Springe nei ynhâld

Vancouvereilânmarmot

Ut Wikipedy
Vancouvereilânmarmot
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai marmotten (Marmota)
soarte
Marmota vancouverensis
Swarth, 1911
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

De Vancouvereilânmarmot (Latynske namme: Marmota vancouverensis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat fan natuere inkeld foarkomt op Vancouvereilân, foar de súdwestkust fan Kanada. Dizze soarte is oan 'e grutte kant foar in marmot, en is nau besibbe oan 'e Olympyske marmot en de grize marmot, dy't deunby op dielen fan it fêstelân fan Noard-Amearika foarkomme. De Vancouvereilânmarmot is slim yn syn fuortbestean bedrige, dat der is no in fokprogramma foar eksimplaren yn finzenskip opset om him fan it útstjerren te rêden.

It ferspriedingsgebiet fan 'e Vancouvereilânmarmot is fan natuere beheind ta Vancouvereilân, in grut eilân dat yn 'e Stille Oseaan leit, deun foar de Kanadeeske súdwestkust, en diel útmakket fan 'e provinsje Britsk-Kolumbia. It is de iennichste marmottesoarte dy't op Vancouvereilân foarkomt, dêr't er bedarre wêze moat yn 'e lêste iistiid yn Noard-Amearika, sa'n 10.000 jier lyn, doe't it eilân mei it fêstelân yn ferbining stie. Biologen ornearje dat de marmot him yn isolaasje op it eilân fluch ûntwikkele hawwe moat, mei't er tsjintwurdich dúdlik fan besibbe soarten ôfwykt op it mêd fan morfology, genetika, hâlden en dragen en ekology. De measte Vancouvereilânmarmotten libje op 'e westlike kant fan berchskeanten, boppe de 1.000 m hichte.

De plasse fan in Vancouvereilânmarmot (museumstik).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Vancouvereilânmarmot hat trochinoar in totale lichemslingte fan 65-70 sm, mei in gewicht dat útinoar rinne kin fan 3 kg oan 'e ein fan 'e wintersliep oant 4½-7 kg oan 'e ein fan 'e simmer. Dêrmei is er likernôch sa grut as in út 'e kluten woeksen hûskat. De pels hat in rike, sûkelarjebrune kleur mei dúdlik kontrastearjende wite plakken, û.m. op 'e snút.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vancouvereilânmarmotten binne herbivoaren, dy't foar it meastepart fan gerzen en krûden libje. Se lizze ûndergrûnske hoalen oan, wêryn't se fan ein septimber of begjin oktober oant ein april of begjin maaie har wintersliep trochbringe. De lingte fan 'e wintersliep hat te krijen mei it plak (hichte boppe seenivo) fan har hoale en mei de waarsomstannichheden fan dat jier. Trochinoar duorret har wintersliep 210 dagen, mar yn finzenskip is dat in stik koarter. De peartiid begjint foar de Vancouvereilânmarmot koart nei de ein fan 'e wintersliep. Nei in draachtiid fan 30-35 dagen smyt it wyfke dan in nêst fan 3-4 jongen, dy't har oer it algemien begjin july foar it earst bûten de hoale weagje. Vancouvereilânmarmotten binne mei twa jier geslachtsryp, mar nimme almeast pas mei trije of fjouwer jier oan 'e fuortplanting diel.

De Vancouvereilânmarmot hat de IUCN-status fan "krityk", wat sizze wol dat er op it rântsje fan it útstjerren balansearret. De soarte is fral yn 'e tweintichste iuw dramatysk efterútbuorke as direkt gefolch fan klimaatferoaring en as yndirekt gefolch fan minsklik yngripen. Saakkundigen riddenearje no sa: de marmotten libje yn in berchgreide-habitat dat op Vancouvereilân mar krap te finen is. Jongen ferlitte nei ferrin fan tiid it territoarium fan har âlden op 'e siik nei in gaadlik plak om harsels nei wenjen te setten. Dêrfoar geane se omleech út 'e berchgreiden nei de nullewâldsône dêrûnder, om op in oar plak wer omheech te klimmen. Troch minsklike boskboupraktiken ûntstiene der yn 'e tweintichste iuw lykwols iepen plakken yn 'e nullewâldsône dy't krekt wiene wat jonge marmotten sochten; se seagen dus net mear fierder om, mar setten har dêr nei wenjen. Lykwols groeit it nullewâld sa fluch werom dat sokke habitats nei in pear marmottegeneraasjes ûngaadlik foar har fuortbestean wurde. De marmotten dy't dêr libje, komme dan om, mei't har fretten net mear foarhâns is. Sadwaande hat de boskbou soarge dat der "sinkgatten" ûntstiene dêr't in oansjenlik part fan 'e marmottepopulaasje yn ferdwûn is. Ut in ûndersyk út 2005 hat bliken dien dat ek de ynfloed fan 'e minsklike boskbou op it foarkommen en de predaasjepraktiken fan rôfdieren lykas de keningsearn, de poema en de wolf hjirby foar 't neist in rol spile hat.

De Vancouvereilânmarmot is noch altyd ien fan 'e seldsumste sûchdieren fan 'e wrâld. Yn 1997 wiene der noch mar sa'n bytsje fan oer, dat steatsboskbehear op Vancouvereilân besleat om party te fangen en sa in "genetyske rêdingsboat" te kreëarjen, wêrmei't yn gefal fan útstjerren yn it wyld wer in libbensfetbere populaasje fokt wurde koe. Sadwaande besteane der no groepen Vancouvereilânmarmotten yn finzenskip yn 'e dieretunen fan Toronto en Calgary en yn it Mountainview Conservation and Breeding Centre yn Langley. Teffens is op Vancouvereilân sels in foksintrum boud op 'e Mount Washington. Nei't men by in telling yn 2003 noch mar 21 wylde marmotten op it hiele eilân gewaarwurde koe, waard begûn mei it útsetten yn it wyld fan eksimplaren dy't ûnderwilens yn finzenskip fokt wiene. Tusken 2000 en 2010 waarden der 442 jongen yn finzenskip berne dy't oerlibbe hiene oant se ôfwûn wurde koene. De populaasje yn it wyld waard yn 2013 rûst op 350-400 eksimplaren.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.