Osingastate (Langwar)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Osingastate
Osingastate

Osingastate is in state yn Langwar dy’t wierskynlik tusken 1619 en 1652 stiften is troch grytman Syts fan Osinga. Troch gemeentlike weryndieling heart Langwar by de gemeente Skarsterlân en is Osingastate gjin gemeentehûs mear. It is partikulier besit en net frij tagonklik.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krektas Crackstate en Oenemastate wie ek Osingastate in gritenijhûs en letter gemeentehûs. Fan 1705 oant 1722 waard it hûs bewenne troch grytman Allard fan Boerum dy’t it hielendal ferbouwe liet. It waard doe in steatlik gebou mei krúskesinen dy’t fold wienen mei glês yn lead. Yn 1722 erve Frans fan Eysinga it fan syn pake Vegelin fan Claerbergen, grytman fan Doanjewerstâl.

Yn ’e rin fan de 18e iuw kamen der skoramen yn mei lytse rútsjes. Yn 1887 soe Osingastate sloopt wurde, mar der waard besletten om der fjouwer arbeiderswenten yn te meitsjen. De haadferdjipping en haadyngong binne doe weihelle.

Yn 1939 is de State hielendal platgongen en waard it no noch besteande gebou op de fûneminten boud. Yn de herfoarme tsjerke fan Langwar stiet noch in bank út 1680 en de wapens fan Frans fan Eysinga fersiere it oargel.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]