Springe nei ynhâld

Ritske fan Eysinga

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ritscke van Eysinga)
Ritske fan Eysinga
politikus
Ritske fan Eysinga (l.) yn de begraffenisstoet fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz yn 1632.
Ritske fan Eysinga (l.) yn de begraffenisstoet fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz yn 1632.
bertedatum maart 1603
berteplak Ljouwert
stjerdatum 19 desimber 1652
stjerplak Kollum
etnisiteit Frysk
Folmacht op de Lândei foar Kollumerlân
amtsperioade 1631-1634
1637-1645
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân
amtsperioade 1639-1652

Ritske fan Eysinga (latinisearring: Richeo ab Eissinga) (Ljouwert, doopt 18 maart 1603Kollum, 19 desimber 1652) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.

Fan Eysinga wie in soan fan Aede fan Eysinga (1560-1619), riedshear by it Hof fan Fryslân, en Foeck van Eelsma († 1626). Ritske wie lid fan de famylje Fan Eysinga. Ritske syn bruorren hiene ek wichtige amten. Jelte fan Eysinga wie hofjonker fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz, Frans fan Eysinga wie grytman fan Tytsjerksteradiel en Juw fan Eysinga wie Volmacht ten Landsdage en dykgraaf fan Wymbritseradiel.[1]

Ritske fan Eysinga waard yn 1622 ynskreaun as studint oan de universiteit fan Grins en yn it jier dêrnei as studint rjochten oan de universiteit fan Leien. Syn namme waard dêrby latinisearre ta Richardus of Richaeus.[2] Al yn 1627 tinge Van Eysinga nei it grytmanskip fan Kollumerlân. Dy ferkiezing waard wûn troch Hayo fan Rinia, mar Fan Eysinga moast him wol ferwarre tsjin oantigingen dat er syn stimmen kocht hawwe soe. [3] Fan 1631 ôf kaam fan Eysinga foar as Volmacht ten Landsdage út namme fan Kollumerlân. Fan Eysinga hearde op de Lândei fan de Steaten fan Fryslân ta de Eysinga-fraksje fan syn broer Frâns en omke Pieter fan Eysinga, grytman fan Raarderhim.[3] Yn 1633 resultearre de ynfiering fan nije belestingen yn lilkens ûnder de pleatslike befolking dy't him ûnder mear rjochte tsjin folmacht Fan Eysinga en ûntfanger Jacob Jilderts Rosema.[4]Van Eysinga en Rosema wiene op 'e tiid op 'e hichte fan it oankommende opskuor en stjoerden tonnen bier nei de herberch yn Kollum dêr't oproppen waard ta in oanslach. In nije oanslach waard foarkaam troch it arrivearjen fan soldaten út Ljouwert. [3] Op 28 maart 1639 waard Fan Eysinga beneamd ta grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Under syn grytmanskip waard Kollumerlân troffen troch de Sint-Pitersfloed. Dêrby waard de slûs fan Aldwâldmersyl fuortslein.[4]

Fia syn suster Lysck, dy't troud wie mei Hessel fan Meckema, kaam Van Eysinga yn it besit fan de state Nij Meckema te Kollum dy't er om 1640 hinne kocht.[5] De famylje Van Meckema hie yn it ferline twa kear de grytman fan Kollumerlân levere. Om 1640 hinne skynt de ferhâlding fan Fan Eysinga mei syn bruorren minder wurden te wêzen. Sa besocht er harren in hak te setten troch syn oandiel yn de Papingastate te Weidum (allyksa út de neilittenskip fan Lysck) bûten de famylje te ferkeapjen.[6]Na Ritsckes ferstjerre bleau syn widdo op de state Nij Meckema wenjen.[7]
Fan Fan Eysinga is in roukaart bewarre bleaun mei in list fan útnûge minsken foar de begraffenis. [8] Fan Eysinga waard as grytman opfolge troch in sibbe, Feye fan Scheltema. De âldmuoike fan Fan Scheltema wie de skoanmem fan Fan Eysinga en Fan Eysingas soan Jelte wie troud mei in nicht fan de frou fan Fan Scheltema.

Fan Eysinga boaske yn 1633 oan Bauck fan Roorda (1638-1718), dochter fan Watze fan Roorda en Ursel van Scheltema. It pear krige tsien bern, ûnder mear:

  • Aede fan Eysinga, (†1635), jong stoarn.
  • Foeck fan Eysinga (1635-1677), troude mei Douwe van Sytzama, militêr.
  • Ursel fan Eysinga (1638-1693), har rouboerd is yn it Frysk Museum.
  • Luts fan Eysinga (1643-1718), stichte yn Kollum it gasthûs "de Zeven Kamers" dat yn 1961 ôfbrutsen waard.
  • Machteld fan Eysinga (1645-1684), troude mei Jan Matthijs van Feugen, ritmaster. Se urf de Sierxma State te Deinum fan har muoike Machteld fan Roorda.[10]
  • Wick fan Eysinga (1648-1691), troude mei Caspar fan Feugen, militêr.
  • Juw fan Eysinga (1650-1666), militêr. Hy urf de Feytsmastate te Hallum fan syn muoike Machteld fan Roorda at er him Feytsma skriuwe soe.[10]
  • Jelte van Eysinga (1653-1674), boaske mei Luts fan Aylva (1652-1730). Nei syn ferstjerre troude Luts fannijs mei Douwe Carel fan Unia (1649-1708), grytman fan Tytsjerksteradiel. De soan fan Douwe en Luts, Willem Aemilius fan Unia, waard ek grytman fan Kollumerlân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, O., Hempenius-van Dijk, B.S., Nieuwland, P. & Baks, P. (1999). De Heeren van den Raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811. Hilfertsom: Uitgeverij Verloren.
  2. Zijlstra, S. (1996). Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. Ljouwert: Fryske Akademy.
  3. 3,0 3,1 3,2 Spanninga, H. (2012). Gulden Vrijheid? Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640. Hilfertsom: Uitgeverij Verloren.
  4. 4,0 4,1 Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A.J. Andreae. Ljouwert: De Tille.
  5. Noomen, P.N. (2009). De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners. Hilfertsom: Uitgeverij Verloren.
  6. Mulder-Radetzky, R. & Vries, B. de (1994). Weidum, dorp van staten. Geschiedenis van de bezittingen van de familie Buma. Alphen aan den Rijn: Canaletto.
  7. Braaksma, K. (2022). Nieuw Meckema State te Kollum. Online fia: Stinseninfriesland.nl. [Sjoen op 30 jannewaris 2022].
  8. Engels, M.H.H. (2020). Ritscke van Eysinga † 9 december 1652. Beskikber fia: Mpaginae.nl..
  9. Berg, H.M. van den (1989). Kollumerland en Nieuw Kruisland, voorafgegaan door Overzicht van de bouwkunst in Noordelijk Oostergo. De Haach: SDU uitgeverij.
  10. 10,0 10,1 Meer, D.J. van der (1964). Sierdsma-state to Deinum. Genealogysk Jierboekje 1964, pp.17-39.