Tsjalling fan Eysinga (1562-1603)

Ut Wikipedy

Tsjalling fan Eysinga (1562 - Marsum, 31 augustus 1603) wie grytman fan Menameradiel Soan fan Tsjalling fan Eysinga (1535) en fan Hylck fan Harinxma thoe Slooten.

Krektas syn heit wied er rjochtsgelearde. Fan syn hân bestiet noch in wurkje Commentarii breves in Institutiones Juris civilis (Frjentsjer, 1594). Hy waard op 26 maaie 1601 beaneamd as grytman fan Menameradiel en folmacht op de lândei foar it kertier Westergoa. Wie yn 1598 yn dy funksje lid fan de kommisje ta ûndersyk oangeande it behear fan de ûntfanger-generaal Taco fan Dyckstra, en yn 1602 fan de kommisje ta wersjenning fan de "landsordonnantiën".

Tsjalling hâlde ornaris ta op it troch him stifte slot Heringastate yn Marsum. Hy hat twaris troud west, earst mei Womck fan Heringa ( †2 septimber 1596), dochter fan Aede en fan Anna fan Roarda. Dêrnei mei Luts fan Dekama, dy't him oant 26 oktober 1652 oerlibbe, dochter fan Sicke en fan Hil fan Tamminga. Ut it earste houlik trije soannen, wêrfan twa jong ferstoarn binne, de tredde wie Tsjalling; út it twadde houlik in dochter Hylck, troud mei Frâns fan Eysinga (1594-1661). Syn skildere portret troch in ûnbekende hong by jonkhear Mr. F.J.J. fan Eysinga yn Ljouwert.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: