Springe nei ynhâld

Tsjerk fan Boelens (1582-1651)

Ut Wikipedy
Tsjerk fan Boelens (1582-1651)
politikus
Frans fan Donia en Tsjerk fan Boelens (rjochts) yn de begraffenisstoet fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz
Frans fan Donia en Tsjerk fan Boelens (rjochts) yn de begraffenisstoet fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz
berteplak Bûtenpost
stjerplak Bûtenpost
etnisiteit Frysk
Kommittearre fan de Provinsjale Rekkenkeamer fan Fryslân
amtsperioade 1606-1607
1618
1624-1626
Folmacht op de Lândei foar Achtkarspelen
amtsperioade 1609, 1638, 1639
Grytman fan Achtkarpelen
amtsperioade 1618-1637
1639-1648
Lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1621-1622
1626
1631-1634
1639-1643
Provisjoneel grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân
amtsperioade 1627

Tsjerk fan Boelens of (latinisearre) Tarquinius van Boelens (Bûtenpost, 1582 - dêre, 22 jannewaris 1651) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.

Van Boelens wie in soan fan Lieuwe van Boelens, sekretaris fan Achtkarspelen, en Anne Lieuma († 1626). Tsjerk wie in telch út de famylje Fan Boelens. Dat geslacht út Olterterp hie in tûke yn Achtkarspelen dy't grutte belangen hie yn de ferfeaning. Al yn de perioade 1526 -1549 komt in Sythie Boelis foar as grytman fan dy gritenij. Tsjerk wie moai wis in neikommeling fan dizze Sythie. [1]

Yn 1598 waard Tsjerk ynskreaun as studint oan de universiteit fan Frjentsjer. [2] Al yn 1607 komt Van Boelens foar as rekkenmaster fan Fryslân. Yn 1618 folge er Feycke fan Herbranda op as grytman fan Achtkarspelen. Fan Boelens wie ûnder oaren Volmacht ten Landsdage út namme fan Achtkarspelen en letter wie er ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân út namme fan Eastergoa.[3] Yn 1633 resultearre de ynfiering fan nije belestingen yn lilkens ûnder de pleatslike befolking dy't him ûnder mear rjochte tsjin Fan Boelens en grytman fan Kollumerlân, Ritscke van Eysinga.[4] Yn 1637 die Van Boelens ôfstân fan it grytmanskip foar syn soan Pieter fan Boelens. Nei it ferstjerren fan Piter yn 1639 waard Tsjerk op 'e nij grytman oant er yn 1648 fannijs ôfstân die yn it foardiel fan syn pakesizzer Livius fan Boelens.

Yn Bûtenpost stichte de famylje Fan Boelens de Boelensstate dy't letter ek bekend stie as de Haersmastate. [5] Fierder hie Van Boelens stimhawwende pleatsen yn syn besit yn Bûtenpost, Stynsgea, Droegeham, Surhuzum, Lutkepost en Twizel.[3]

Hearebank yn de Marijetsjerke fan Bûtenpost mei it alliansjewapen Fan Boelens-Pieters

Van Boelens boaske yn 1608 oan Maaike Pieters (± 1587/88-1655), dochter fan Pieter Binnerts, lekkenkeapman te Ljouwert, en Maeycke van Voort, besibbe oan de Uterske ferfeantersfamylje Van Voort dy't in part fan de feanen fan it Gerkeskleaster yn gebrûk krige.[6][7] It pear krige in soan:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wijnsma, A.J. (2015). Grietmannen van Achtkarspelen. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Rieplachte op 4 febrewaris 2022].
  2. Zijlstra, S. (1996). Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. Ljouwert: Fryske Akademy.
  3. 3,0 3,1 Bouma, R. (1997). Boelens II. Genealogysk Jierboek 1997, s.83-103.
  4. Spanninga, H. (2012). Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640. Hilversum: Uitgeverij Verloren.
  5. Plaatselijk Belang Buitenpost (2015). voormalige Haersmastate. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Sjoen op 4 febrewaris 2022].
  6. Waringa, N.J. & Heerma van Voss, A.L. (1950). Grafschriften en andere genealogische en heraldieke merkwaardigheden in en om de kerken tussen Flie en Lauwers. Deel I. Achtkarspelen. Ljouwert: Jongbloed.
  7. Visscher, W. (2015). Verveningen en verveners in Friesland. Dokkum: Wijdemeer.
  8. Ley, R. van der (1985). Haersma fan Eastermar. Genealogysk Jierboek 1985, sd.58-80.