Frâns fan Eysinga (1621-1673)

Ut Wikipedy

Frans fan Eysinga, of wol Frans fan Eysinga fan Jouwsma, (Wurdum?, 23 febrewaris 1621 - Wurdum, 11 april 1673) nei syn state en ta ûnderskieding fan Frans fan Eysinga (1594), dy't ek mei in Eysinga troud wie. Soan fan Aede fan Eysinga en fan Catharina fan Eysinga.

Waard yn 1658 grytman fan Raarderhim, yn 1665 fan Ljouwerteradiel en yn 1659 folmacht op de Lândei foar it kertier Eastergoa. Hy komt fan 1659 - 1672 as lid fan de Steaten fan Fryslân foar, ûndertekene yn dat amt op 12 novimber 1664 de resolúsje ta ferkiezing fan de steedhâlder Hindrik Kasimir II en makke 18 septimber diel út fan de kommisje ta ûndersyk fan de beswieren fan de kommittearden út de stêden.

Hy hâlde syn ferbliuw op Jouwsmastate yn Wurdum en wie 14 jannewaris 1649 yn Marsum troud mei Aeltje fan Eysinga, dêr doopt op 3 novimber 1622, dochter fan Tjalling fan Eysinga en fan Eets fan Hiddema. Syn frou oerlibbe him en skonk him fjouwer bern, wêrfan Tjalling Aedo Johan Heringa fan Eysinga. In dochter, Teth Catharina Roorda fan Eysinga troude mei Idzerd fan Burmania; in oare, Eets fan Eysinga troude earst Gerrit Ernst fan Doys, dêrnei mei Nicolaas Haringa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • van Sminia, Nieuwe Naamlijst van Grietmannen, 69, 73;