Marijetsjerke (Oentsjerk)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Marijetsjerke, Wynserdyk 9

De Marijetsjerke is in tsjerke yn Oentsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel yn Fryslân.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke wie oarspronklik wijd oan Marije, de mem fan Jezus. It skip út de 13e iuw waard boud om in 12e iuwske romaanske foargonger te ferfangen. Yn de 14e iuw waard der in toer oan fêstboud dy't yn 1656 opklampe waard en in sealdak krige. De liedklok is fan 1493. De tsjerke hie twa transeptearms, mar dy binne letter wer ôfbrutsen. De fiifkante koarsluting is út de 19e iuw. De ynventaris hat in in preekstoel út 1632, makke troch Dirk Claesz, in oerkape hearebank (1641) en in stikmannich rouboerden. It oargel út 1872 is boud troch Petrus van Oeckelen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: