darkwing Duck.

It logo dat fan 1997 oant en mei 2006 yn gebrûk wie by Walt Disney Feature Animation.

Begjin 2000-er jierren rekke Walt Disney Feature Animation in skoftke yn 'e nederklits troch tanimmende konkurrinsje fan studio's as Dreamworks, Pixar en Blue Sky Studios. Ien fan 'e seldsume súksessen út dy perioade wie foar Disney de lange tekenfilm Lilo & Stitch, út 2002. By in nije reorganisaasje yn 2007 waard Walt Disney Feature Animation omneamd ta de Walt Disney Animation Studios. Tagelyk waard dat bedriuw op 'e nij yn 'e merk set as in tekenfilmstudio dy't sawol tradisjonele, hântekene films makke, as kompjûteranimearre projekten. Om 'e kosten fan tradisjonele tekenfilms leech te hâlden, waard besletten om animaasje, ûntwerp en layout sels te dwaan en cleanup-animaasje en digitaal ynkleurjen út te besteegjen oan oare studio's en freelancers.

Meet the Robinsons (2007), de twadde kompjûteranimearre film fan Disney, die it ridlik, mar pas by it útbringen fan The Princess and the Frog, yn 2009, wêrby't de studio weromkearde nei it soarte fan musical-komeedzjes dy't yn 'e 1990-er jierren makke wiene, klaude Disney wer by de wâl op. De direksje hie lykwols noch helte mear fan dy film ferwachte. As oarsaken foar it 'ûnderprestearjen' fan The Princess and the Frog waard de konkurrinsje mei de frijwol tagelyk útbrochte science fiction-film Avatar oanwiisd, wylst ek it "Princess"-elemint fan 'e titel in diel fan 'e skuld taskood krige. Dat lêste makke dat lettere Disney-films 'neutrale' titels krigen: Rapunzel waard Tangled en The Snow Queen kaam Frozen te hjitten. Tangled, dat basearre wie op it mearke Oegemantsje (yn it Ingelsk: Rapunzel), fan 'e bruorren Grimm, kaam út yn 2010, en groeide út ta de op twa nei súksesfolste Disney-film ea.

De súdkant fan it Roy E. Disney Animation Building, it haadkantoar fan 'e Walt Disney Animation Studios, yn it Walt Disney Studios-kompleks yn Burbank.

Yn 2011 die Winnie the Pooh, basearre op 'e ferhalen fan A.A. Milne, it wer minder. Wreck-It Ralph, út 2012, waard lykwols wer wol in grut súkses. Yn 2013 brocht Disney Frozen út, in kompjûteranimearre musical dy't ynspirearre wie troch it mearke De Sniekeninginne, fan Hans Christian Andersen. Dy film die it sa ûnbidige goed, dat it de earste Disney-tekenfilm waard dy't mear as $1 miljard opbrocht. Anno 2018 is it noch altyd de bêst ferkeapjende tekenfilm aller tiden. Ek Big Hero 6 (2014), Zootopia (2016), Moana (2016) en Ralph Breaks the Internet (2018) wiene grutte súksessen. Dêrmei hawwe de Walt Disney Animation Studios sûnt harren oprjochting yn totaal 61 jûnfoljende tekenfilms produsearre.

Bedriuwsstruktuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in reorganisaasje fan The Walt Disney Company meitsje de Walt Disney Animation Studios sûnt begjin 2018 diel út fan Walt Disney Studio Entertainment, ien fan 'e fjouwer grutte 'bedriuwssegminten' fan it concern. Dêrbinnen falle de Walt Disney Animation Studios ûnder de difyzje The Walt Disney Studios. Susterbedriuwen, dy't ek diel útmeitsje fan dy difyzje, binne û.m. Walt Disney Pictures (produksje fan live-actionfilms), de Pixar Animation Studios (produksje fan tekenfilms), de Marvel Studios (produksje fan live-actionfilms), Lucasfilm (produksje fan live-actionfilms), Disneynature (produksje fan natoerdokumintêres), de Disney Music Group (produksje fan cd's en soundtracks) en de Disney Theatrical Group (produksje fan toanielfoarstellings).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.