Two Night Stand
Two Night Stand | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Max Nichols | |
produsint | Beau Flynn Ruben Fleischer Sam Englebardt | |
senario | Mark Hammer | |
kamerarezjy | Bobby Bukowski | |
muzyk | Matthew de Luca Neil de Luca | |
filmstudio | Demarest Films The Solution Entertainment Group Flynn Picture Company Claudeismydog | |
distribúsje | Entertainment One | |
spilers | ||
haadrollen | Analeigh Tipton Miles Teller | |
byrollen | Jessica Szohr Scott Mescudi Leven Rambin | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 septimber 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantyske komeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 86 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $1.645.000 | |
opbringst | $868.081 |
Two Night Stand is in Amerikaanske romantyske komeedzje út 2014 ûnder rezjy fan Max Nichols, mei yn 'e haadrollen Analeigh Tipton en Miles Teller. De titel ferwiist nei in onenightstand dy't yn dit gefal langer duorret as normaal. It ferhaal giet oer de jonge frou Megan, dy't fia in datingsite op it ynternet in jongeman moetet en in onenightstand mei him hat. De oare moarns krije se wurden, mar as se fuort sil, blike se ynsnijd te wêzen, mei as gefolch dat se twongen binne om nochris in etmiel mei-inoar troch te bringen. Two Night Stand krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en fertsjinne yn 'e bioskopen fanwegen in beheinde release syn produksjekosten net werom.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Megan Pagano is wurkleas en har ferloofde hat it koartby mei har útmakke. Se bringt har hiele dei suver troch mei tillefyzjesjen en ynternetsurfen op 'e bank yn it appartemint dat se dielt mei har hûsgenoate en bêste freondinne Faiza. Op in jûn nûget Faiza har út om mei har en har swarte freon Cedric nei in feestje dat holden wurdt yn in nachtklub. Faiza fynt dat Megan har libben wer op 'e rails krije moat en it liket har in goed idee dat se dêrmei úteinset troch mei in oare jonge op bêd te gean. De útsmiter by de nachtklub keart Megan lykwols om't inkeld lju dy't mearderjierrich binne deryn meie en om't sy gjin identiteitsbewiis by har hat. As har eks-ferloofde Chris en syn nije freondinne Becca opdaagjen komme en wól nei binnen meie, hoecht it foar Megan al net mear en giet se nei hûs.
Earder dy deis hie Megan, mear út ferfeling as dat se der no wier wat mei fan doel wie, in profyl oanmakke op in datingsite. De moeting mei Chris jout har it triuwke dêr't se ferlet fan hat, en se leit fia de site kontakt mei in jonge fan har leeftyd, dy't Alec hjit. Megan jout oan dat se mei koarten út har appartemint ferballe wurde sil om't Faiza en Cedric de nacht mei-inoar trochbringe wolle sille, dat se freget Alec oft er belangstelling hat foar in onenightstand. Dat hoecht se gjin twa kear te freegjen, en hy jout fuortendaliks syn adres. Megan betinget dat se earst byldbelje, sadat se yn 't foar syn appartemint sjen kin om fêst te stellen dat it fertroud is. Alec stimt dêr sûnder swierrichheden mei yn. Neitiid nimt Megan in taksy nei syn adres en bringe se tegearre de nacht troch.
De oare moarns rint in petear tusken harren út op rûzje. Se sizze inoar flink it mannewaar op, en Megan ferlit op hege poaten Alec syn appartemint. By de bûtendoar fan syn flatgebou oankommen, docht lykwols bliken dat der dy nachts in sniestoarm oer New York kommen is, dy't mear as in meter snie op 'e stêd falle litten hat en noch altyd oanhâldt. De snieskowers fan 'e gemeente kinne it wurk by lange nei net oan, dat grutte parten fan 'e stêd binne ûnbegeanber en de befolking wurdt mei klam oproppen om binnendoar te bliuwen. De bûtendoar fan Alec syn gebou sit potticht troch in laach stosnie fan oardel meter heech, dat Megan giet foarearst hielendal nearne hinne.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
No't se twongen binne om mear tiid mei-inoar troch te bringen, besykje Megan en Alec inoar wat fatsoenliker te bejegenjen. Se reitsje oan 'e praat en sette harren stadichoan, mei help fan it smoken fan marihûana, oer de konfrontaasje fan dy moarn hinne. As se nei it húske giet, sjocht Megan yn in tydskrift dat dêr leit in artikel stean oer hoe't "skansearre famkes" wer oan it daten komme kinne. Dat docht sear om't sy sa'n famke is, en se wurdt dêr sa opsternaat fan dat se de bledside út it tydskrift skuort en trochspielt. Dêrmei makket se harren swierrichheden noch grutter om't de wc dêrfan ferstoppe rekket, en dêr is neat oan te dwaan mei't Alec syn ûntstopper útliend hat. As Megan ferskate oeren letter hege need kriget, klimme sy en Alec út it rút, by de brântrep op nei it dak fan it gebou en dan oan 'e oare kant wer nei ûnderen om by Alec syn oerbuorlju, dy't op fakânsje binne, by it rút nei binnen ta. As dat rút fêstferzen blykt te sitten, slacht Megan it yn.
Letter, as se wer yn Alec syn appartemint binne, kriget Alec it lumineuze idee dat se inoars sekstechniken fan 'e foargeande jûns bekritisearje kinne. Se fiele ommers neat foarinoar en se sille inoar hjirnei nea wer sjen, en se kinne foarearst nearne hinne, dat sa kinne se noch wat opstekke. Hy hellet in twifelige Megan oer en allebeide komme se dingen oan 'e weet oer it oare geslacht dy't se nea riede kinnen hiene. Neitiid is it Megan dy't foarstelt om "it nochris te besykjen", om it learde yn 'e praktyk te bringen. Dat sy en Alec hawwe op 'e nij seks, diskear mei folle bettere resultaten foar beide partijen.
As Alec har eefkes allinne lit, ûntdekt Megan lykwols dat syn kleankast folsit mei frouljusklean. In laad befettet ynliste foto's fan Alec en in jonge blondhierrige frou. Alec moat dan opbychtsje dat er in fêste relaasje hat mei Daisy, dy't live-discjockey is en har op 't heden yn San Francisco befynt. Megan fielt har ferret en is suver yn triennen. Mar se besiket út alle macht har goed te hâlden, om't se neat foar Alec fielt, ommers? It wie mar in onenightstand, en se sille inoar nea wer sjen. Alec leit út dat er in pear wiken earder tusken Daisy har spul in brief fan har oan him fûn hat, wêryn't se it mei him útmakket. Se hat him dat brief noch net jûn, mar hy ornearre dat dat mar in kwestje fan tiid wie. Dêrom hied er foar himsels in profyl oanmakke op 'e datingsite, om wat te hawwen dat er Daisy yn it gesicht wriuwe koe as it safier wie. Hy hie nea ferwachte dat it mear tusken him Megan wurde soe as in onenightstand, mar no is er hurd foar har fallen. Megan wol net harkje, en om't de sniestoarm lizzen gien is en de snierommers einlings en te'n lêsten de stêd wer oan it ûntsluten binne, giet se nei hûs.
Daisy soe de foargeande jûns al thúskommen wêze út San Francisco, mar har flecht wie fertrage troch de sniestoarm. As se letter dy deis dochs noch thús komt, fynt se yn 'e foddekoer in bryfke mei in betankje dat Megan ier op 'e earste moarn delkwattele hie, doe't se fuortsoe wylst Alec noch sliepte (mar tsjinholden waard troch it ynbrekkersalaarm). Daisy konfrontearret Alec mei it bryfke, mar hy jout har har eigen útmakkersbrief werom, dat dan stiet se mei de mûle fol tosken. Se beslute op min ofte mear freonskiplike wize in punt efter harren relaasje te setten. Alec stimt deryn ta om binnen in pear dagen syn spul út it appartemint te heljen.
Underwilens komt Megan thús, dêr't Faiza en Cedric no in pear nachten it ryk allinnich hân hawwe. Dat is harren sa goed befallen dat se Megan freegje om oare wenromte te sykjen. Op 'e datingsite sjocht Megan dat Alec oanhâldend kontakt mei har besiket te krijen, mar se wisket har profyl. Alec skillet de klanteservice fan 'e webside op en besiket Megan har efternamme los te krijen, mar de webside jout gjin persoanlike gegevens fan brûkers troch, útsein oan 'e plysje. Wanhopich as er is om har wer te sjen, bringt dat Alec op in idee. Hy lit it bryfke dat Megan oan him skreaun hie, efter yn it appartemint fan syn oerbuorlju. As dy thúskomme en it ynsleine (mar troch Alec tichtplakte) rút sjogge, liedt it bryfke de plysje, dy't de saak as in ynbraak beskôget, nei Megan ta. Op in feest op âldjiersjûn wurdt se arrestearre. Alec giet mei in bosk blommen en in ballon nei it plysjeburo om har boarch te beteljen, mar as se heart fan wa't it jild komt, wegeret se it oan te nimmen. Ynstee bringt se leaver de nacht yn 'e sel troch.
Op 'e moarn fan nijjiersdei komme Faiza en Cedric del om har boarch yn te lizzen. Yn 'e hal fan it plysjeburo wachtet Alec, dy't dêr de hiele nacht sitten hat, Megan op. Hy biedt syn ûntskuldigings oan, mar leit út dat dit de iennichste manear wie dy't er hie om har wer te sjen, en dat sy sa spesjaal is, dat er gjin oare kar hie. Megan is der min oer te sprekken dat er har net inkeld bedragen, mar ek noch arrestearje litten hat. Alec fertelt dat er it útmakke hat mei Daisy en dat er mei de oerbuorlju de boel glêdstrutsen hat, sadat Megan net ferfolge wurde sil. Neffens him is de arrestaasje en de nacht yn 'e sel wat dêr't se letter beide wol om laitsje kinne sille. Om fan him ôf te wêzen, nimt Megan de blommen, de byhearrende ballon en syn tillefoannûmer oan, en seit dat se him opskilje sil sadree't se derom laket. Beseffend dat er wolris jierren wachtsje kinne moat, as se al ea bellet, mar ek dat er alles derút helle hat dat deryn sit, dript Alec bekaaid ôf.
Nei't er fuort is, besjocht Megan ris better wat er har no eins yn 'e hannen drukt hat. De ballon hat de tekst: "It spyt my", en as er troch de siging yn 'e hal fan it plysjeburo stadich út himsels om syn as draait, blykt op 'e oare kant te stean: "Ik bin in oetlul". Megan drukt de lippen stiif opinoar, mar nei in pear mominten kin se har net mear goedhâlde en moat se dochs laitsje. Suchtsjend pakt se har mobile tillefoan en skillet Alec op. Hy moetet har foar it plysjeburo, dêr't se tútsje en tegearre de strjitte delgeane. Wylst it wer begjint te snijen, komme se ta de konklúzje dat se no allebeide dakleas binne.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Megan Pagano | Analeigh Tipton |
Alec | Miles Teller |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Faiza | Jessica Szohr |
Cedric | Scott Mescudi |
Daisy | Leven Rambin |
Rick Raines | Michael Showalter |
Chris | Josh Salatin |
Becca | Kellyn Lindsay |
Ben | Chris Conroy |
Darella (klanteservice datingwebside) | Joey Lauren Adams (as stimaktrise) |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Two Night Stand waard regissearre troch Max Nichols, dy't oant dy tiid inkeld fideoklips makke hie. (Hy is de soan fan Oscar-winnend regisseur Mike Nichols en romanskriuwster Annabel Davis-Goff.) Nichols wurke op basis fan in senario dat skreaun wie troch Mark Hammer. Hy lies it skript yn desimber 2011 en naam it inisjatyf troch dermei nei filmprodusinten Beau Flynn en Ruben Fleischer ta te stappen. Yn maaie 2012, doe't er yn Austin (Teksas) in fideoklip foar countrysjonger Willie Nelson opnaam, krige er berjocht dat it projekt trochgean koe.
Behalven Flynn en Fleischer wie ek Sam Englebardt as produsint by de film belutsen. Hja wurken yn opdracht fan 'e studio's Demarest Films, The Solution Entertainment Group, Flynn Picture Company en Claudeismydog. Two Night Stand wie dêrmei in ûnôfhinklike film, dy't makke waard foar in budget fan $1.645.000. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Bobby Bukowski, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Matthew de Luca en Neil de Luca.
De opnamen setten yn oktober 2012 útein yn New York en soene mar njoggentjin dagen duorje. Se foelen lykwols gear mei de oankomst yn New York (steat) en Nij-Jersey fan 'e orkaan Sandy, dy't dêr frijwat skea oanrjochte. De produksje waard twa dagen stillein, en neitiid sieten ferskate opnamelokaasjes sûnder stroom. Haadrolspilers Analeigh Tipton en Miles Teller ferbleaune yn in appartemint yn Manhattan dêr't ek gjin stroom wie, wat neffens regisseur Nichols soarge foar in parallel út it wiere libben mei it ferhaal út 'e film. Der ûntstie ek in brânstoftekoart, sadat de frachtweinen en generators fan 'e filmcrew stil kamen te stean.
It tiidferlies dat by de opnamen oprûn wie, moast letter yn 'e postproduksje goedmakke wurde, en Nichols en filmeditor Matt Garner makken lange dagen by de filmmontaazje.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Two Night Stand waard fersoarge troch Entertainment One. De film waard it earst fertoand op 'e American Film Market, in fakbeurs foar de filmyndustry, begjin 2014. Op 26 septimber fan dat jier gie Two Night Stand yn 'e Feriene Steaten yn in beheind tal bioskopen yn premiêre. Op 3 oktober waard de film al digitaal fia video-on-demandútbrocht op iTunes.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Two Night Stand mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie de film in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 47 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] bewiist dat sels in pear haadrolspilers dy't goed oaninoar weage binne net genôch is om in romantyske komeedzje hielendal út te wurkjen fan in ynteressant idee ta in langspylfilm dy't it oansjen lije kin." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Two Night Stand in goedkarringspersintaazje fan 45%, basearre op 17 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Two Night Stand brocht yn 'e bioskopen $868.081 op. As men dy't opbringst ôfset tsjin it budget fan $1.645.000 kin it ferlies berekkene wurde op $767.919. Dêr komme dan de marketingkosten noch by. Hjirby moat wol oantekene wurde dat it útbringen yn 'e bioskopen foar dizze lytse ûnôfhinklike film mar foar de foarm dien waard, mei't er in wike nei de premiêre al oer it ynternet beskikber kaam. It is sadwaande dúdlik dat de produsinten ynsetten op it weromfertsjinjen fan harren ynvestearring fia video-on-demand.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |