Troilus en Kressida
Troilus en Kressida | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Troilus and Cressida | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±1602 | |
1e publikaasje | 1609, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Troilus en Cressida | |
publikaasje | 1966, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Troilus en Kressida, yn it oarspronklike Ingelsk: Troilus and Cressida (folút eins: The Famous History of Troilus and Cressida, "De Ferneamde Skiednis fan Troilus en Kressida"), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in trageedzje dy't weromgrypt op 'e Trojaanske Oarloch sa't dy troch Homêros beskreaun waard yn syn Ilias, en ferhellet oer de tragyske leafde tusken de Trojaanske prins Troilus en de preestersdochter Kressida, wylst op 'e eftergrûn de oangeande kriich tusken de Griken en de Trojanen behannele wurdt. It stik einiget tige nearzich mei de dea fan 'e Trojaanske prins en held Hektor en de ein fan 'e leafde tusken de beide haadrolspilers. Troilus en Kressida is fier fan in tradisjonele trageedzje; it is ynstee in dreech stik, mei in toansetting dy't allegeduerigen wyld hinne en wer slacht fan skabeljeuze grapmakkerij nei swiersettige tragyk en werom. Dat hat derta laat dat lêzers en teäterbesikers gauris net krekt witte wat se mei de personaazjes oan moatte. Yn syn oanhâldende befreging fan wearden lykas maatskiplike hierargy, eare en leafde is it stik lykwols opmerklik modern. Troilus en Kressida is nei alle gedachten skreaun yn of omtrint 1602. It waard foar it earst útjûn yn 1609. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1966.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it sânde jier fan 'e Trojaanske Oarloch rekket de Trojaanske prins Troilus fereale op Kressida, de dochter fan Kalchas, in Trojaanske preester dy't oerrûn is nei de Griken. By syn stykjen nei har wurdt Troilus holpen troch Pandarus, in omke fan Kressida. Underwilens freget yn it Grykske kamp Agamemnon, de kening fan Mysene en de oanfierder fan 'e Griken, him ôf wêrom't syn ûnderhearrigen sa somber binne. De snoade Ulysses, de kening fan Itaka, fertelt him dat dat komt om't de held en foarfjochter Achilles mei syn ûnfoech hâlden en dragen it leger op 'e doele bringt. Achilles wegeret nammentlik te fjochtsjen en sit ynstee de hiele dei yn syn tinte mei syn maat Patroklus op 'e oare legeroersten ôf te jaan. As koart dêrnei in útdaging ta in twagefjocht arrivearret fan 'e Trojaanske prins en held Hektor, beslút Ulysses dat Hektor syn tsjinstanner net Achilles wêze sil, mar de koppige dwaas Ajaks, de kening fan Salamis. Dêrmei hopet er Achilles sa op it sear te kommen dat dy wer meidwaan sil oan 'e oarloch.
Yn Troaje diskusjearje ûnderwilens de soannen fan kening Priamos deroer oft it noch wol eigenskip hat en set de oarloch troch. Hektor is fan tinken dat it better wêze soe om der in ein oan te breidzjen troch Helena oan 'e Griken werom te jaan, mar hy lit him beprate troch de hertstochtlike Troilus, dy't fan gjin opjaan witte wol. Wylst dy jûns yn it Grykske kamp Tersites, de ûnearbiedige slaaf fan Ajaks, eltsenien ôfsnút dy't op syn paad komt, beävensearret Pandarus yn Troaje dat Troilus en Kressida inoar moetsje kinne om 'e leafde te bedriuwen nei't se inoar ivige trou tasein hawwe. Mar op datselde stuit fersiket de oerrûne preester Kalchas de lieders fan 'e Griken om syn dochter út te wikseljen foar in Trojaanske kriichsfinzene, dat er mei har weriene wurde sil. De Griken stimme dêryn ta, de ruil wurdt bewurkmastere, en de oare moarns arrivearret, ta ôfgriis fan Troilus, Diomedes, de soan fan 'e Grykske kening fan Argos, yn Troaje om Kressida op te heljen.
De middeis fan dy dei fynt it twagefjocht tusken Ajaks en Hektor plak, mar it duël einiget yn gelykspul. Neitiid wikselje de beide foarfjochters misledigings út, en dêrnei nimt Troilus, beskerme troch in tydlike wapenstilstân, yn it Grykske kamp diel oan it jûnsmiel. Nei iten nimt Ulysses him mei nei de tinte fan Kalchas, dêr't er der fan in sideplak ôf tsjûge fan is hoe't Kressida tastimd om 'e minneresse fan Diomedes te wurden.
De oare deis giet Hektor yn 'e oanfal, en slacht dêrby de faaie foartekens dy't syn frou, suster en heit hân hawwe, yn 'e wyn. Troilus, waans hert brutsen is troch it ferrie fan Kressida, beselskippet him. De Trojanen driuwe de Griken werom nei harren tintekamp, en dêrby komt Patroklus om. Dat bringt in wraaksuchtige Achilles derta om him einlings wer yn 'e striid te stoarten. Hy kin Hektor yn in earlik gefjocht net oer, mar letter komt er de Trojaanske prins oer it mad as dy ûnbewapene is, en slacht him dan dea, holpen troch in stikmannich oare Grykske krigers. Dêrop sleept Achilles it lichem fan Hektor oan syn striidwein om 'e muorren fan Troaje hinne, en it toanielstik einiget as de Trojanen har weromlûke yn har stêd om harren fallene held te beroujen.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troilus and Cressida waard yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma, ûnder de titel Troilus en Cressida. Yn 1966 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VI, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare trageedzjes, lykas Hamlet, Romeo en Julia en Julius Caesar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |