Tsjalling fan Eysinga (1596-1653)
Tsjalling fan Eysinga (1596 - Marsum, 1653) wie in Frysk ealman en grytman fan Menameradiel.
Tsjalling wie de soan fan Tsjalling fan Eysinga (1562-1603) en dy syn earste frou Womck fan Heringa. As Frysk ealman folge hy yn july 1620 de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk fan Nassau, waard 30 novimber 1639 beneamd ta grytman fan Menameradiel en folmacht op de lândei foar it kertier Westergoa. Yn 1647 waard hy kurator fan de Fryske hegeskoalle, yn 1650 ôffurdige nei de Grutte Gearkomst yn De Haach en yn datselde jier ried fan Admiraliteit fan Fryslân.
Hy ûndertekene op 23 july 1640 de resolúsje, wêrby't greve Willem Frederik fan Nassau troch de Steaten ta steedhâlder fan Fryslân keazen waard. Dy resolúsje is yn safiere foar it laach fan Eysinga nuver, dat se troch dizze Tsjalling foar Menameradiel, troch Hessel Roarda fan Eysinga foar Ljouwerteradiel, troch Tsjalling fan Eysinga foar Raarderhim, troch Frâns fan Eysinga foar Tytsjerksteradiel, troch Juw of Julius foar Barradiel en troch Ritske fan Eysinga foar Kollumerlân ûndertekene waard.
Hy hâlde ta op de troch syn heit stifte stins Heringastate yn Marsum en wie yn 1620 troud mei Eets fan Hiddema († 1667), dochter fan Andries en fan Aelcke fan Galama. Ut dit houlik kamen njoggen bern, wêrfan't seis jong ferstoarn binne, en in soan, it âldste bern, net-troud ferstoar. In dochter Aaltsje boaske mei Frâns fan Eysinga (1621-1673) fan Jouwsma; in oare, Anna, bewenne net-troud de Heringastate yn Marssum, dy't by har ferstjerren yn in oar laach oergien is (famylje Popta). De saneamde Popta-skat (in kolleksje fraai bewurke sulver) dy't no yn it Frysk Museum yn Louwert is, komt út it boelguod fan Heringastate.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |