Sutfen (gemeente)
Sutfen Zutphen | |
---|---|
Stedh☼s fan Sutfen | |
flagge | wapen |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Gelderlân |
boargemaster | Wimar Jaeger (D666) |
sifers en geografy | |
haadplak | Sutfen |
grutste plak | Sutfen |
ynwennertal | 48.754 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 1185 /km² |
oerflak | 42,93 km² |
● wêrfan lân | 40,95 km² |
● wêrfan wetter | 1,98 km² |
tal stêden | 1 |
tal doarpen | 2 |
ferkearsieren | N314, N319, N345, N346, N348, N826 Steatsline A, Steatsline D |
skiednis | |
oprjochte | 2005 |
foar 2005 | Sutfen Warnsveld |
oar | |
netnûmer | 0575 |
postkoade | 7200-7207, 7230-7232 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | www.zutphen.nl |
- Dizze side giet oer de gemeente Sutfen. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sutfen (betsjuttingsside).
Sutfen (Nederlânsk en offisjeel: Zutphen) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. De haadstêd is de stêd Sutfen. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 48.754 ynwenners (boarne: CBS) op in oerflak fan 42,93 km².
Mei yngong fan 1 jannewaris 2005 fusearre de gemeente Warnsveld mei de gemeente Sutfen. Sût 2001 foarmet Sutfen mank mei de Gelderske gemeenten Apeldoarn, Brummen, Epe, Lochem en Voorst en de Oeriselske geme ente Dimter it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke of Cleantech-regio. Dat regionale gearwurkingsferbân hat as doel yn 2030 enerzjyneutraal te wêzen en ûntwikkelet meiïnoar oparbeidzjend belied op fysyk (romtlike oardering, wenjen, ferkear ensfth), ekonomysk en sosjaal mêd.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente leit yn it noardeasten fan de provinsje Gelderlân en is part fan it gearwurkingsferbân Stêdetrijehoeke dêr't sân Gelderske en ien Oeriselske gemeente yn meiwurkje, neamd nei de trije stêden Apeldoarn, Dimter en Sutfen. De gemeente grinzget oan de gemeenten Lochem, Bronckhorst, Brummen en Voorst.
Yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Sutfen hat de yndieling fan de stêd yn wiken feroare troch wijen gear te foegjen en oare nammen te jaan. Sa is de wyk Noordveen ûntstien wêrûnder de gânse noardlike stêd dêr't ûnder oaren it Deventerwegkwartier en Voorsteralleekwartier falle. Tusken it sintrum en it dorp De Hoven streamt de rivier de Isel;
- Hjoeddeistige wykyndieling
- Doarpskearnen
- Warnsveld, eardere selsstannige gemeente, sûnt 1 jannewaris 2005 part fan de gemeente Sutfen, likernôch 9.000 ynwenners.
- Buorskippen
- De Hoven, doarp oan de westkant fan de Isel
- Bronsbergen, buorskip súdlik fan Sutfen op in rivierdunekompleks oan de Isel
- Warken, buorskip eastlik fan it doarp Warnsveld
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gelderlân | |
---|---|
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar | |
· · |