Springe nei ynhâld

Hendrik Herman Douma

Ut Wikipedy

Hendrik Herman Douma (Skettens, 25 maaie 1911Spanje, 29 febrewaris 1996) wie in Nederlânsk politikus fan de ARP.

Hy wie in soan fan ds. Jan Douma (1881-1945) en Reintje Sijtsma (1887-1974). Hy hat rjochten studearre oan de Frije Universiteit Amsterdam en waard ier yn 1938 folontêr bij de gemeentesekretary fan Ljouwerteradiel. Ein 1939 waard er beneamd ta tydlik amtner by de gemeentesekretary fan Flissingen en letter wurke er by de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân. By dy lêste gemeente wie er kommys foar't er yn maaie 1946 beneamd waard ta boargemaster fan Andyk. Yn 1954 folge syn beneaming ta boargemaster fan Barendrecht. Dêrneist wie er lid fan de Provinsjale Steaten fan Súd-Hollân. Yn 1967 waard Douma de boargemaster fan Zwijndrecht.

Yn juny 1976 gyng er mei pensjoen en yn 1996 stoar er yn de âldens fan 84 jier.