Springe nei ynhâld

Grienblau

Ut Wikipedy
grienblau
kleurkoördinaten
heksadesimaal #008080
RGBª (rgb) (0, 128, 128)
CMYKº (cmyk) (86, 31, 49, 8)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Grienblau (net te betiizjen mei blaugrien), of yn it Ingelsk: teal, is in kleur dy't beskôge wurde kin as in tint fan blau of fan grien, en dy't ek wol as in dûnkere foarm fan syaan of turkwaze sjoen wurdt. De oantsjutting 'grienblau' wurdt ek wol brûkt as in algemiene namme foar alle tinten syaan en turkwaze. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is grienblau in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de ferminging fan grien en blau ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, produsearre troch it mingen fan syaan, maginta en giel (en yn 'e praktyk ek noch wat swart). De komplemintêre kleur fan grienblau is bordeauxread.

Yn it Ingelsk hjit grienblau "teal" (útspr.: [ti:l], likernôch: "tiil"), nei de Ingelske beneaming foar de piiptsjilling (Anas crecca), in einfûgel wêrfan't de jerk in stripe fan dizze kleur oer de sydkanten fan 'e kop rinnen hat. Etymologysk komt it Nijingelske teal fan it Midingelske tele, dat besibbe is oan it Nederlânske taling, it Nederdútske telink en it Fryske tsjilling. As kleuroantsjutting waard it wurd teal foar it earst optekene yn 1917.

Yn 'e 1990-er jierren wie teal yn 'e Angelsaksyske lannen, mar benammen yn 'e Feriene Steaten, in trendkleur, dy't troch in grut tal sportklubs keazen waard as tenukleur. Foarbylden binne de Jacksonville Jaguars, in Amerikaansk fuotbalteam út Jacksonville (Floarida), de San Jose Sharks, in iishockeyklub út San Jose (Kalifornje), en de Port Adelaide Football Club, in Australysk fuotbalteam út Adelaide. Ek de Belfast Giants, in iishockeyklub út Belfast, hawwe grienblauwe tenu's, om't grienblau yn 'e Noardierske kontekst in neutrale kleur is, dy't noch mei it protestantisme, noch mei it roomsk-katolisisme te krijen hat.

In jerke fan 'e piiptsjilling (Anas crecca), mei in grienblauwe stripe fearren oer de sydkant fan 'e kop. Dêrfandinne de Ingelske namme foar dizze kleur: teal (dat "piiptsjilling" betsjut).

Grienblau is fierders de offisjele kleur foar de striid tsjin aaistôkkanker. Oerlibbenen fan en aktivisten tsjin dy sykte drage dêrom faak lintsjes, earmbannen, T-shirts of petten yn dy kleur, mei as doel om algemien bewustwêzen oangeande dy foarm fan kanker te kweken.

grienblau #008080                         
blaugrien #0D98BA       
dinnegrien #01796F       
donkersyaan #008B8B       
donkerturkwaze #00CED1       
eineblau #007791       
firidiaan #40826D       
griisgrienblau (teal blue) #367588       
junglegrien #29AB87       
keppel #3AB09E       
kopergrien #43B3AE       
ljochtseegrien #20B2AA       
mirtegrien #317873       
seladongrien #2F847C       
syaan #00FFFF       
turkwaze #40E0D0       
tuskenbeiden turkwaze #48D1CC       

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.