Springe nei ynhâld

Turkwaze (kleur)

Ut Wikipedy
turkwaze
kleurkoördinaten
heksadesimaal #40E0D0
RGBª (rgb) (64, 224, 208)
CMYKº (cmyk) (71, 0, 7, 12)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Turkwaze of turkoais is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan blau of fan grien. It kin omskreaun wurde as in grienich blau of in blauwich grien, en it wurdt ek wol sjoen as in foarm fan syaan. De namme is basearre op turkoais, in ealstien mei deselde kleur, en komt fan it Frânske wurd turquoise (útspr.: [tœʀ'kʷa:z], likernôch: "tur-kwaaz"), dat letterlik "Turksk" betsjut, om't de ealstien oarspronklik út Turkije wei nei Frankryk ymportearre waard. Yn it Frysk en Nederlânsk wurdt de ealstien ornaris in 'turkoais' neamd, mar sprekt men foar de kleur almeast fan 'turkwaze'. As kleuroantsjutting is turkwaze al teminsten sûnt 1573 yn gebrûk, doe't it wurd yn 'e Ingelske foarm turquoise foar it earst as sadanich fêstlein waard.

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is turkwaze in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch ferminging fan alle trije primêre kleuren (read, blau en grien). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt lykwols swart tafoege yn it stee fan maginta, om't dat bettere resultaten jout.

As ealstein is de turkoais of turkwaze in ûntrochsichtich blau oant grien mineraal, dat in hydreus fosfaat is fan koper en aluminium, mei de skiekundige formule CuAl6(PO)8•4H2O. It is seldsum en dêrom weardefol, en wurdt boppedat fanwegen de unike kleur as tige moai beskôge. Sadwaande wurdt turkoais al tûzenen jierren as in kostbere ealstien sjoen. Turkoais kin fan kleur feroarje troch de ynfloed fan ljocht, of troch in gemyske reäksje feroarsake troch oanrekking mei kosmetika, moude of de soergraad fan 'e minsklike hûd.

Yn in protte kultueren, yn sawol de Alde Wrâld as de Nije Wrâld, waard turkoais behannele as in hillige stiensoarte, dy't lok brocht en dêrom gauris as talisman droegen waard. It ierst bekende foarbyld dêrfan komt út it âlde Egypte, dêr't grêven datearjend fan omtrint 3000 f.Kr. ynlein waarden mei turkoais. Yn it Perzyske Ryk waarden turkoaizen oan halskeatlings en earmbannen droegen as beskerming tsjin in ûnnatuerlike dea. As se fan kleur feroaren, wist de drager dat syn needlot nei-oan wie.

Tsjintwurdich wurde de ealstien turkoais en de kleur turkwaze sterk assosjearre mei de koepels en it ynterieur fan grutte moskeeën yn Iraan, Afganistan, de Sintraalaziatyske republiken (Turkmenistan, Oezbekistan, Tadzjikistan, Kirgyzje en Kazachstan) en yn it súdeasten fan Jeropeesk-Ruslân.

De wichtichste tinten turkwaze en besibbe kleuren binne:

turkwaze of turkoais #40E0D0                         
akwa #00FFFF       
akwamaryn #7FFFD4       
dinnegrien #01796F       
donkerturkwaze #00CED1       
elektrysk blau #7DF9FF       
fel turkwaze #08E8DE       
fluorisearjend blau #15F4EE       
grienblau of teal #008080       
iisblau #99FFFF       
junglegrien #29AB87       
keppel #3AB09E       
kopergrien #43B3AE       
ljochtseegrien #20B2AA       
ljochtturkwaze #AFEEEE       
mirtegrien #317873       
munt #3EB489       
Perzysk grien #00A693       
readboarstaaikeblau #00CCCC       
seladongrien #2F847C       
seleste #B2FFFF       
syaan #00FFFF       
turkwazeblau #00FFEF       
tuskenbeide turkwaze #48D1CC       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.