Springe nei ynhâld

Zwijndrecht (Nederlân)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Swyndert (Nederlân))
Zwijndrecht
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Haadplak Zwijndrecht
Oerflak 22,77 km² [1]
  •  dêrfan lân 20,31 km²
  •  dêrfan wetter 2,47 km²
Ynwennertal 44.789 (01-01-2022)[1]
Befolkingstichtens 2.205 ynw./km²
Sitferdieling gemeenteried

Perioade 2022—2026 (27 sitten):[2]

Algemeen Belang Zwijndrecht CU + + SGP VVD CDA GL Z'drechtse Plus Partij PvdA D66
10 4 3 3 2 2 2 1
Kolleezje fan B&W ABZ, CU-SGP, VVD + D66 (18 sitten)[3]
Boargemaster Edo Haan (PvdA)
Netnûmer(s) 078
Postkoade(s) 2995–3336 [1]
www.zwijndrecht.nl
Loftfoto
Herfoarme Pietermantsjerke
Betheltsjerke yn Zwjndrecht
Riedhûs
Keunstwurk ""Drie Koningen"" (Trije keningen)

Zwijndrecht is in plak en gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. Yn 2022 hat de gemeente neffens it CBS likernôch 45.000 ynwenners.

Sûnt 2003 is de eardere gemeente Heerjansdam part fan de gemeente Zwijndrecht. It doarp Heerjansdam hat 3.800 ynwenners (2021) en it doarp Zwijndrecht 40.840 ynwenners (2021). De gemeente wurket gear mei inkele buorgemeenten yn it regioferbân Drechtstêden.

De iere skiednis fan Zwijndrecht is besibbe mei dy fan de Zwijndrechtske Waard. De namme Suindrecht foar it gebiet fand e Waard komt foar it earst foar yn 1006 yn in brief fan biskop Ansfryd fan Utert dy't lânguod skinkt oan in kleaster by Amersfoart. Dy skinking befette de tsjerke fan Zwijndrecht. Dy skinking waard yn in akte út 1028 befêstige, dat dus oanjout dat it gebiet yn dy snuorje al bewenne wie. Zwijndrecht hat yn de fyftjinde iuw bloeid as wichtige lokaasje foar it sâltwinnen. Yn de santjinde iuw krige it plak it karakter fan in túnkersdoarp en yn de rin fan de njoggentjinde iuw naam de yndustry ta.

De namme Zwijndrecht is in gearfoeging fan it Westfrankyske wurd 'suin' (swin, swyn) en it wurd 'drecht' dat net fan it Latynske trajectum ôflaat is, mar fan it Westnederfrankyske 'drift fan de rivier'. Swin komt fan 'swinen' en kin oersetten wurde as it weirinnen fan wetter of as it ôfnimmen fan djipte by eb. Drecht betsjut oerstekplak, oerhaal of fear. Zwijndrecht betsjut dus einlik ‘tijgeul dêr’t oerstutsen wurde kin'. Dy útlis docht fermoeden dat Zwijndrecht earder by leech wetter oan Doardt fêst siet, by leech wetter wiene beide delsettings skaat. In sitewaasje dy’t fan foar de 12e iuw wêze soe. Dy sitewaasje soe bestien hawwe oat de Sint-Elisabethsfloed yn 1421. De lyksaneamde Flaamske gemeente Zwijndrecht hat deselde lizzing fandatoangeande mei Antwerpen.

De namme Zwijndrecht gou earst foar de heule Zwijndrechtse Waard, dy’t begrinze waard troch de rivieren de Pelster, de Noard, de Alde Maas en it Waaltsje, tusken Heerjansdam en Oostendam. Bewenners fan dat gebiet moatte al yn de hege midsiuwen (900 - 1300) harren lân foar in part bedike ha, as beskerming tsjin de mannichfâldige oerstreamings.

Ambachtshearlikheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1322 waard it gebiet troffen troch in swiere stoarm dêr't in soad minsken by om it libbe kamen. Dat wie foar greve Willem III fan Hollân oanlieding en meitsje plannen en bedykje it gebiet. Yn in oarkonde fan 1331 makke er buorkundich da dyjingen dy't in part fan de Zwijndrechtske Waard bediken, ambachtshear fan dat part fan de Waard wurde mochten. Troch dy oarkonde ûntstiene der ambachtshearlikheden, dy't neamd waarden nei harren dykhear, lykas Schobbelands Ambacht, Heer Oudelands Ambacht, Groote en Kleine Lindt, Heerjansdam (eartiids Heeren Heynen Ambacht of Heren Heyenland), Kijfhoek, Meerdervoort, Sandelingenambacht en Alewijns Ambacht.

Yn it tiidrek nei it bedykjen, boude Willem van Duivenvoorde syn kastiel Develstein en waarden, nei 1337 yn de ferskate ambachten wenmienskippen stifte. Ynwenners fan Rijsoord bouden as earste in tsjerke, en om 1395 hinne folgen Heerjansdam, Hendrik-Ido-Ambacht, Kijfhoek en Heer Oudelands Ambacht. Letter kaam der ek de tsjerke fan Schobbelands Ambacht by, wylst yn Kleine Lindt gjin tsjerke stie.

Lettere ûntjouwings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 1 novimber 1872 waard it spoar fan Breda nei Rotterdam oanlein en krige Zwijndrecht en stasjon oan dy line. Earder waard al it ferfier oer wetter dien.

Troch de iuwen hinne bestie de befolking fan de Zwijndrechtske Waard, foar it bedykjen fan de fiskerij, en dêrnei fan de lânbou en túnkerij. Fan 1850 ôf beane de túnkers harren produkten oan op merken, en yn d eiere tweintichste iuw ferkochten se harren produkten op de Griente- en Fruitfeiling Zwijndrecht en Omkriten. Om dyselde tiid hinne fêstigen der ferskate konservefabriken yn Zwijndrecht en eksportearren ferskate eksportbedriuwen grienten en fruit nei Dútsklân en Ingelân, nei 1872 mei de trein, boat en frachtwein.

Ek waard foar in skoft ynkommen fertsjinne troch it tarieden fan sâlt. Yn 1590 joech de dykgreve fan de heechhiemrieden in earste fergunning foar it oprjochtsjen fan in sâltsiederij. Yn de santjinde en achttjinde iuw wiene der goed fjirtich sâltsiederijen. Nei it finen fan sâlt yn Twinte rûn it sâltwinnen yn Zwijndrecht tebek. Yn 1958 waard de lâste sâltsiederij yn Zwijndrecht sloopt.

Healwei de njoggentjinde iuw kamen de earste yndustryen yn Zwijndrecht, lykas in finsterglêsfabryk, glêsblazerij, brouwerij en sûkelarjefabryk. Om 1900 hinne kamen gruttere produksjebedriuwen lykas in rystpellerij en gemyske fabriken. Yn de tweintichste iuw yndustrialisearre Zijndrecht stadichoan.

De ferskate wenmienskippen, dy't ûnder it bestjoer stiene fan ambachtshearen en erfgenamten, krigen yn 1833 i offisjele gemeentlike status. Yn de twadde helte fan d enjoggentjinde iuw ferienen fiif ambachten harren ta Zwijndrecht sa't dy oant 2002 bestie. Yn 1855 kaam Meerdervoort by Zwijndrecht en waard Groote Lindt, dy't sels yn 1857 Heer Oudelands Ambacht en Kijfhoek anneksearre hie, yn 1881 by Zwijndrecht tafoege. Op 1 jannewaris 2003 kaam ek heerjansdam by de gemeente Zwijndrecht.

Zwijndrecht leit yn de Zwijndrechter Waard (in diel fan it eilân Iselmûn) en grinzget oan de gemeenten Ridderkerk, Hendrik-Ido-Ambacht, Papendrecht, Doardt, Hoekske Waard en Barendrecht, en oan de rivieren de Noard, de Alde Maas en it Waaltsje. It bekende 'Trijerivierepunt', it drokst befarde punt fan Nederlân, leit by Zwijndrecht. De rivieren Noard, Alde Maas en Beneden-Merwede komme dêr byinoar.

Wiken en kearnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Zwijndrecht besiet út de offisjele kearnen Zwijndrecht en Heerjansdam. Fierder bestiet de gemeente út de buorskippen : Achter-Lindt, Kleine-Lindt, Kijfhoek, Groote Lindt.

Wiken yn Zwijndrecht binne:

  • Noard
  • Walburg
  • Sintrum
  • Heer Oudelands Ambacht (ook wel Oudeland)
  • Nederhoven
  • Kort Ambacht

Ferkear en ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zwijndrecht leit oan de A16 fan Rotterdam nei Doardt en Breda, dy't troch de Drechttunel rint. De ôfslaggen 22 "Zwijndrecht" en 23 "Hendrik-Ido-Ambacht" berikke Zwijndrecht fan dy autodyk ôf. Fierders is Zwijndrecht mei de Stedsbrêge Zwijndrecht oer de Alde Maas hinne ferbûn mei Doardt.

Zwijndrecht leit oan it spoar fan Breda nei Rotterdam en wurdt betsjinne troch Stasjon Zwijndrecht. By Zwijndrecht is it grutste rangearplak fan Jeropa.

Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsûntwikkeling sûnt 1996:[1]

Jier Ynwenners
2022 44.789
2015 44.501
2005 45.209
1996 42.348

Boargemasters sûnt 1877:[4]

Namme Partij Perioade Bysûnderheden
Pieter Johannes Albertus
de Bruïne
1877–1917
Petrus Doorn ARP 1917–1928
Jan Jansen Manenschijn ARP 1929–1942
Abraham Aeckerlin NSB 1942–1945
Jan Jansen Manenschijn ARP 1945–1946
Cornelis Slobbe ARP 1947–1967
Hendrik Herman Douma ARP 1967–1976
Cees Pijl Hogeweg ARP, CDA 1976–1991
Dick Corporaal CDA 1991–2001
Antoin Scholten VVD 2002–2012
Maria Wiebosch-Steeman GL 2012–2013 waarnimmend
Dominic Schrijer PvdA 2013–2019
Robert Strijk D66 2019 waarnimmend
Hein van der Loo (CDA) 2019–2023
Edo Haan PvdA 2023–no waarnimmend

De gemeenteried sûnt 1990:[5]

Sitten
Partij 1990 1994 1998 2002 2006 2010 2014 2018 2022 [2]
Algemeen Belang Zwijndrecht (ABZ) 3 5 5 8 10
CU ² -SGP 3 3 4 4 4 4 5 5 4
VVD 4 4 6 4 4 5 4 3 3
CDA 9 7 6 8 6 4 4 3 3
GL 1 1 2 2 2 2 1 1 2
Zwijndrechtse Plus Partij (ZPP) 2 2 2
PvdA 6 5 7 6 9 4 3 2 2
D66 4 5 2 2 1 3 3 2 1
SP 1
LPF 3
CD 2
Totaal 27 27 27 29 29 27 27 27 27
Opkomst 58,6% 64,9% 58,4% 51,2% 55,6% 48,7% 49,6% 47,8% 43,0%

¹ 1990-1998: CU = GPV + RPF

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 AlleCijfers
  2. 2,0 2,1 Kiesraad
  3. Burgemeester en wethouders
  4. Geni
  5. NLverkiezingen
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
· · Berjocht bewurkje