Springe nei ynhâld

USS Utah (skip út 1911)

Ut Wikipedy
USS Utah
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Steaten
thúshaven ferskaat (sjoch tekst)
eigner Amerikaanske Marine
oare namme(n) BB-31 / AG-16
skiednis
werf New York Shipbuilding Corp.
kyllizzing 9 maart 1909
tewetterlitting 23 desimber 1909
yn de feart 31 augustus 1911
út tsjinst 5 septimber 1944
status sonken 7 desimber 1941
bysûnderheden en sifers
type slachskip
subtype Florida-klasse
lingte 159 m
breedte 26.90 m
djipgong 8.70 m
deplassemint 21.825 long ton
tonnaazje 22.175 brt
bemanning 1.001 koppen
oandriuwing 4 × steamturbine
4 × skroef
maks. faasje 21 knopen (39 km/h)
bewapening 10 × 12 inch (305 mm) kanon
16 × 5 inch (127 mm) kanon
4 × 2,24 inch (57 mm) kanon
2 × 1,46 inch (37 mm) kanon
2 × 21 inch (533 mm)-
   torpedobuis

De USS Utah wie in Amerikaansk slachskip fan 'e Florida-klasse, mei de koade BB-31 (letter AG-16). It wie fan 1911 oant 1941 (formeel oant 1944) yn 'e tsjinst by de Amerikaanske Marine. De USS Utah waard ûnder de Oanfal op Pearl Harbor ta sinken brocht en leit noch altyd op 'e boaiem fan 'e lagune Pearl Harbor.

Bou en skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De USS Utah wie it twadde skip fan 'e Florida-klasse, nei syn susterskip de USS Florida. De kyl fan 'e USS Utah waard lein op 9 maart 1909 op 'e skipswerf fan 'e New York Shipbuilding Corporation yn Camden yn Nij-Jersey, dêr't it skip op 23 desimber fan datselde jier al te wetter litten waard. As marineskip wie de USS Utah swier bepânsere, en it skip wie bewapene mei tsien 12 inch (305 mm)-kanonnen, en dêropta mei ferskate mindere wapens. It skip hie in lingte fan 159 m, in breedte fan 26.90 m en in djipgong fan 8.70 m. De topsnelheid bedroech 21 knopen, oftewol 39 km/h.

De USS Utah kapseist ûnder de Japanske Oanfal op Pearl Harbor.

De USS Utah waard op 31 augustus 1911 troch de Amerikaanske Marine yn 'e feart nommen. Der folge fuortendaliks in earste trainingsreis nei it Karibysk Gebiet, wêrby't û.m. Galveston yn Teksas, Kingston yn Jamaika en de Marinebasis Guantanamo Bay yn Kuba oandien waarden. Dêrnei waard it skip yn maart 1912 tafoege oan 'e Amerikaanske Atlantyske Float.

Begjin 1914, doe't de Feriene Steaten besleaten ta in yntervinsje yn 'e Meksikaanske Boargeroarloch, waarden de USS Utah en it susterskip de USS Florida nei Meksiko ta stjoerd. Underweis ûntfong de USS Utah it befel om 'e SS Ypiranga te ûnderskeppen, in frachtskip dat ûnder de flagge fan it Keizerryk Dútslân fear en in lading wapens oan board hie dy't bestimd wiene foar de troepen fan 'e Meksikaanske diktator Victoriano Huerta. De oankomst fan 'e SS Ypiranga yn 'e haven fan Veracruz joech oanlieding ta de Amerikaanske besetting fan Veracruz. De USS Utah en de USS Florida setten tûzen mariniers en matroazen oan lân, dy't de folgjende dagen alle Meksikaanske rebellen út 'e stêd ferdreaune. Dêrby foelen oan Amerikaanske kant 94 en oan 'e Meksikaanske kant hûnderten deaden. Nei twa moannen yn Veracruz kearde de USS Utah werom nei de Atlantyske Oseaan, dêr't it slachskip de folgjende pear jier belutsen wie by rûtine-operaasjes en oefenings.

Earste Wrâldoarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Feriene Steaten yn april 1917 by de Earste Wrâldoarloch belutsen rekke wiene, waarden fanwegen in grut tekoart oan stookoalje yn it Feriene Keninkryk allinne âldere, op stienkoal stokende Amerikaanske slachskippen de Atlantyske Oseaan oerstjoerd om har by de Britske Grutte Float te jaan. De USS Utah waard ynstee yn 'e Chesepeakebaai stasjonearre foar de training fan masinisten en kanonniers foar de fluch útwreidzjende Amerikaanske Marine. Pas yn augustus 1918 reizge ek de USS Utah ôf nei Jeropa, yn it selskip fan twa oare slachskippen, de USS Nevada en de USS Oklahoma. De trije slachskippen operearren de lêste moannen fan 'e oarloch út 'e Bantrybaai yn Ierlân wei troch grutte en weardefolle konfoaien keapfardijskippen te eskortearjen. De USS Utah tsjinne by dy operaasjes as it flaggeskip fan skout-by-nacht Thomas S. Rodgers.

De mislearre berging fan 'e USS Utah yn folle gong.

Tsjin 'e tiid dat de oarloch op 11 novimber 1918 beëinige waard, hie de USS Utah noch gjin skot lost. Yn desimber eskortearren tsien Amerikaanske slachskippen, wêrûnder de USS Utah, it passazjiersskip de SS George Washington, mei de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson oan board, nei de Frânske havenstêd Brest. Dêrwei reizge dy oer lân troch nei de Fredeskonferinsje fan Parys. De folgjende dei, 14 desimber, setten de slachskippen ôf oer de Atlantyske Oseaan, wêrnei't se op 26 desimber feestlik ynhelle waarden yn New York.

Yn it Ynterbellum tsjinne de USS Utah fan july 1921 oant oktober 1922 as it flaggeskip fan it Amerikaanske flottylje yn Jeropa. Werom yn Noard-Amearika waard it skip wer it flaggeskip fan BatDiv 6 (Slachskipdifyzje 6), op 'e nij mei de USS Nevada en de USS Oklahoma. Yn 1924 brocht de USS Utah in Amerikaanske diplomatike misje, mei as ien fan 'e leden generaal fan it leger John J. Pershing nei Perû foar de hûndertste betinking fan 'e Slach by Ayacucho. Oanslutend waard in rûnreis by de kust fan Súd-Amearika lâns ôflein, wêrby't û.m. Montevideo yn Oerûguay, Rio de Janeiro yn Brazylje, La Guaira yn Fenezuëla en Havana yn Kuba oandien waarden. Yn 1925 waard de USS Utah yngeand modernisearre. Yn 1928 folge in twadde rûnreis by Súdamerikaanske havens lâns, wêrby't yn Montevideo presidint-elekt Herbert Hoover en syn gefolch oppikt waarden en fia Rio de Janeiro thúsbrocht waarden yn New York.

It Tinkteken foar de USS Utah.

Neffens de regels fêstlein yn it Marineferdrach fan Londen, fan 1930, dat rjochte wie op 'e beheining fan 'e wapenwedrin, waard de USS Utah, dy't dochs al ferâldere begûn te reitsjen, tusken july 1931 en april 1932 omboud ta in doelskip sûnder direkte militere funksje. Alle primêre en sekundêre wapens waarden ferwidere, en de koade BB-31 (foar it 31e Amerikaanske slachskip) waard feroare yn 'e koade foar in doelskip, AG-16. Fierders waard der in systeem ynstallearre dat taliet dat it skip by oefenings dêr't it as doelwyt foar brûkt waard, radiografysk bestjoerd wurde koe. De USS Utah waard yndield by de Amerikaanske Pasifyske Float yn San Pedro, yn Kalifornje. Oant 1941 tsjinne it skip doe as doelwyt foar bommesmiters fan 'e Amerikaanske fleandekskippen fan 'e Pasifyske Float.

It wrak fan 'e USS Utah yn 2016, sjoen fan it Tinkteken foar de USS Utah ôf..

Oanfal op Pearl Harbor

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Oanfal op Pearl Harbor.

Fanwegen oprinnende spannings yn it gebiet fan 'e Stille Oseaan, dy't ferbân holden mei de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch en oanboaze waarden troch de oangeande Twadde Wrâldoarloch yn Jeropa, ferhuze de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt de Amerikaanske Pasifyske Float yn begjin 1941 fan Kalifornje nei it Marinestasjon Pearl Harbor, yn it Territoarium Hawaï. Op 7 desimber 1941 lei de USS Utah foar anker yn 'e lagune Pearl Harbor, oan 'e súdkant fan Ford Island, doe't de Japanske Oanfal op Pearl Harbor plakfûn, wêrmei't de Feriene Steaten de Twadde Wrâldoarloch ynskuord waarden. It ôftanke slachskip waard ûnder it bombardemint rekke troch twa torpedo's. It skip kapseisde en sonk, wêrby't 58 bemanningsleden de dea fûnen.

Yn 1942 waard besocht de USS Utah te bergjen, mar it skip glied los en sonk wer nei de boaiem fan 'e lagune. Dêrnei liet men it âlde skip fierders gewurde, om't it dochs gjin militêre wearde mear hie. It duorre noch oant 5 septimber 1944 foar't de USS Utah formeel troch de Amerikaanske Marine út 'e feart helle waard. De stoflike omskotten fan 'e bemanningsleden dy't by it ta sinken bringen fan it skip omkamen, waarden ek nea burgen, dat it wrak waard neitiid beskôge as in oarlochsgrêf. Yn 1972 waard der by it plak dêr't it wrak noch leit in monumint oprjochte, dat ûnderdiel útmakket fan it Nasjonaal Tinkteken foar Pearl Harbor. Yn maaie 1989 waarden de wrakken fan 'e USS Utah en de USS Arizona, it iennichste oare sonken skip dat nea boppe wetter helle waard, opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.