Aede fan Eysinga (1560-1619)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aede fan Eysinga (1560))

Aede fan Eysinga (1560 - Oentsjerk, 2 juny 1619) wie in jurist.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie in soan fan Frâns fan Eysinga en fan Lisck fan Jousma. Studearre yn Leien, dêr't hy ynskreaun waard yn de Rjochten op 3 septimber 1580 en makke dêrnei in stúdzjereis nei Dútslân. Yn oktober 1585 waard hy mei Solinus Eysinga yn Heidelberg ynskreaun, hy skynt dêr syn doktersgraad helle te hawwen. Werom yn Fryslân waard er lid fan de Steaten (folmacht op de Lândei foar it kertier Eastergoa) en yn 1596 wie hy ôffurdige nei de Generale Steaten. Yn 1602 waard er ried fan de admiraliteit yn Dokkum en 8 april 1608 riedshear oan it Hof fan Fryslân, dêr't er oant syn dea setele.

Wie kommisjelid dy't ûndersyk dwaan moast omtrint it jildlik behear fan de ûntfanger-generaal Taco fan Dyckstra yn 1598. Ek hat hy lid weest fan de kommisje ta fereffening fan it skeel tusken de steedhâlder, greve Willem Loadewyk fan Nassau ('ús heit') en Karel Roorda yn 1593. Dy kommisje bestie út acht leden, wêrút oan Aede fan Eysinga mei de hearen Dekama en Taetmans de útfiering opdroegen wie.

Aede fan Eysinga boaske yn 1587 mei Foeck fan Eelsma († 2 novimber 1626), dochter fan Jelte en fan Wick fan Galama, út dit houlik kamen seis bern. De âldste soan wie Jelte of Gellius fan Eysinga, (* ± 1590); hy wie hofjonker fan Ernst Casimir en waard yn 1629 lid fan de Generale Steaten. Hy makke syn testamint 3 july 1626 en is grif nea troud, alteast sûnder bern ferstoarn.
De twadde soan wie Frâns fan Eysinga. Fan de oare bern wie Lisck earst mei Hessel fan Meckema en dêrnei mei Erich Brahé troud. Hja ferstoar yn Denemark op 5 novimber 1624. Juw of Julius fan Eysinga ferstoar as folmacht op de Lândei (kertier Westergoa) en dykgreve fan Wymbritseradiel, yn 1649. Hy wie troud mei Foockel fan Botnia. Sjuck fan Eysinga wie yn 1621 kapitein en liet by Margaretha fan Lauwyckmar ien dochter nei. Ritscke fan Eysinga, de jongste soan (1603-52), waard 23 maart 1639 grytman fan Kollumerlân en troude yn 1633 mei Bauck fan Roorda, dy't yn 1661 op Meckamastate yn Kollum wenne en sân of acht bern neiliet.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G. de Wal, Oratio de claris Frisiae J. Ctis, ann. 14;
  • J. Sickenga, Het Hof van Friesland ged. de 17e eeuw (Leien, 1869), 174;
  • Jaarboek Nederlandsche Adel III, 55 v;
  • Van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, 99.
  • NNBW