Frâns fan Eysinga (1594-1661)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Frans fan Eysinga, (1594 - Oentsjerk, 3 septimber 1661), wie de soan fan Aede fan Eysinga en Foeck fan Eelsma.

Frans fan Eysinga gie op jonge leeftyd yn militêre tsjinst en waard kapitein fan in Frysk rezjimint. Yn july 1620 folge hy as Frysk ealman de lykstaasje fan greve Willem Loadewyk fan Nassau. Hy naam syn ûntslach út de tsjinst en waard op 25 jannewaris 1622 grytman fan Tytsjerksteradiel en hie folmacht op de Lândei foar it kertier Eastergoa. In jier of wat letter waard er lid fan Deputearre Steaten. Hy bleau oant 1656 lid fan de Steaten fan Fryslân. Dat jier die hy ôfstân fan syn gritenij foar syn skoansoan Scipio (Sippe) Meckema fan Aylva fan Tammingaburg. Dêrnei bleau er wenjen op Eysingastate yn Oentsjerk en waard yn de doarpstsjerke fan dat plak begroeven.

Frans fan Eysinga wie op 19 desimber 1623 troud mei Hylck fan Eysinga (1603-10 maart 1652), dochter fan Tjalling fan Eysinga en fan Luts fan Dekama. Ut dat houlik kamen trije dochters, dêr't Lisck fan mei de boppeneamde grytman troude; Hylck, de jongste dochter, mei dy syn broer Tjaerd fan Aylva en de âldste, Foeck fan Eysinga, yn 1655 de frou waard fan Gemme Laes fan Burmania, houtvester en plomgreve fan Fryslân, widner fan Rinthje fan Eysinga.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, 132, 133;
  • Jierboek Nederlânske Adel III, 66, 71.