Springe nei ynhâld

Van Eysinga

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fan Eysinga)
Famyljewapen fan Van Eysinga

Van Eysinga (ek: Van Humalda van Eysinga en: Burmania van Humalda van Eysinga) is in Frysk laach dêr't leden fan sûnt 1814 ta de Nederlânske adel hearre.

De stamrige begjint mei Tsjalling Entez (Bolta), dy't neamd wurdt tusken 1492 en 1511 en nei 1481 troude mei Hack Eysinga; harren soan Aede naam de namme fan syn mem oan. By Sûverein Beslút fan 28 augustus 1814 waarden inkele leden fan it laach erkend as edelen fan Fryslân en sa opnomd yn de Nederlânske adel; by keninklik beslút fan 23 desimber 1825 waarden inkele leden fan it laach beneamd yn de ridderskip fan Fryslân. In neisiet, jhr. ds. Cornelis van Eysinga (1923-2018), naam it inisjatyf ta weroprjochting fan de ridderskip yn Fryslân.

Van Eysinga's yn Sint-Nyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Sint-Nyk hâlde in soad nammen ferbân mei de famylje Van Eijsinga. Sa wie Allard fan Boerum (1678-1728) de grytman fan Doanjewerstâl. Syn frou wie in Van Eysinga. Hy hat yn Langwar Osinga State bouwe litten. Harren dochter troude letter mei Johan Vegelin fan Claerbergen. Hy hat yn Sint-Nyk de bosken oanlein en it gebiet op eigen kosten ynpoldere en ûntgûn. Doe’t Vegilin yn 1772 stoar, liet hy in hiele protte grûn - wêrûnder de nei him neamde bosken – nei oan syn iennichste pakesizzer, jonkhear Frâns fan Eysinga. Sa komme de Vegilinstrjitte en de F.J.J. van Eysingastrjitte harren namme. De Kempenaerlaan is neamd nei grytman , dy’t fan 1840 oan’t 1847 de lieding hie oer Doanjewerstâl. Hy wie de pake fan M.C.E.W. van Eysinga-barones van Harinxma thoe Slooten har beppe. Hja wie in Rengers. Fan dy namme is de Rengersstrjitte wer ôflieden. De skoanmem fan grytman Van Andringa de Kempenaer hjitte fan Schwarzenberg. Dêrmei is ek dy strjitnamme yn Sint-Nyk ferklearre. Van Andringa de Kempenaer waard letter opfolge troch grytman Rengers. Hy hat it hús fan Cees van Eysinga yn 1870 bouwe litten. Boargemaster Van Heemstra fan Doanjewerstâl liet yn 1909 Doniastate bouwe en kocht dêrfoar grûn fan de Van Eysinga’s. De Van Heemstrastrjitte is nei him neamd. Ek de lettere boargemaster baron Van Hardenbroeck kocht grûn fan de Van Eijsinga's foar de bou fan in hús. De basis fan Wilhelmina Oard waard yn 1886 lein. Jonkhear Frans Johan Julius van Eysinga kocht doe in stik lân mei bosken yn Sint-Nyk. Nei syn dea yn 1902 liet de jonkhear de besittingen oer oan syn fjouwer dochters. De fjouwer freules lieten inkele jierren letter it rêsthûs Wilhelmina Oard foar froulju en famkes delsette, neamd nei harren mem: Frouwe Tjallinga Aurelia Wilhelmina Camstra van Welderen baronnesse Rengers. De susters skonken yn 1925 it gebou oan it Sint Anthony Gasthûs yn Ljouwert, dy ynstelling joech it om 1960 hinne oer oan de provinsje. It is no in beskerme wenfoarm foar minsken mei geastlike problemen. Hotel-restaurant De Oorsprong wie eartiids de stoeterij fan de famylje. De yn 1885 stifte stoeterij wie bedoeld om it Frysk hynder as ras yn stân te hâlden en te ferbetterjen. Letter waard it in foarmingssintrum en dêrnei in konferinsjesintrum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: