Springe nei ynhâld

Idzerd Frâns fan Eysinga

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Idzerd Frans fan Eysinga)

Jonkhear Mr. Idzerd Frâns fan Eysinga (Ljouwert, 24 juny 1794 - dêre, 13 desimber 1870) wie grytman fan Hinnaarderadiel en lid fan provinsjale steaten fan Fryslân. Idzerd kaam út it aadlike laach Eysinga as soan fan Frâns Julius Johan fan Eysinga en wie lid fan de ridderskip fan Fryslân, grytman fan Hinnaarderadiel en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân. Hy wenne yn Wommels op Sminiastate en yn Ljouwert op it Burmaniahûs, dêr't hy ferstoar.

Idzerd boaske yn Burgum op 20 oktober 1817 mei Wiskje barones fan Heemstra (1796-1871), dochter fan Cornelis Schelto baron fan Heemstra en fan Anna Agatha Geertruida fan Sixma. Fan harren fiif bern wie Frans Julius Johan fan Eysinga ek grytman. In twadde soan, jonkhear Mr. Cornelis, ferstoar net-troud yn Ljouwert yn 1862 as lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân. De oare trije bern wienen dochters.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: